Bombay (liet fan Golden Earring)
Bombay is in nûmer dat oarspronklik yn 1975 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Contraband. Bombay wie it earste nûmer op it album en waard op 26 novimber 1976 útbrocht as iennichste single fan it album.
Bombay (liet fan Golden Earring) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Faded Jeans | |
artyst | Golden Earring | |
album | Contraband | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 26 novimber 1976 | |
opnommen | 1975 | |
doer | 3:53 | |
label | Polydor | |
skriuwer | George Kooymans, Barry Hay | |
produsint | Golden Earring | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 7, Ultratop 50 - 11 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeBombay giet oer in man dy 't út Los Angeles fuortgiet en yn Bombay in nij libben opbout sûnder in spoar efter te litten. Sawol de muzyk as de tekst fan 'Bombay' hawwe Aziatyske ynfloeden. Bekend is de yntro, dy 't bestiet út in drumsolo fan Cesar Zuiderwijk. Patricia Paay is as eftergrûnsjongeres te hearren.
Muzikanten
bewurkje seksje- Barry Hay - Sang
- George Kooymans - Gitaar & Sang
- Eelco Gelling - gitaar
- Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums
Gastmuzikanten
bewurkje seksje- Patricia Paay - Sang