Hein van Nievelt (Batavia, 2 july 19425 novimber 2022) wie in Nederlânsk omropper, presintator, redakteur en regisseur, dy 't wurksum wie fan 1969 oant 1999. Njonken omropper foar de TROS presintearre er ûnder mear de programma's Kieskeurig, TROS Aktua en Voetbal plus.

Hein van Nievelt
Hein van Nievelt yn 1983
Hein van Nievelt yn 1983
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 july 1942
berteplak Batavia
stoarn 5 novimber 2022
wurkpaad
aktyf as omropper, presintator, redakteur en regisseur
jierren aktyf 1969-1999
reden
  bekendheid
Kieskeurig, TROS Aktua

Van Nievelt waard yn in jappekamp yn earder Nederlânsk-Ynje berne, mar nei de oarloch ferhuze er mei syn âlden nei Voorburg yn Nederlân. Nei syn skoaltiid wurke er earst trije jier foar in reisburo. Dêrnei kaam er yn tsjinst by de Wrâldomrop. Nei 3,5 jier woe er wat oars en sollisitearre er by de TROS. Dêr wiene op dat stuit gjin fakatueres, mar doe 't in healjier letter beide omropsters yn ferwachting wiene, koe er dochs noch as omropper oan de slach, wat er sân jier bleau.
Dêrnei wie Van Nievelt in oantal jierren wurksum by it aktualiteiteprogramma TROS Aktua en hy einige syn telefyzjekarriêre by it konsuminteprogramma Kieskeurig. Doe 't dat programma yn 1993 ferdwûn, wie er noch in pear jier wurksum efter de skermen, mar yn 1999 hold er op mei syn telefyzjewurk.

Op 5 novimber 2022 ferstoar Van Nievelt yn de âldens fan 80 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: