Joop Boertjens (Swol, 1948) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Joop Boertjens
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1948
berteplak Swol
etnisiteit Frysk
partij VVD
Gemeenteriedslid yn Súdhorn
amtsperioade 1986 - 1990
1994 - 2002
Deputearre fan Grinslân
amtsperioade 2000 - 2003
Boargemaster fan Winsum (wnd.)
amtsperioade 2004
foargonger Adri Dees
opfolger Yvonne van Mastrigt
Wethâlder yn Delfsyl
amtsperioade 2006 - 2010
Boargemaster fan Ljouwerteradiel
amtsperioade 2011 - 2017
foargonger Eric ter Keurs
opfolger funksje ferfallen

Boertjens waard berne yn Swolle mar groeide op yn Snits en Langwar. Nei de HBS yn Snits studearre er sosjale geografy oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei waard er yn Grins dosint ierdrykskunde; earst op in gymnasium en dêrnei op de hegere lânbouskoalle. Hy hat in pear jier sekretaris west fan de Groninger Maatschappij van Landbouw dy't letter opgie yn it NLTO (Noordelijke land- en Tuinbouw Organisatie) dêr't Boertjens it brocht hat ta sekretaris-ponghâlder.

Oant 2011 wie Joop Boertjens wethâlder yn de gemeente Delfsyl. Dêrfoar wie Boertjens waarnimmend boargemaster fan de gemeente Winsum en deputearre fan de provinsje Grinslân. Op 1 maart 2011 waard er as opfolger fan Eric ter Keurs waarnimmend boargemaster fan de Fryske gemeente Ljouwerteradiel. Doe't dy gemeente op 1 jannewaris 2018 opgie yn de gemeente Ljouwert einige syn boargemasterskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: