Gerrit Jan Polderman
Gerrit Jan Polderman (Arnhim, 29 jannewaris 1947 - Ljouwert, 21 febrewaris 2017) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Foar't er de polityk yn gie hat er jierrenlang wurksum west yn it bedriuwslibben: fjouwer jier by de Philips yn Eindhoven, acht jier by de Heidemij yn Arnhim en fjouwer jier by it Nederlânsk Ferbûn fan Undernimmers yn de Bou (NVOB). By de NVOB wie Polderman ek regionaal sekretaris.
Yn 1982 waard er gemeenteriedslid yn Arnhim en fjouwer jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan de doetiidske Oeriselske gemeente Wijhe. Sûnt septimber 1996 wie Polderma de boargemaster fan de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. Begjin 2005 wie er dêrneist ek noch inkele moannen de waarnimmend boargemaster fan Boarnsterhim. Op 1 jannewaris 2011 gie Polderman mei pensjoen. Eric ter Keurs waard de opfolger fan Polderman as boargemaster fan Tytsjerksteradiel.
Fan 6 desimber 2011 oant 13 septimber 2012 wie Polderman waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân. Doe waard er opfolge troch Tjeerd van Bekkum.