Lemster skûtsje
| |||||
Eigener | Stichting Lemster Skûtsje | ||||
Plak | De Lemmer | ||||
Werf | Van der Werff Bûtenstfallaat | ||||
Boujier | 1931 | ||||
Kleur | grien | ||||
Lingte | 19,48 | ||||
Breedte | 3,62 | ||||
Holte | 1,17 | ||||
Djipgong | 0,39 | ||||
Skipper | Albert Visser | ||||
Tonnaazje | 45 |
It Lemster Skûtsje is in skûtsje dat foar De Lemmer meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. Eeuwe de Jong en net de Bruorren Van der Schuit joegen Jan Oebele van der Werff oan it Bûtenstfallaat opdracht it Lemster Skûtsje te bouwen. Yn 1930 bouden de bruorren Van der Werff foar Finnema út Wâldsein it hjoeddeiske skûtsje fan Earnewâld. It skûtsje fan De Jong waard brûkt om klaai foar Dijkstra klaaiwarenfabryk út Snits. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it ferkocht oan Jan Steenstra. Yn it neijier fan 1957 kocht de Fam. Van der Wal út Jirnsum it skûtsje yn Nijbrêge. Dy brûkten it skûtsje as wenboat. Yn it neijier fan 1962 kocht Stichting Lemster Skûtsje op oanrieden fan Klaas van der Meulen dit skûtsje. Neidat de opbou der ôfhelle wie makke it skip in proeffeart mei de mêst, seilen en swurden fan de Gerben van Manen, it skûtsje fan It Hearrenfean. Nei it seizoen 1963 krige it skûtsje in lytsere roef, om romte op it achterdek te winnen. Dizze roef komt nei alle gedachten fan it earste troch Wildschut fan De Gaastmar boude skûtsje.
Foar it nije skûtsje tekene Arie de Boer in seilplan dat ôfkard waard troch de SKS. De oanpassingen oan it skip wienen lykwols al dien, en sa koe it barre dat it skûtsje mei in oardel meter nei achter setten mêst oan de start ferskynde. Dizze ûntwikkeling soe letter ek by oare wedstriidskûtsjes barre. In oare fernijing by it Lemster Skûtsje wie it ferskober meitsjen fan de swurden. Earst waarden bûgels brûkt oer it potdeksel. Letter kaam yn it boeisel in slûf, dêr't middels in skoplaat it swurd yn de lingterjochting mei fersetten wurde koe.
Begjin 2004 naam it bestjoer fan de Stichting Lemster Skûtsje in yngripende beslissing. It gie nammentik as lêste oer ta it ferlingjen fan it skip. Neffens berekkenings soe dêrmei in snelheidswinst fan inkele persinten helle wurde kinne.
Resultaten
bewurkje seksjeStichting Lemster Skûtsje frege yn 1958 brêgewachter Rintje Ritsma om oan it helmhout te kommen op it earste Lemster Skûtsje. Dit skip fan 36 ton ward boud troch Wildschut yn De Gaastmar. Yn 1962 folge Yme Foekema him op. Dy sloech om yn syn alderearste wedstriid by Grou. Sawat tagelyk sloech de Sneker Pan ek om; dat hie noch nea earder bard. Hy bleau mar ien jier skipper. Yn 1963 socht Klaas van der Meulen mei inkele leden fan de Lemster kommisje in nij skûtsje. Yn Den Oever fûnen se de Vertrouwen, in wenboat, oant koart dêrfoar bewenne troch de Fam. Van der Wal út Ljouwert.
Dit jonge skip wie troch de Bruorren Van der Schuit yn de neidagen fan de skûtsjefeart bouwe litten by Van der Werff oan Bûtenstfallat yn Drachten. Klaas van der Meulen helle goede klassearrings, mar stapte op nei spul mei de kommisje. Rintje Ritsma naam it plak fan Klaas van der Meulen yn 1965 wer yn. Yn 1966 waard Rintje Ritsma SKS Kampioen. Yn 1969 kaam Sietse Hobma oan het helmhout. Hy sylde altiten boppe-oan mei yn it klassemint, mar waard nea kampioen. Wol soarge hy foar ferjonging fan de bemanning, wêrunder de dan ûngefear 20-jierrige Jelle Reijenga.
Jelle naam it roer yn 1982 oer fan Sietse Hobma en helle twaris (1986 en 1988) de kampioenswimpel nei De Lemmer. Peke Ritsma, soan fan Rintje Ritsma, folge yn 1998 Jelle Reijenga op. De beëage skipper, Ale Zwerver, hie op dat stuit ferplichtings binnen de IFKS. Johannes Hidzersz Meeter hat mar in pear jier skipper west en waard opfolge troch Albert Visser, dy 't earder skipper wie op it Drachtster skûtsje.
Skippers
bewurkje seksje- 1958-1961: Rintje Ritsma
- 1962-1962: Yme Foekema
- 1963-1964: Klaas Keimpesz van der Meulen
- 1965-1968: Rintje Ritsma
- 1969-1981: Sietse Hobma
- 1982-1997: Jelle Reijenga
- 1998-1998: Peke Ritsma
- 1999-2008: Ale Zwerver
- 2009-2013: Johannes Hidzersz Meeter
- 2014-no: Albert Visser
Skûtsjes
bewurkje seksje- 1958-1962: Lemster Skûtsje (1)
- 1963- no: Lemster skûtsje (2)
SKS kampioen
bewurkje seksjeOantal | Skipper | Kampioen yn |
---|---|---|
1 | Rintje Ritsma | 1966 |
2 | Jelle Reijenga | 1986 - 1988 |
1 | Albert Visser | 2022 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |