Johannes (Jo) Bosma (Bûtenpost, 17 april 1943 - De Lemmer, 21 septimber 2015) wie in Frysk politikus fan D66.

Johannes (Jo) Bosma
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 14 april 1945
berteplak Bûtenpost
stjerdatum 21 septimber 2015
stjerplak De Lemmer
etnisiteit Frysk
partij D66
Boargemaster fan Lemsterlân
amtsperioade 1992 - 2008
foargonger Geert Eijgelaar
opfolger Dick Stellingwerf
Boargemaster fan Ljouwerteradiel (wnd.)
amtsperioade 2003 - 2004
foargonger Wil Vroegindeweij
opfolger Eric ter Keurs

Hy hat feehâlder west en rjochte yn 1967 in D66-ôfdieling op yn de gemeente Achtkarspelen. Letter hat er wethâlder yn Lelystêd west. Bosma wie direkteur fan de NV Lofthaven Lelystêd foar't er juny 1992 boargemaster fan Lemsterlân waard. Fan oktober 2003 oant maart 2004 wie er ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel.

Om de jierwikseling 2005/2006 hinne koe Bosma foarkomme dat in tal húshâldings mei jonge bern as útprosedearre asylsikers it lân útset waarden. Yn dy tiid stapte Bosma út D66, dy't doe yn it regear sit hie, omreden fan it asylbelied en bleau partijleas boargemaster oant syn pinsjonearring yn de maitiid fan 2008.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard Bosma ynformateur yn Ljouwerteradiel.

Bosma waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier oan kanker.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-burgemeester Jo Bosma (72) overleden, Ljouwerter Krant, 22 septimber 2015