Hillich plak
(Trochferwiisd fan Hillige plakken)
In hillich plak is in plak dat troch de oanhingers fan in beskate godstsjinst as hillich beskôge wurdt. Faak giet it dêrby om in plak dêr't in god of hillige ferskynd is of dêr't in hillige begroeven leit. Yn eltse religy binne der wol plakken dy't in hillige status hawwe. Faak binne der op sokke plakken hillichdommen boud. Yn in soad godstsjinsten komt fierders it ferskynsel foar dat pylgers op beafeart geane nei hillige plakken. Yn 'e islaam, bygelyks, wurdt yn begjinsel fan eltse leauwende ferwachte dat hy of sy ienris yn syn of har libben de hadj makket, in beafeart nei Mekka.
Foarbylden fan hillige plakken binne:
- bahaïsme: it Hillichdom fan Bahá'u'lláh yn Akre (Israel) en it Hillichdom fan de Báb yn Haifa
- boedisme: û.m. Bodh Gaya, Kushinagar en Sarnath, yn Yndia, en Lumbini, yn Nepal
- druïdisme: Stonehenge
- hindoeïsme: û.m. de stêden Allahabad, Haridwar, Ujjain en Nashik en de rivier de Ganges
- islaam: Mekka (spesifyk de Kaäba), Medina en Jeruzalim (spesifyk de Al-Aksamoskee)
- joadendom: Jeruzalim (en dêrbinnen spesifyk de Kleimuorre)
- kristendom: û.m. Jeruzalim (en dêrbinnen spesifyk û.m. de Bertetsjerke, de Berch Sion en de Hôf fan Getsémané), Nazaret, Betlehim
- sikhisme: de Sri Harmandir Sahib, oftewol de Goudene Timpel fan Amritsar
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |