Vanitas
Vanitas is in tema yn de keunst. Vanitas is Latyn en betsjut idelens en liddigens. Mei bygelyks plassen, dôve kearsen, ferwylge blommen, sjippebellen, fergiene boeken, muzykynstruminten, klokken of omfallen glêzen wurdt de idelheid, fergonklikens en sinleazens fan it ierdske bestean stal jûn.
Vanitas vanitatum, omnia vanitas is in bekende, oan it Bibelboek Preker ûntliend sizzen: IJdelheid der ijdelheden, alles is ijdelheid (Preker 1:2). Yn it Frysk wurdt it: 'Neat mei neat, seit de Preker, neat mei neat, it is allegearre neat'. It vanitasskilderij hat in protestantsk-kristlike oarsprong. It wol de beskôger oantrune him op it iuwich libben te rjochtsjen.
Benammen yn Nederlân en Flaanderen waard dit skilderstema yn de 17e iuw faak brûkt. Under oaren Pieter Claesz, Harmen en Pieter Steenwijck en Herman Hengstenburgh wiene vanitasskilders.
Ek yn moderne tiden wurdt der weromgrepen op dit ûnderwerp, bygelyks troch magysk-realistyske skilders as Raoul Hynckes, Wim Schuhmacher en Uko Post.
Literatuer
bewurkje seksje- Roemer Visscher, Sinnepoppen (Amst. s.j.; 2e pr., troch dochter Anna útjûn; 3e pr. Amst. 1614)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vanitas fan Wikimedia Commons. |