Roemer Pietersoan Visscher (Amsterdam 1547 – dêr beïerdige 19 febrewaris 1620) wie in Nederlânsk nôtkeapman, assurandeur en dichter.

Roemer Visscher mei 71 jier

Roemer waard berne yn Amsterdam, en learde Frânsk, Italjaansk en Latyn. Roemer Visscher troude 1583 (ûndertrou te Delft op 13 maart) mei de Delftske brouwersdochter Aefgen Jansdochter (Onderwater). Hy hannele yn nôt op de Eastsee en op Archangelsk, soms yn kompanjy mei Isaac le Maire. Yn 1596 gienen tweintich laden skippen te sink yn stoarm foar de rede fan Teksel. In grut tal fan de skippen wie by him fersekere. Nei de ramp doopte er syn dochter Tesselschade.

Hy beoefene mei freonen, rederikers as Coornhert en Spiegel de letteren en foarme yn syn went op de Geldersekade de ferneamde rûnte, dêr't jongelju harren begelieding krigen. Hy ûntliende syn poëzy oan Francesco Petrarca, Clément Marot en Pierre de Ronsard.
Hy wie lid fan de rederikerskeamer De Eglantier en wie befreone mei ûnder oaren Hendrik Laurenssoan Spiegel en Jan van Hout. Earst yn 1612 ferskynde - bûten him om - syn earste bondel Lof van de mutse ende van een blaeuwe scheen, met noch ander boerten en quicken. Yn 1614 liet er sels in útwreide en ferbettere útjefte fan syn wurk ferskine: Brabbeling. It wurk hie quicken (puntdichten, foar in part neffens Martialis), tuyters (sonnetten), jammertjens (elegyen), rommelsoo, riedlings en in stikmannich grutte gedichten. Yn 1614 ferskynde ek Sinnepoppen - in emblematabondel.

  • 't Loff vande mutse, ende van een blaeuwe scheen (Leien, 1612);
  • Sinnepoppen (Amst. s.j.; 2e pr., troch dochter Anna útjûn; 3e pr. Amst. 1614);
  • Brabbeling (Amst. 1614. dêre 1669).
  • Visscher wurke ek mei oan de Twe-spraeck van de Nederduitsche Letterkunst (Leiden, 2e pr. 1649) útjûn by de Rederikerskeamer de Eglentier dy't as biedwurd In liefde bloeyende hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: