Ayman al-Zawahiri
Ayman Mohammed Rabie al-Zawahiri (Maadi, 19 juny 1951 – Kabul, 31 july 2022) wie in Egyptysk sjirurch en ideolooch fan al-Kaida, de terreurorganisaasje dy't him tsjin westerske en pro-westerske lannen rjochte. Sûnt 1 maaie 2011 waard er as de opfolger fan Osama bin Laden beskôge. De Feriene Steaten beskôgen him as meiferantwurdlik foar de oanslaggen fan 11 septimber 2001 op it WTC yn New York en it Pentagon yn Washington, D.C. en setten in beleanning fan 25 miljoen dollar op syn holle. Yn 2022 waard er by in Amerikaanske drone-oanfal op syn ferbliuwplak yn Afganistan fermoarde.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |