Haadmenu iepenje
Jan Brueghel de Alde (1568-1625), Boeket (1599), in ier foarbyld fan in stillibben.

In stillibben is in artistike komposysje (skilderij, tekening, foto), fierwei it meast fan in (dea) foarwurp. It giet dan om objekten út de natoer sa as iten, blommen, planten, stiennen of skelpen; of troch minsken makke alledeistige dingen sa as fasen, potsjes en pansjes, munten, boeken, tabaksdoazen, ensafuorthinne.

De oarsprong fan it stillibben leit al yn de midsiuwen en ek yn de Grykske- en Romeinske âldheid waarden sy al makke. It stillibben joech de keunstner fan dy tiid mear frijheid fan komposysje en kleurgebrûk as yn it gefal fan in portret of in lânskip, dêr't de komposysje en kleurtoan fan fêst leit. Nei 1800 spile dit motyf hoe langer hoe minder in rol.
Stillibbens fan foar 1700 hawwe faak religieuze en/of allegoaryske symboalen. Doetiids ferstiene taskôgers de djippere betsjutting fan sjochtwei foarwurpen better as no. Bygelyks in memento mori, troch in kombinaasje fan in bibel mei in minslike plasse ôf te byldzjen.

Soarten stillibbensBewurkje

Stillibben Soarte stillibben Foarwerpen Symbolyk
 

Jan Davidsz. de Heem

Pronkstillibben Kostberheden en bysûndere fruchten Rykdom, wielde
 

Stillibben mei in eksimplaar fan
De Waere Mercurius, in nijsblêd
oer Tromp syn oermastering fan trije
Ingelske skippen op 28 juny 1639,
en in gedicht oer de skuonmakker
dy't it wurk fan Apelles mispriizget
,
1655, Anthonius Leemans

Oerwinningsstillibben Hjerring, bôle, bier De nasjonale ekonomy, sunichheid en flyt
 

Banket stillibben, 1667,
Abraham van Beijeren

Banketsje Foarwerpen en iten dy't by in miel hearre Mooglik in oamoediging ta matichheid, of in ferwizing nei it Lêste Jûnsmiel. Kin ek rykdom werjaan.
 

Vanitas, 1630, Pieter Claesz

Vanitas Skedels, dôve kearsen, ferwyklge blommen, fergiene boeken, omfallen glêzen Idelheid en sinleasheid fan ierdsk besit of it memento mori
 

Trompe l'œil,
Cornelis Norbertus Gysbrechts

Synbedrager of Trompe-l'oeil Samling foarwerpen út it deistich libben dy't libbensecht lykje, bygelyks in rek mei brieven, pennen, skjirren en sokssawat.  
 

Stilleven met bloemen, 1639,
Hans Bollongier

Blomstillibben Allerhanne blommen, somtiids fan ynsekten (flinters, krobben) omjûn. Faaks fergonklikens, mar ek bewûndering foar de skepping

Alexander Coosemans

Fruitstillbben Allerhanne fruchten Oerfloed en fruchtberheid
 

David Teniers de Jonge

Wittenskipsstillibben Boeken, passers, wrâldbol, sânrinners Geleardens, de oerwinning fan de wittenskip
 

In aap en in hûn by dood wild,
1714, Jan Weenix

Jachtstik Deade fasanten, dowen, harten en oar wyld  
 

Stilleven, 1644, Adriaen van Utrecht

Muzykynstruminten    
 

Stillibben, 1641, Alexander Adriaenssen

Merk- en keukenstikken Fleis, fisk, griente en fruit  
Religjeus Rozekrânse, kroan, wiereekfet, fisk Ferwizing nei Bibelske ferhalen
 

Stillibben me romer, fluit, ierden krúk
en pipen
, 1651, Jan Jansz van de Velde

Religjeus Nôtieren, druvetrosse en romer wyn Ferwizing nei Kristus
 

Stilleven, Abraham van Beijeren

Religieus Appel of sinesappel Ferwizing nei de erfsûnde

Gouden IuwBewurkje

BlomstillibbensBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Henk Helmantel, stillibbenskilder en ien fan de Noardlike realisten.

Keppelings om utensBewurkje