Antonius Bernardus Matthijs (Ton) Frinking (Grins, 1 febrewaris 1931 - Delft, 3 augustus 2022) wie in Nederlânsk politikus fan de KVP en letter it CDA.

Ton Frinking
politikus
Ton Frinking (1979)
Ton Frinking (1979)
echte namme Antonius Bernardus Matthijs (Ton) Frinking
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1 febrewaris 1931
berteplak Grins
stjerdatum Delft
stjerplak 3 augustus 2022
partij CDA
lid Twadde Keamer
amtsperioade 1977-1993
Steatsekretaris fan Definsje
regear kabinet-Lubbers III
amtsperioade 1993-1994
foargonger Berend-Jan van Voorst tot Voorst
opfolger Jan Gmelich Meijling

De yn Grins berne Frinking wie in katolike lânmachtoffisier dy't yn de perioade 1970-1993 definsjespesjalist wie yn de Twadde-Keamerfraksje fan de KVP, dy't yn 1980 opgien is yn it CDA. Hy spile nei oanlieding fan it NAVO-dûbeldbeslút fan 1979 in wichtige rol yn de debatten oer it al of net pleatsen fan krúsraketten. Hy ferdigene de CDA-line fan "ja, mits" (foar pleatsing, mar ûnder betingsten).

Ton Frinking ferstoar op 3 augustus 2022, yn 'e aldens fan 91 jier.