Oligargy

(Trochferwiisd fan Oligarch)

Oligargy (fan it Grykske ὀλιγαρχία (oligarkhía); fan ὀλίγος (olígos) 'in bytsje', en ἄρχω (arkho) 'hearskje oer') is in machtsfoarm dêr't in lyts groepke minsken, fan in befoardiele klasse of stân, de macht yn hannen hawwe. Soksoarte minsken kinne ûnderskaat wurde as eallju, rike lju, heech oplate lju, haden fan korporaasjes, haden yn de religy, politisy of haden fan it leger. Lannen dy't troch in oligargy bestjoerd wurde, wurde bestjoerd troch famyljes dy't harren ynfloed oan de folgjende generaasje trochjouwe, mar dy hoege net altyd troch it erven trochjûn te wurden.

De "Bazen fan de Senaat" dêr't grutte jildmagnaten de senators oermânsk binne

Yn it ferline hawwe oligargen gauris diktators west, dy't de befolking ûnderdrukke moast om harren macht te hâlden. Aristoteles brûkte it begryp oligargy as it hearskjen troch de rike lju, dêr't hjoed-de-dei gauris it begryp plutokrasy foar brûkt wurdt. Yn de iere tweintichste iuw ûntwikkele de Dútsk-Italjaanske sosjolooch Robert Michels de teory dat alle demokrasyen, lykas alle grutte organisaasjes, de oanstriid hawwe en feroarje yn oligargyen. Yn syn "Izeren wet fan de oligargy" oppenearret er dat de skieding fan arbeid yn grutte organisaasjes ta it ûntstean fan in hearskjende klasse, dy't foar harren eigen belangen opkomme.

Yn de fjirde iuw f.Kr. waard soks yn Atene waarnommen, nei't de demokrasy dêre de olargy ferfongen hie. Hja lutsen lotten om amtners oan te wizen sa't it foarmjen fan in oligargy tefoaren komme wurde koe. Ek de oare Grykske poleis Sparta en Korinte en de Punyske stêdsteat Kartago wiene oligargyen.

It begryp "oligarch" waard fannijs brûkt doe't de Sovjet-Uny útinoar foel en ferskate toplju út de Russyske sakewrâld nije bannen begûnen te ûnderhâlden mei de polityk en sa politike besluten beynfloedzje koene. Ek yn de Oekraïne ferskynden der sake-oligargen op it politike aljemint.

Ek wurdt hjoed-de-dei de Feriene Steaten as in oligargy oantsjutten, dêr't de korporaasjes (faak oantsjutten as Wall Street) troch grutte donaasjes de besluten fan de polityk beynfloedzje. Boppedat hawwe de 400 rykste minsken mear rykdom as de helte fan alle Amerikanen byinoar.

In oar foarbyld fan in troch in oligargy bestjoerd lân is Saûdy-Araabje, dêr't de macht dield wurdt troch in tûzental prinzen fan it keninklike Hûs fan Saûd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.