Alec John Such
Alec John Such (Yonkers New York, 14 novimber 1951 – Horry County Súd-Karolina, 4 juny 2022) wie in Amerikaansk bassist. Hy waard benammen bekend fan de band Bon Jovi.
Alec John Such | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alec John Such | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 novimber 1951 | |
berteplak | Yonkers | |
stoarn | 4 juny 2022 | |
stjerplak | Horry County | |
wurkpaad | ||
sjenre | Hardrock | |
ynstrumint | Basgitaar | |
grutste hit(s) | You Give Love a Bad Name, Always | |
jierren aktyf | 1983–1994 |
Foardat er him by Bon Jovi oansleat spile Such earder mei Richie Sambora by Message en by Phantom's Opera mei Tico Torres. Yn 1994 ferliet hy de band en is nea offisjeel ferfongen. Syn ûnoffisjele ferfanger is Hugh McDonald.
Nei syn Bon Jovi-tiid waard Alec John Such manager fan in pear lokale bands út Nij-Jersey en wie dêrneist eigener fan in motorsaak yn New York.
Such ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 70 jier.