Jan Sluijters
Jan Sluijters ('s-Hertogenbosch, 17 desimber 1881 - Amsterdam, 8 maaie 1957) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy ûntwurp ek affysjes en wie boekbânûntwerper.
Hy hâlde in soad ta yn Itaalje, Spanje en Frankryk. Stie ûnder ynfloed fan Cézanne, Gauguin en Van Gogh kaam ta in ferienfâldiging fan de foarm; sinlik en hertstochtlik koloryt, dat him benammen yn syn blommen en neakten oppenearret. Syn portretten tsjûgje fan in skerpe psychologyske observaasje. Fierders skildere er stillibbens, figuerstikken, lânskippen ensfh.
Ek makke er yllustraasjes foar berneboeken.
Museums
bewurkje seksje- Noardbrabânsk Museum yn 's-Hertogenbosch (ôfdieling mei ferskate skilderijen fan Jan Sluijters)
- Dordrechts Museum yn Dordrecht
- Van Abbemuseum yn Eindhoven
- Van Gogh Museum in Amsterdam
- Steedlik Museum Alkmaar yn Alkmaar
Skilderijen
bewurkje seksje- Rêstend neaken, 1931
- Two Women Embracing, 1905
- Spaanse danseres, 1906
- Boomgaard te Heeze, 1909
- Villa Vita Nuova, 1910
- Landschap met korenschoven, 1910
- Portret van Dorry Kahn, 1920
- Liesje is jarig, 1929