Anne Bishop
Anne Bishop (1950) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen fan it fantasysjenre. Hja is fral bekend wurden mei har Black Jewels-rige, mar hat ek de Tir Alainn-trilogy, de Landscapes of Ephemera-searje en de The Others-rige skreaun.
Anne Bishop | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anne Bishop | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1950 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy | |
bekendste wurk(en) |
Black Jewels-rige Tir Alainn-trilogy The Others-rige | |
útjouwer | Roc Books | |
prizen | Crawford Award 2000 | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
www.annebishop.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBishop waard yn 1950 berne, en wennet yn it noarden fan 'e steat New York. Hja sette yn 'e njoggentiger jierren mei har karriêre as fantasyskriuwster útein, doe't se koarte ferhalen begûn te skriuwen. It earste dêrfan waard yn 1995 publisearre yn 'e blomlêzing Ruby Slippers, Golden Tears. Har earste roman, Daughter of the Blood, kaam yn maart 1998 út.
Dat wie mei-iens ek it earste diel fan Bishop har bekroande Black Jewels-rige, oer in wrâld wêryn't machtige kriichshearen ta slaaf makke binne troch heksen, en dêr't in famke har nei in jonkheid fol geastlike mishanneling en seksueel misbrûk ûnder de fâdij fan 'e hege hear fan 'e hel ûntpopt ta de machtichste heks fan allegear. Daughter of the Blood wie it earste diel fan in trilogy, dy't fierder gie mei Heir to the Shadows (1999) en einige mei Queen of the Darkness (2000). Foar dizze trije boeken wûn Bishop yn 2000 de IAFA William L. Crawford Fantasy Award foar it bêste romandebút yn it fantasysjenre fan dat jier. Yn 2003 kaam der fan dizze trilogy in omnibusedysje op 'e merk.
Yn 2000 ferskynde ek Bishop har fjirde roman, The Invisible Ring, dat in prequel fan 'e Black Jewels-trilogy is, mei oare personaazjes yn 'e haadrol, al dûke guon figueren út 'e Black Jewels-trilogy noch eefkes op foar in kameoroltsje. Neitiid skreau Bishop oer de haadpersoanen fan 'e Black Jewels-trilogy noch twa ferhalebondels mei elk fjouwer koarte ferhalen (of koarte novellen), Dreams Made Flesh (2005) en Twilight's Dawn (2011), en dêropta de roman Tangled Webs (2008). Ferskate fan 'e koarte ferhalen hiene Surreal as haadpersoan, in prostituee anneks hiermoardneresse, dy't in byrol ferfolle yn 'e oarspronklike trilogy, mar har letter ta ien fan 'e populêrste personaazjes fan 'e Black Jewels-wrâld ûntjoech. Fierders spilet ek de duology The Shadow Queen (2009) en Shalador's Lady (2010) yn deselde wrâld, al spylje dêryn wer oare personaazjes de haadrol, wêrby't dy beide boeken mear oanslute op The Invisible Ring.
Njonken de Black Jewels-rige skreau Bishop ek de Tir Alainn-trilogy, besteande út 'e boeken The Pillars of the World (2001), Shadows and Light (2002) en The House of Gaian (2003), oer in wrâld dêr't de heksen, dy't de hoeders fan 'e natoer en de hillige plakken binne, bleat komme te stean oan in skriklike ferfolging, wylst de boppenatuerlike Fae miene dat soks har net rekket en de oare kant út sjogge. Te let beseffe se dat sûnder de soarch fan 'e heksen de paden tusken harren wenten stadichoan weiwurde, sadat se isolearre reitsje en kwetsber wurde foar oanfallen troch de oanhingers fan 'e master-ynkwisiteur, dy't de hiele hekseferfoling oanstifte hat. Dyselde wol net allinnich alle heksen, mar ek de Fae en elts spoar fan froulike macht yn 'e wrâld útrûgje, wêrby't er úteinlik in wiffe koälysje besteande út 'e baronnen fan Sylvalan, de heksen en de Fae op syn paad fynt. Hja binne lykwols net sterkernôch om syn leger tsjin te hâlden, en moatte om help freegje by it Hûs fan Gaian, wêrfan't de leden as klúzners yn 'e Memmeheuvels libje: heksen dy't sa machtich binne, dat se wrâld skeppe en ferdylgje kinne.
Noch twa oare searjes ferskynden fan 'e hân fan Anne Bishop. De Landscapes of Ephemera-rige, wêrfan't it earste diel yn 2006 útkaam, giet oer in wrâld dy't yn in fier ferline by in freeslike ramp yn fragminten brutsen is. Al dy fragminten wurde no mei-inoar ferbûn troch brêgen, en elts fragmint hat syn eigen karakter en bewenners. Yn 2013 sette Bishop mei de roman Written in Red útein mei de searje The Others, oer in wrâld dêr't de minske net oan 'e top fan 'e itenskeatling stiet, mar "de Oaren" boppe him hat. Dat binne wêzens dy't fan foarm feroarje kinne, en noris in minsklik stal oannimme, en dan wer weromkeare nei har eigen foarm, as wolf, bear, krie, hauk, ensfh. De saneamde bloedprofetessen binne minsklike froulju dy't profesijen útsprekke as se bliede, en sokken wurde yn dy wrâld troch oare minsken finzen holden en misbrûkt foar jildlik gewin. Oant ien fan harren, Meg Corbyn, wit te ûntkommen en har heil siket by de Oaren, wêrmei't se in proses fan feroaring yn gong set dat nimmen foarsjen kinnen hie.
Bishop har skriuwstyl wurdt omskreaun as net literêr, faak seksueel eksplisyt en altyd ûnderhâldend. De wrâlden dy't hja optinkt binne plakken dêr't in elk (úteinlik) syn master thús fynt en kweadoggers nea har rjochtlike straf ûntrinne. It is Bishop har fertsjinste dat de lêzer, dy't soks gauris al fier yn 't foar oankommen sjen kin, altyd mei nocht dêropta lêst.
Wurk
bewurkje seksjeSearjes
bewurkje seksje- Black Jewels
- oarspronklike Black Jewels-trilogy
- 1998 – Daughter of the Blood
- 1999 – Heir to the Shadows
- 2000 – Queen of the Darkness
- 2000 – The Invisible Ring (prequel fan 'e oarspronklike Black Jewels-trilogy)
- 2000 – By the Time the Witchblood Blooms (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Treachery and Treason; yn 2008 as taheakke tafoege oan Tangled Webs)
- 2004 – The Price (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Powers of Detection: Tales of Mystery and Fantasy)
- 2005 – Dreams Made Flesh (ferhalebondel)
- Weaver of Dreams
- The Prince of Ebon Rih
- Zuulaman
- Kaeleer's Heart
- 2008 – Tangled Webs (ynkl. as taheakke it koarte ferhaal By the Time the Witchblood Blooms)
- Shalador-duology
- 2009 – The Shadow Queen
- 2010 – Shalador's Lady
- 2011 – Twilight's Dawn (ferhalebondel)
- Winsol Gifts
- Shades of Honor
- Family
- The High Lord's Daughter
- The Queen's-trilogy
- 2020 – The Queen's Bargain
- 2021 – The Queen's Weapons
- 2023 – The Queen's Price
- oarspronklike Black Jewels-trilogy
- de Tir Alainn-trilogy
- 2001 – The Pillars of the World
- 2002 – Shadows and Light
- 2003 – The House of Gaian
- de Landscapes of Ephemera-rige
- 2006 – Sebastian
- 2007 – Belladonna
- 2012 – The Voice (novelle)
- 2012 – Bridge of Dreams
- de The Others-rige
- 2013 – Written in Red
- Nederlânske oersetting: Rode Letters (fert. Willeke Lempens, 2015)
- 2014 – Murder of Crows
- 2015 – Vision in Silver
- 2016 – Marked in Flesh
- 2017 – Etched in Bone
- 2013 – Written in Red
- romans dy't spylje yn de wrâld fan The Others
- 2018 – Lake Silence
- 2019 – Wild Country
- 2022 – Crowbones
- op harsels steande boeken
- 2024 – The Lady in Glass and Other Stories (ferhalebondel)
Koarte fiksje
bewurkje seksje- 1995 – Match Girl (yn 'e blomlêzing Ruby Slippers, Golden Tears)
- 1998 – Rapunzel (yn 'e blomlêzing Black Swan, White Raven)
- 1999 – The Wild Heart (yn 'e blomlêzing Silver Birch, Blood Moon)
- 1999 – Tunnel (yn 'e blomlêzing Horrors! 365 Scary Stories)
- 2002 – A Strand in the Web (yn Orbiter)
- 2000 – By the Time the Witchblood Blooms (yn 'e blomlêzing Treachery and Treason; werpublisearre as taheakke by de roman Tangled Webs, yn 2008)
- 2003 – Summer in Mossy Creek
- 2004 – The Price (yn 'e blomlêzing Powers of Detection: Tales of Mystery and Fantasy)
- 2008 – Stands a God Within the Shadows (yn 'e blomlêzing Imaginary Friends)
- 2022 – The Dark Ship (yn 'e blomlêzing Heroic Hearts; ûnderdiel fan The Others)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2000 | IAFA William L. Crawford Fantasy Award | wûn | bêste Ingelsktalige romandebút op it mêd fan fantasy | Black Jewels-trilogy (Daughter of the Blood, Heir to the Shadows en Queen of the Darkness) |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |