Gerrit Offringa, (Drachten, 12 desimber 1943 - Ljouwert, 10 maart 2019)[1] wie in Fryske keunstner en filosoof dy't tsjin de seedyk fan de Waadsee yn Nes wenne. Hy folge de oplieding oan de Akademy Minerva foar Byldzjende keunst en Foarmjouwing yn Grins fan 1962-1966.

It wurk fan Gerrit Offringa bestiet út skilderijen, tekeningen, trijediminsjonaal wurk, fotografy en grafyk. Hy ferbûn yn syn bylden abstrakte begripen as trochskinendheid, gewicht, trochsnijing, kontrast en harmonij mei minsklike eleminten en emoasje. Dêrby brûkte er de eigenskippen fan ferskate materialen as glês, hout, polyester, perspeks, metaal en twigen, koper, slakkehúskes, gips, purskom, fearren en folle mear. De bylden hawwe faak in figurative ferwizing nei minsken.

Offringa syn wurk hat te sjen west yn galerys en museums yn binnen- en bûtenlân.

Eksposysjes (karút)

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: