Hank Adams
Hank Adams (folút: Henry Lyle Adams; Wolf Point (Montana), 16 maaie 1943 - Olympia (Washington) 21 desimber 2020) wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist fan etnysk Assiniboin-komôf. Sûnt 1964 hat er krewearre foar lykberjochtiging fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Sa wied er belutsen by de striid foar Yndiaanske fiskersrjochten yn 'e steat Washington en teffens wied er as lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging oanwêzich by de besetting fan it haadkantoar fan it Buro fan Yndiaanske Saken en de besetting fan Wounded Knee. Adams stie derom bekend dat er altyd nei in freedsume oplossing socht, mar likegoed wist er fan gjin ophâlden yn syn krewearjen foar Yndiaanske soevereiniteit. Yn 2006 waard him troch it tydskrift Indian Country Today de American Indian Visionary Award takend.
Hank Adams | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henry Lyle Adams | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 maaie 1943 | |
berteplak | Wolf Point (Montana) | |
stoarn | 21 desimber 2020 | |
stjerplak | Olympia (Washington) | |
etnisiteit | Assiniboin | |
wurkpaad | ||
berop/amt | minskerjochte-aktivist | |
jierren aktyf | 1964 – 2020 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeAdams waard yn 1943 berne yn Wolf Point, yn it Fort Peck Yndianereservaat fan 'e Amerikaanske steat Montana. Syn âlden wiene allebeide Assiniboin-Yndianen. In jier nei syn berte, yn 1944, ferfear it gesin nei Grays Harbor County, op it Olympysk Skiereilân yn 'e steat Washington, in eintsje besuden it Kwinôlt Yndianereservaat. Dêr groeide Adams op, wêrby't er as bern en tiner byfertsjinne as fruitplôker en grienterisper op lânboubedriuwen yn dy omkriten. Yn 1961 slagge er foar it eineksamen fan 'e middelbere skoalle oan 'e Moclips-Aloha High School yn Moclips. As learling hied er dêr redakteur fan 'e skoalkrante west, en teffens wied er lid fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle.
Neitiid wurke Adams in skoft op in houtseagerij yn it Kwinôlt Reservaat, ear't er gie te studearjen yn Walla Walla. Under syn stúdzje wied er yn 'e wykeinen en de fakânsjes noch aktyf yn it Kwinôlt Reservaat, dêr't er belutsen wie by in kommisje dy't it hege tal selsmoarden yn it Yndianereservaat besocht tsjin te gean. Yn 1964 krige Adams foar it earst belangstelling foar polityk en holp er by it organisearjen fan in protestmars yn 'e steatshaadstêd Olympia tsjin 'e ynbrek op Yndiaanske fiskeersrjochten troch de steat Washington. Koarte tiid letter briek Adams syn stúdzje nei twa jier ôf om him foltiids ta te lizzen op it krewearjen foar lykberjochtiging foar de Yndianen yn 'e Feriene Steaten.
Iere karriêre
bewurkje seksjeAdams sette syn wurkpaad as aktivist útein mei in hege funksje yn 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC), ien fan 'e radikaalste Yndiaanske aksjegroepen út dy tiid. Doe't er yn april 1964 oproppen waard foar de tsjinstplicht, kaam er foar it earst yn 'e belangstelling fan 'e media te stean om't er wegere yn it Amerikaanske Leger te gean oant it Amerikaanske regear alle ôfspraken mei de Yndianen dy't yn ferdraggen fêstlein wiene, neikomme soe. Dat draaide út op in rjochtsaak wêryn't de rjochter Adams syn beswieren oan kant reage. Fan gefolgen moast er dochs syn tsjinstplicht ferfolje, wêrby't er útstjoerd waard nei Súdeast-Aazje om yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen.
Striid foar fiskersrjochten
bewurkje seksjeYn 1968 waard Adams de lieder fan 'e Survival of American Indians Association. Dat wie in lytseftige organisaasje fan sa'n 200 aktivisten dy't har ynsetten foar de beskerming fan 'e tradisjonele en yn ferdraggen mei de Amerikaanske federale oerheid fêstleine fiskersrjochten yn 'e steat Washington, dy't it steatsregear besocht te beheinen en yn guon gefallen alhielendal opheffe woe. Blanke sportfiskers fûnen dat de regels dy't op harren fan tapassing wie, ek foar Yndianen jilde moasten, en de steat besocht de fiskstân te beskermjen troch de fiskerij oan bannen te lizzen ynstee fan 'e grutte bedriuwen oan te pakken dy't de delgeande fiskstân feroarsaken troch harren ôffalwetter streekrjocht yn 'e rivieren rinne te litten.
Benammen yn 'e rivier de Nisqually leine de Yndiaanske fiskersrjochten ûnder fjoer, en it wie dêr dat Adams en syn meistanners in hiele rige protestaksjes holden (saneamde fish-ins), wêrby't se demonstratyf sitten giene te angelfiskjen. Adams waard dêrby ferskate kearen arrestearre en ien kear waard er yn 'e búk sketten troch blanke sportfiskers dy't de Yndianen mei geweld tsjinhâlde woene. By in wapene konfrontaasje by in oar protest kaam in skoansuster fan Adams om it libben troch ferdrinking. Adams makke oer dizze perioade fan gewelddiedige konfontaasjes, dy't duorre fan 1968 oant 1970, in dokumintêre mei as titel As Long As the River Runs.
Yn 1968 en op 'e nij yn 1972 besocht er yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen keazen te wurden, mar beide kearen sneuvele syn kandidatuer yn 'e foarferkiezings fan 'e Republikeinske Partij. Uteinlik waard de kwestje fan 'e fiskersrjochten yn 1974 yn it foardiel fan 'e Yndianen besljochte troch de útspraak fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak United States v. Washington, dy't bepaalde dat de Amerikaanske steaten har te hâlden hiene oan 'e ferdraggen tusken it federale regear en Yndianen. By dizze rjochtsaak spilen Adams en syn meistanner Billy Frank jr. efter de skermen in wichtige rol.
Besettingsaksjes
bewurkje seksjeBegjin 1970-er jierren joech Adams him by de Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM). Hy die yn 1972 mei oan 'e protestmars troch it hiele lân nei Washington, D.C. ta, dy't bekend kaam te stean as it Trail of Broken Treaties ("Paad fan Brutsen Ferdraggen"). Ek naam er diel oan 'e besetting fan it haadkantoar fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn Washington, D.C., dêr't dy protestmars op útrûn. Adams wie ien fan 'e opstellers fan it Twenty Points Proposal, in list fan tweintich betingsten fan 'e besetters om it gebou frijwillich te ferlitten. Hoewol't dy betingsten troch it Amerikaanske regear net akseptearre waarden, wurdt de list noch altyd sjoen as in presintaasje fan 'e doelen fan soevereiniteit en selsbeskikkingsrjocht foar de Yndianen. Wol wist Adams in amnesty foar de besetters los te krijen, sadat de besetting úteinlik freedsum beëinige wurde koe.
Yn 1973 die Adams ek mei oan 'e 71 dagen duorjende Besetting fan Wounded Knee troch AIM-leden en militante Oglala-Lakota, ûnder lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means. Dy konfrontaasje, wêrby't de wapene besetters belegere waarden troch de FBI en de United States Marshals Service en wêrby't twa deaden en ferskate ferwûnen foelen, fûn plak yn Wounded Knee, yn Súd-Dakota, op itselde plak dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie troch it Amerikaanske Leger by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Adams fungearre ûnder de besetting as tuskenpersoan tusken it âlde Oglala-opperhaad Frank Fools Crow, ien fan 'e meast gematigden fan 'e besetters, en Leonard Garment, de persoanlike fertsjintwurdiger fan presidint Richard Nixon. It wie foar in grut part oan syn ynset te tankjen dat der net mear deaden foelen.
Lettere jierren en ferstjerren
bewurkje seksjeEk nei de ûnlijige jierren santich bleau Hank Adams tige aktyf as aktivist foar Yndiaanske rjochten. Leonard Garment, dy't mei him gearwurke ûnder de Besetting fan Wounded Knee, sei oer him: "De rol fan Hank Adams yn 'e freedsume oplossing fan guon tige drege swierrichheden stiet my noch altyd klear foar de geast." De Yndiaanske aktivist Vine Deloria jr., ien fan 'e ynfloedrykste Yndiaanske publisisten fan 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, neamde Adams "ien fan 'e wichtichste Yndianen fan 'e lêste sechstich jier." Yn 2006 waard Adams troch it tydskrift Indian Country Today de American Indian Visionary Award takend. Hank Adams ferstoar op 21 desimber 2020, yn 'e âldens fan 77 jier.
Literatuer
bewurkje seksje- Wilkins, David, The Hank Adams Reader: An Exemplary Native Activist and the Unleashing of Indigenous Sovereignty, Golden (Kolorado), 2011, (Fulcrum Publishing), ISBN 978-1 55 59 14 479.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |