Eric ter Keurs
E.J. (Eric) ter Keurs (Borne, 30 maart 1965) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Hy studearre fan 1984 oant 1990 bestjoerswittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2002 waard hy wethâlder fan Slochteren en yn 2004 folge syn beneaming ta boargemaster fan Ljouwerteradiel.
Op 11 febrewaris 2011 waard er ynstallearre as opfolger fan Gerrit Jan Polderman as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Joop Boertjens folge him inkelde wiken letter op as waarnimmend boargemaster yn Ljouwerteradiel.
Op eigen fersykjen hat de Kroan him mei yngong fan 1 septimber 2016 dien jûn omreden it dreech wie it boargermasterskip te dwaan wylst er ek foar syn twa bern soargje moast. Hy waard opfolge troch Wilma Mansveld as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Neitiids wurke er, mei in ûnderbrekking fan goed in jier as wethâlder fan Smellingerlân, by in advysburo.
By de Provinsjale Steateferkiezingen 2023 stie Ter Keurs yn Fryslân op it twadde plak fan de VVD. Sûnt 29 maart 2023 is er steatelid yn Fryslân.