Victor Steeman (Zevenaar, 15 juny 2000 - Faro, 11 oktober 2022) wie in Nederlânsk motorkoereur. Steeman makke yn 2016 syn debút yn de FIM MotoGP Rookies Cup. Yn 2018 stapte hy oer op de Supersport 300 World Championship. Yn 2020 ried er yn de Dútske IDM-kampioenschap, Yn 2021 kaam er werom nei it Supersport 300 World Championship. Yn it seizoen 2022 wûn er fjouwer wedstriden, Assen, Most, Magny-Cours en Barselona. Yn it lêste wykein op Portimão hie hy noch kâns om wrâldkampioen te wurden. Yn de earste wedstriid op 8 oktober 2022 rekke Steeman belutsen by in swier ûngelok. Hy kaam betiid yn de wedstriid te fallen, wêrnei't er oanriden waard troch José Luis Pérez González, dy't krekt efter him ried. Hy waard mei in helikopter nei it sikehûs yn Faro brocht, dêr die bliken dat er slimme ferwûningen oan 'e harsens oprûn hie. Nei ôfrin fan it wedstriid wykein die bliken dat er efter Álvaro Díaz dochs noch twadde wurden wie yn it kampioenskip mei 180 punten.

Victor Steeman
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Victor Steeman
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 juny 2000
berteplak Zevenaar
stjerdatum 11 oktober 2022
stjerplak Faro flagge fan Portegal
sportive ynformaasje
sport Motorsport
debút 2016
karriêre-ein 2022
wichtige prestaasjes
Supersport 300 World Championship
4 oerwinningen yn it seizoen 2022

Victor Steeman ferstoar op 11 oktober 2022 yn 'e âldens fan 22 jier oan syn ferwûnings[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: