Wild Country (roman)

Wild Country is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut "Wyld Lân" of "Wyldernis". It boek fertelt it ferhaal fan Bennett, in plak op de flakten fan it Midwesten fan it kontinint Thaisia, dat op 'e nij befolke wurde moat nei't de (har misdragende) oarspronklike bewenners útrûge binne troch de Oaren, de lânseigen befolking fan Thaisia. Wild Country is in op himsels steande roman, dy't lykwols spilet yn deselde wrâld as Bishop har romansearje The Others. De foarfallen yn Wild Country oerlaapje guon fan 'e foarfallen beskreaun yn 'e roman Etched in Bone, mar wurde no út in oar gesichtspunt wei ferteld. It boek is skreaun yn it personele perspektyf. It waard yn 2019 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Wild Country
algemiene gegevens
auteur Anne Bishop
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2019, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
kodearring
ISBN 978-0 39 95 87 276

Bennett is in lyts stedsje yn 'e Midwestlike Regio fan it kontinint Thaisia, dêr't de tsjinst útmakke wurdt troch 'de Oaren', of de terra indigene, sa't se harsels neame: stalferwikselders, fampieren en ierdgeasten fan ûnbidige macht, dy't de lettere minsklike kolonisten as ynkringers sjogge en harren inkeld dulde. (Sjoch hjirre foar in yngeandere beskriuwing fan dizze sitewaasje.) De oarspronklike minsklike bewenners fan Bennett binne inkele moannen lyn ombrocht, nei't se har yn it ramt fan 'e opstân fan 'e rasistyske Minsken Earst en Lêst-beweging tsjin de Oaren keard hiene en de pleatslike ridel Wolven (staferwikselders dy't de foarm fan in wolf oannimme kinne) útmoarde hiene (sjoch: Marked in Flesh). Mar Bennett ferfollet in wichtige funksje, mei't it op it krúspunt fan twa spoarlinen en in trochgeande autodyk leit. Sadwaande hawwe de Oaren besletten om op 'e nij minsken yn it stedsje ta te litten. It pleatslik bestjoer sille se fan no ôf oan lykwols stevich yn eigen hannen hâlde.

Sadwaande is de nije boargemaster Tolya Sanguinati, in fampier, wylst de nije sheriff in Wolf is, mei de namme Virgil Wolfgard. Tolya komt út it easten, dêr't er hast syn hiele libben yn 'e grutte stêd Toland libbe hat; foar him is it wennen om yn sa'n lyts plak as Bennett ta te hâlden. Virgil libbet al syn libben lang op 'e Grutte Flakten, mar syn hiele ridel, frou en bern ynbegrepen, binne by de opstân fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging fermoarde, dat hy hatet minsken en hat de funksje fan sheriff yn Bennett inkeld op him nommen om't dat fan him frege waard en om't er fierders gjin doel mear hat yn it libben. Ferskate oare terra indigene hawwe har yn Bennett fêstige, wêrûnder Virgil syn broer Kane, de Wolf John Wolfgard, dy't út 'e eastlike stêd Lakeside komt, en fierders in Poema en ferskate Koyotes, Earnen, Hauken en Ravens. Der is ek in Risper, dy't harsels Scythe neamd, dy't har yn Bennet nei wenjen set en dêr de pleatslike saloon weriepenet.

It doarp Prairie Gold, deunby Bennett, wurdt bewenne troch saneamde 'Yntuïten' (minsken mei in ferhege yntuysje, dy't geregeldwei in goed of min foargefoel earne oer hawwe, en har dêr sterk troch liede litte). Sokke lju wenje al sûnt minskewitten yn lytse mienskippen ûnder it bestjoer fan 'e Oaren yn it wyldlân, dêr't se hinne flechte binne foar ferfolging troch 'normale' minsken. De liedster fan it doarp is Jesse Walker, dy't ûnder de opstân fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging de pups fan 'e Wolveridel fan Prairie Gold rêden hat en dêrmei in beskate ynfloed mank de Oaren wûn hat. Sy riedt Tolya Sanguinati oan om wer minsklike bewenners yn Bennett ta te litten as de Oaren de fasiliteiten yn it stedsje geande hâlde wolle. Se drukt him lykwols op it hert dat sokke nijynkommelingen yn 't foar goed screend wurde moatte, sadat ferkeardelingen bûtendoar holden wurde kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 't earstoan komme op 'e werkolonisaasje fan Bennett benammen Yntuïten út oare dielen fan Thaisia ôf, en ek lju út saneamde Simpel Libben-mienskippen, dy't besteane út 'gewoane' minsken dy't alle moderne útfinings ôfwize en noch libje sa't se dat iuwen lyn ek diene. Dêropta sykje Simon Wolfgard en syn kontakten yn Lakeside foar Tolya ferskate minsken út foar spesifike funksjes yn Bennett. Ien dêrfan is Barb Debany, in bistedokter, en in oarenien is Jana Paniccia, dy't helpsheriff wurdt ûnder Virgil Wolfgard. Virgil en Jana kinne fan it begjin ôf oan min mei-inoar, mei't de Wolf hearrigens easket fan in leger pleatst lid fan syn ridel (sa't er Jana sjocht), wylst Jana in probleem mei autoriteit hat en har baas oanhâldend bewust of ûnbewust útdaget. In oarenien dy't him yn Bennett fêstiget, is Kelley Burch, de juwelier fan Prairie Gold. Hy nimt syn frou Abby mei. Wat nimmen wit, is dat Abby eins al jierren op 'e flecht is foar har famylje, de gefaarlike Blackstone-clan, dy't bestiet út oplichters en moardners.

As bekend wurdt dat Bennett werkolonisearre wurdt, swaarmet alderhanne slach folk op it plak ôf. Under harren binne lju dy't oprjocht in nij libben opbouwe wolle yn in nij wenplak, mar ek wetteleaze figueren dy't in kâns sjogge om har slach te slaan. Sokken wurde der almeast op it stasjon út suvere en daliks wer op 'e trein set. Fierders arrivearret der in húshâlding besteande út in homopear mei ferskate pleechbern, ûnder wa in lyts famke dat in bloedprofetesse blykt te wêzen. En úteinlik, nei in soad omdoarmings, bedarret ek de Blackstone-clan yn Bennett. Parlan Blackstone, Abby har heit, dy't de lieder fan 'e famylje is, sjocht daliks hokker mooglikheden oft it stedsje him biede kin, en fettet it plan op om it bestjoer oer Bennett oer te nimmen fan 'e Oaren, mei himsels as boargemaster en syn rjochterhân Judd McCall as sheriff.

Blackstone sammelet behalven syn eigen clan in grut tal lyksinnigen om him hinne: dieven, moardners en misdiedigers fan alderhanne soarte. Dan daget er Tolya Sanguinati út ta in gefjocht om 'e macht yn Bennett. Yn it sintrum fan it stedsje geane de fampieren, Wolven, de Risper Scythe, Saul Poemagard en oare terra indigene in striid op libben en dea oan mei Blackstone-en-dy. Underwilens hat Dalton Blackstone, Parlan syn soan, ûntdutsen dat syn útnaaide suster Abby har yn Bennett beskûl hâldt. Hy siket har op om wraak te nimmen, mei't se Tolya Sanguinati en Virgil Wolfgard ynformaasje oer de Blackstone-clan trochdien hat. Mei't Abby rjocht foar de húshâlding mei de jonge bloedprofetesse oer wennet, dy't bewekke wurdt troch Kane Wolfgard, rint dat út op in gefjocht wêrby't net inkeld Abby omkomt, mar ek Kane en Dalton sels, wylst Barb Debaney, in oare buorfrou fan Abby, troch in ferdwaalde kûgel libbensgefaarlik ferwûne rekket.

Underwilens drige Tolya en Virgil-en-dy de slach te ferliezen tsjin 'e oermacht dy't Parlan Blackstone tsjin harren op 'e foet brocht hat. Dat dat ûnheil ôfkeard wurdt, is te tankjen oan Jesse Walker en har soan Tobias, dy't de elemintêre ierdgeasten fan lucht en fjoer om help freegje, en oan helpsheriff Jana Paniccia, dy't de nammeleaze âldste foarmen fan de Oaren útdaget en harren dêrmei yn it gefjocht belûkt. Jana rêdt it libben fan Virgil troch in trewant fan Blackstone del te sjitten krekt ear't dy de sheriff deasjitte soe, mar wurdt dan sels delsketten troch Judd McCall. As dy har it genedeskot jaan wol, riist efter him lykwols yn al syn ferskrikking in âldste fan 'e Oaren op, dy't McCall útinoar skuort. Foar't de âldste ek Jana ferskuorre kin, postearret Virgil him oer har bewusteleaze lichem hinne en grânzget oant it de âldste dúdlik wurdt dat Jana diel útmakket fan Virgil syn ridel. Tsjin dy tiid is it gefjocht oer. Parlan Blackstone is it slachtoffer wurden fan Scythe, en draait dêrmei in raar gat yn. Al syn trewanten binne dea. Neitiid betterje Barb en Jana yn 'e pleatslike klinyk stadichoan wer op. De gearwurking tusken Oaren en minsken yn Bennett hat troch de oanfal fan Blackstone-en-dy in knau krigen, mar is aldergeloks net ûnherstelber skansearre rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Others (romansearje)
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone
spyljend yn deselde wrâld as The Others
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship*
* koart ferhaal