Jean-Claude Mézières
Jean-Claude Mézières (Parys, 23 septimber 1938 - 23 jannewaris 2022)[1] wie in Frânsk auteur fan tekenteltsjes. Hy is benammen bekend troch syn science-fiction striprige Ravian wêrmei't hy de opkomst fan dat sjenre yn Jeropa hiel bot stimulearre hat.
Jean-Claude Mézières | ||
skriuwer | ||
Mézières yn 2007 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jean-Claude Mézières | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 23 septimber 1938 | |
berteplak | Parys | |
stoarn | 23 jannewaris 2022 | |
stjerplak | Parys | |
wurk | ||
sjenre | stripferhalen |
Biografy
bewurkje seksjeJean-Claude mocht as bern al graach tekenje en gie op syn 15e nei de tekenakadeemje dêr't hy mei Jean Giraud en Pathemalin yn de klasse siet. Hy wie doe al hiel bot yn strips ynteresseare en tegearre mei Giraud makke hy strips dy't yn katolike blêden as 'Coeur Valliant' publisearre waard. Lykwols fertsjinne hy nei syn skoaltiid de earste tsien jier syn jild net mei it meitsje fan stripferhalen, mar wurke yn de reklame as fotograaf.
Yn Amearika krige er kunde oan Pierre Christin wêrmei't er befreone rekke. Sy besleaten in striprige te meitsjen. Goscinny, yndertiid de haadredakteur fan Kuifje, kaam mei it idee om in sience-fiction strip te begjinnen. Sa waard Ravian yn 1967 berne. Yn de earste dielen wie noch dúdlik de ynfloed fan Franquin en Herge te fernimmen; stadichoan ûntwikkele Jean-Claud syn eigen styl. Guon dielen hiene in politike boadskip.
Mézières wie yn 1996 as produksje-ûntwerper belutsen by de science fiction-film The Fifth Element.
Wurk
bewurkje seksje- 0 De vierde dimensie, 1986
- 1 Het woedende water, 1973
- 2 Het keizerrijk der 1000 planeten, 1973
- 3 Land zonder sterren, 1974
- 4 Het verloren volk, 1974
- 5 De vogels van de meester, 1975
- 6 De ambassadeur der schaduwen, 1976
- 7 De vale schepper, 1978
- 8 De helden van de equinox, 1979
- 9 Halte Châtelet, richting Cassiopeia, 1981
- 10 Brooklyn Station, eindpunt kosmos, 1981
- 11 Verschijningen op Inverloch, 1984
- 12 De banvloek van Hypsis, 1985
- 13 Aan de grenzen, 1988
- 14 De levende wapens, 1990
- 15 De sferen van de macht, 1994
- 16 Gijzelaars van het Ultralum, 1996
- 17 De wees van de sterren, 1998
- 18 Onzekere tijden, 2001
- 19 Aan de rand van het Grote Niets, 2004
- 20 De orde van de megalieten, 2007
- 21 De tijdopener, 2010
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|