Willemien Vroegindeweij
Willemina Christina (Willemien) Vroegindeweij (Waddinxveen, 14 april 1945) wie tusken 2003 en 2011 de boargemaster fan de eardere gemeente Boalsert. Dêrfoar wie se ûnder oare boargemaster fan Ljouwerteradiel, waarnimmend boargemaster yn Smilde en boargemaster yn de gemeente Ter Aar.
Willemina Christina Vroegindeweij | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 april 1945 | |
berteplak | Waddinxveen | |
partij | CDA | |
Boargemaster fan Ter Aar | ||
amtsperioade | 1993 - 1997 | |
foargonger | P.J. Verhoef | |
opfolger | Louis Lyklema | |
Boargemaster fan Smilde (wnd.) | ||
amtsperioade | 1997 - 1998 | |
foargonger | Meia Lantinga | |
opfolger | funksje ferfallen | |
Boargemaster fan Ljouwerteradiel | ||
amtsperioade | 1998 - 2003 | |
foargonger | Meinte Abma (wnd.) | |
opfolger | Jo Bosma | |
Boargemaster fan Boalsert | ||
amtsperioade | 2003 - 2011 | |
foargonger | Marten Koopmans (wnd.) | |
opfolger | funksje ferfallen |
Foardat hja boargemaster waard wurke se as fraksjesekretaresse yn de Twadde Keamer, wie se riedslid yn Maasslûs en steatelid yn Súd-Hollân.
Op 1 april 2010 gie Vroegindeweij mei pensioen, mar hja bleau dêrnei oan as waarnimmend boargemaster. Dy funksje kaam op 1 jannewaris 2011 te ferfallen, omdat dy gemeente doe opgie yn de nije gemeente Súdwest Fryslân.