Kerrie L. Hughes (10 oktober 1959) is in Amerikaansk skriuwster fan koarte ferhalen en redaktrise fan blomlêzings.

Kerrie L. Hughes
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Kerrie Hughes                                 
echte namme Kerrie L. Hughes
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 oktober 1959
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
útjouwer DAW Books
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Hughes waard berne yn 1959. Hja is troud mei skriuwer John Helfers. Fan 2001 ôf publisearre se ferskate essays, en letter skreau se út en troch ek koarte ferhalen, meast fan it fantasysjenre. Har earste publisearre ferhaal wie Judgment, yn 'e blomlêzing Haunted Holidays, út 2004, ûnder redaksje fan Martin H. Greenberg en Russell Davies. Fan 2005 ôf wurke Hughes sels ek as redaktrise en gearstalster fan blomlêzings fan oarmans wurk. Dêrby wurke se gear mei ferskate oare redakteurs, ûnder wa Martin H. Greenberg, Rachel Caine en Jim Butcher.

Wurk bewurkje seksje

As skriuwster bewurkje seksje

romans
  • Cauldron-searje
    • 2020 – Covens & Conspiracies
    • 2021 – Pentacles & Poisons
    • 2022 – Athames & Ashes
    • 2022 – Wands & Widows
koarte ferhalen
  • 2004 – Judgment
  • 2005 – Geiko
  • 2006 – Doorways
  • 2011 – Corvidae
  • 2011 – Pennyroyal
  • 2014 – Do Robotic Cats Purr in Space?
  • 2015 – Bucking the Tiger (mei John Helfers)
  • 2015 – Give a Girl a Sword
  • 2015 – Healing Home (ûnderdiel fan 'e romansearje Valdemar, fan Mercedes Lackey; ferskynd yn 'e blomlêzing Mercedes Lackey's Valdemar)
  • 2016 – Holly Hock
  • 2016 – ’Til Death Do Us Part (mei John Helfers)
  • 2017 – Bad Dates Bite
  • 2017 – Fatty Boombalatty
  • 2022 – Troll Life (yn 'e blomlêzing Heroic Hearts)
essays
  • 2001 – A Travelers' Guide to Valdemar and the Surrounding Kingdoms
  • 2001 – The Valdemar Concordance (mei Juanita Coulson en Teri Lee)
  • 2005 – ynlieding fan Maiden, Matron, Crone
  • 2006 – ynlieding fan Children of Magic
  • 2008 – Fellowship Fantastic
  • 2008 – ynlieding fan The Dimension Next Door
  • 2008 – The Vorkosigan Saga Concordance (mei Ed Burkhead en John Helfers)
  • 2009 – ynlieding fan Gamer Fantastic
  • 2009 – ynlieding fan Zombie Raccoons & Killer Bunnies
  • 2010 – ynlieding fan A Girl's Guide to Guns and Monsters
  • 2012 – ynlieding fan Westward Weird
  • 2013 – ynlieding fan Hexen & Magick
  • 2015 – ynlieding fan A Very Successful Experiment
  • 2016 – ynlieding fan Shadowed Souls
  • 2017 – ynlieding fan Belly Up to the Bar

As redaktrise bewurkje seksje

blomlêzingssearjes
  • Fantastic
    • 2008 – Fellowship Fantastic (mei Martin H. Greenberg)
    • 2009 – Gamer Fantastic (mei Martin H. Greenberg)
  • Fiction River
    • 2013 – nû. 05 Hex in the City
    • 2015 – nû. 13 Alchemy and Steam
    • 2016 – nû. 19 Haunted
    • 2017 – nû. 21 Tavern Tales
losse blomlêzings
  • 2005 – Maiden, Matron, Crone (mei Martin H. Greenberg)
  • 2006 – Children of Magic (mei Martin H. Greenberg)
  • 2008 – The Dimension Next Door (mei Martin H. Greenberg)
  • 2009 – Zombie Raccoons & Killer Bunnies (mei Martin H. Greenberg)
  • 2010 – A Girl's Guide to Guns and Monsters (mei Martin H. Greenberg)
  • 2010 – Love & Rockets (mei Martin H. Greenberg)
  • 2011 – Chicks Kick Butt (mei Rachel Caine)
  • 2012 – Westward Weird (mei Martin H. Greenberg)
  • 2016 – Shadowed Souls (mei Jim Butcher)
  • 2022 – Heroic Hearts (mei Jim Butcher)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: