Russell Means
Russell Means (folút: Russell Charles Means, Yndiaanske namme: Waŋbli Ohítika; it Pine Ridge Yndianereservaat (Súd-Dakota), 10 novimber 1939 – Porcupine (Súd-Dakota), 22 oktober 2012), wie in Amerikaansk Yndiaansk boarger- en minskerjochte-aktivist, politikus, akteur, sjonger, keunstskilder en skriuwer fan etnysk Oglala-Lakota-Sû-komôf. Hoewol't er foar bûten de Feriene Steaten benammentlik bekend waard as Hollywood-akteur, wêrby't er wichtige rollen fertolke yn films as The Last of the Mohicans en Pocahontas, wie syn libbenswurk it krewearjen foar de lykberjochtiging fan syn eigen folk, de Sû (Sioux), en oare lânseigen minderheden, sawol yn 'e Feriene Steaten as dêrbûten. Means wie in foaroansteand lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM). Hy wie yn 1973 persoanlik behelle yn 'e Besetting fan Wounded Knee, en bejoech him letter yn 'e Amerikaanske polityk, benammentlik op regionaal nivo yn it Pine Ridge Reservaat, mar ek op steats- en nasjonaal nivo. Yn 2007 wied er de wurdfierder en ien fan 'e foaroanmannen fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje (LFD), dy't ferklearre dat de Lakota in eigen steat oprjochten, de Republyk Lakota. De rest fan syn libben krewearre er om erkenning foar dat lân te krijen. Means stoar yn 2012 op 72-jierrige âldens oan sloktermkanker.
Russell Means | ||
akteur | ||
Russell Means yn 1987. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Russell Charles Means Waŋbli Ohítika | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 novimber 1939 | |
berteplak | it Pine Ridge Yndianereservaat (Súd-Dakota) | |
stoarn | 22 oktober 2012 | |
stjerplak | Porcupine (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota | |
reg. identiteit | Oglala | |
jierren aktyf | 1980-er jierren – 2012 | |
offisjele webside | ||
www.russellmeans.com |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeRussell Means waard yn 1939 berne op it plattelân fan it Pine Ridge Yndianereservaat, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de soan fan Theodora Louise Feather en Walter "Hank" Means. Syn âldelju wiene allebeide folbloed Sû-Yndianen: syn heit wie in Oglala-Lakota út it Pine Ridge Reservaat, wylst syn mem in Westlike Dakota fan 'e Jankton-stamme wie út Greenwood yn Súd-Dakota. Syn mem joech him de Lakota-namme Waŋbli Ohítika, wat "Dappere Earn" betsjut.
Doe't Means trije jier wie, ferfear de húshâlding nei noardlik Kalifornje, yn in besykjen fan syn âldelju om te ûntsnappen oan 'e earmoede en de sosjale swierrichheden yn it reservaat, lykas it dêr rûnom foarkommende alkoholisme en húslik geweld. Se setten har nei wenjen yn San Leandro, in foarstêd fan San Fransisko, dêr't Hank Means op in skipswerf wurke. Yn 1958 slagge Russell Means dêre foar de middelbere skoalle, wêrnei't er studearre oan fjouwer universiteiten, mar nearne syn stúdzje ôfmakke. Neffens syn autobiografy hie Means in drege jonkheid, mei't syn heit alkoholist wie, en hysels ferfoel ta in libben fan skoaltsjeskûljen, misdie en drugs, foar't er syn ropping as minskerjochte-aktivist ûntdiek.
Nei't syn heit yn 1967 ferstoar, swalke Means troch de Feriene Steaten en libbe er yn ferskate reservaten. Yn it Rosebud Reservaat fan Súd-Dakota waard er oerfallen troch akute dûzeligens. De dokters yn 'e klinyk dêr't er hinne brocht waard, mienden earst dat er dronken wie, en doe dat er in harsensskodding oprûn hie by slaanderij. Mar feitliks seagen se in simpele earynfeksje oer de holle, wat Means it gehoar yn ien ear koste. Nei't er it Rosebud Reservaat ferlitten hie, bedarre Means yn Cleveland, yn 'e steat Ohio, dêr't er foar it earst yn kontakt kaam mei Yndianen dy't aktyf wiene yn 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging.
Aktivisme
bewurkje seksjeYn 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging
bewurkje seksjeMeans waard yn 1968 lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (American Indian Movement, AIM), dêr't er al rillegau ien fan 'e foaroanmannen fan waard. Yn 1970 waard er beneamd ta de earste nasjonale direkteur fan 'e AIM. Syn liederskip foel gear mei in perioade fan eskalearjende protesten en oare foarmen fan aktivisme, wêrby't er gauris persoanlik oan 'e aksjes dielnaam. Sa wied er yn 1969 belutsen by de besetting, troch AIM-leden en oare aktivisten, fan Alcatraz, it finzeniseilân yn 'e Baai fan San Francisco. Yn 1970 besetten Means en oare AIM-leden op Thanksgiving Day yn 'e haven fan Boston de Mayflower II (de replika fan 'e Mayflower, it skip dêr't de earste Ingelske puriteinen Noard-Amearika mei berikten), by wize fan protest tsjin 'e manear wêrop't de puriteinen de Yndianen behannele hiene. Oare besettingsaksjes dêr't Means oan dielnaam, wiene dy fan Mount Rushmore (in federaal monumint yn 'e Black Hills fan Súd-Dakota, dêr't de gesichten fan fjouwer blanke Amerikaanske presidinten út 'e foar de Lakota hillige heuveltop houd binne) yn 1971, en dy fan it haadkertier fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) yn Washington, D.C. yn 1972.
Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten en nei alle gedachten it bekendste wie lykwols de belegering fan it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e AIM ûnder lieding fan Dennis Banks en Carter Camp holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Means die ek aktyf oan dy besettingsaksje mei, en trede dêrby op as wurdfierder fan 'e aktivisten. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden (in Sjeroky út Noard-Karolina en in Oglala út it Pine Ridge Reservaat) en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne waarden (wêrfan't ien, in FBI-agint, bliuwend ferlamme rekke).
Oar ier aktivisme
bewurkje seksjeYn 1974 joech Means syn liederskip fan 'e AIM op om him kandidaat te stellen foar it presidintskip fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota. Neffens de offisjele útslach ferlear er dêrby mei in marzje fan 200 stimmen fan 'e sittende presidint Dick Wilson, mar der waard troch de ynwenners fan it reservaat rûnom klage oer de yntimidaasjepraktiken fan Wilson syn privee-milysje, de Guardians of the Oglala Nation. Hoewol't in oerheidsûndersyk dat letter befêstige, stelde in federaal gerjochtshôf Wilson likegoed yn it gelyk doe't Means de útslach oanfocht.
Dêrop begûn Means him yn te setten foar lânseigen minderheden bûten de Feriene Steaten, benammentlik yn Súd- en Midden-Amearika. Yn 1977 wurke er gear mei de Feriene Naasjes om 'e Ynternasjonale Yndiaanske Ferdrachsried te stiftsjen, wylst er thús, yn Porcupine, yn it Pine Ridge Reservaat, holp om in pleatslike radiostjoerder en klinyk op te setten. Yn 'e 1980-er jierren rekke er troch syn stipe foar de Miskito-Yndianen yn Nikaragûa behelle yn 'e Nikaragûaanske Boargeroarloch. Means stelde him iepentlik op efter de Miskito-organisaasje MISURASATA (tsjintwurdich YATAMA), hoewol't dy in bûnsgenoatskip ûnderhold mei de Kontra-rebellen.
Brek mei de AIM
bewurkje seksjeMei't it grutste part fan 'e AIM krekt it sandinistyske regear fan Nikaragûa stipe, wie dat der de oarsaak fan dat Means yn jannewaris 1988 út 'e AIM stapte. Benammen tusken Means en Clyde Bellecourt en dy syn broer Vernon Bellecourt, dy't de AIM mei oprjochte hiene, wiene de relaasjes striemin wurden. Means syn oanhingers binnen de AIM hiene lykwols it gefoel dat er oan 'e kant set wie, en nei ferskate jierren fan trochotterjend konflikt briek de organisaasje yn 1993 midstwa: de AIM-Grand Governing Council, dy't de rjochten op 'e oarspronklike namme behold, fêstige yn Minneapolis, yn Minnesota, en oanfierd troch de bruorren Bellecourt; en de AIM-Autonomous Chapters, fêstige yn Colorado en besteande út 'e oanhingers fan Means.
De brek tusken de beide dielen fan 'e organisaasje boaze noch oan troch de saak-Aquash. Op 24 febrewaris 1976 waard yn 'e wyldernis fan it Pine Ridge Reservaat it stoflik omskot oantroffen fan Anna Mae Aquash, in Mikmak-aktiviste út eastlik Kanada en in foaroansteand lid fan 'e AIM. Hja wie fermoarde op 'e wize fan in formele eksekúsje. Geandewei it ûndersyk die bliken dat der geroften gien wiene dat se in ynformante foar de FBI wie, mar de federale resjerzje ûntstried dat. It ûndersyk eine mar net, wat mei feroarsake waard trochdat Aquash yn Denver, yn Colorado, ûntfierd wie en yn it Pine Ridge Reservaat yn Súd-Dakota fermoarde, sadat der trije plysjetsjinsten by it ûndersyk belutsen wiene: it Denver Police Department, de tribale plysje fan it Pine Ridge Reservaat en de federale FBI.
Yn 1999, doe't der noch altyd nimmen foar de rjochter brocht wie, holden Means en Robert Pictou-Branscombe, in neef fan Aquash, in parsekonferinsje oer de saak, wêrby't se Vernon Bellecourt derfan beskuldigen opdracht ta de moard jûn te hawwen, wylst Clyde Bellecourt bewurkmastere hie dat it misdriuw yn it Pine Ridge Reservaat plakfûn. Neffens Means wie de AIM-lieding dêr (no) fan op 'e hichte, en wie dat de reden dat de bruorren Bellecourt troch in spesjaal tribunaal út 'e organisaasje set wiene, mar besocht men fierder de saak binnenskeamers te hâlden om it imago fan 'e AIM net te skansearjen. Means en Pictou-Branscombe beskuldigen fierders trije lju fan Yndiaansk komôf (Arlo Looking Cloud, Theda Nelson Clark en John Graham) derfan dat se it smoarge wurk opknapt hiene. (De beide manlju waarden yn 2003 oanklage en yn aparte rjochtsaken yn 2004, resp. 2010 foar de moard feroardiele, mar Clark, dy't tsjin dy tiid yn in fersoargingstehûs siet, ûntsprong de dûns.)
Polityk
bewurkje seksjeSûnt de ein fan 'e 1970-er jierren besocht Means ferskate kearen om in keazen amt te bemachtigjen. Sa stimde er yn 1983 ta om by de Amerikaanske presidintsferkiezings de running mate (fise-presidintskandidaat) te wêzen fan pornomagnaat Larry Flynt – al wie dat fansels mear in publisiteitsstunt, want it duo makke gjin skyn fan kâns om 'e ferkiezings te winnen. Yn 1987 die Means mei oan 'e foarferkiezings foar it Amerikaanske presidintskip binnen de lytse Libertaryske Partij, wêrby't er mei in respektabele 31,4% fan 'e stimmen it twadde plak behelle, efter ôffurdige Ron Paul.
Serieuzer wie syn ûnôfhinklik kandidaatskip foar it amt fan gûverneur fan 'e steat Nij-Meksiko yn 2001, mar om't syn kampanje net oan alle prosedurele betingsten foldien hie, waard syn namme lykwols fan 'e stimbiljetten holden. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2004 en fan 2008 stipe Means aktyf de kandidaat fan 'e Griene Partij, Ralph Nader. Underwilens besocht er yn 2004 fannijs om presidint fan 'e Oglala Sû Stamme te wurden, mar dêrby ferlearen sawol hysels as de sittende presidint John Yellow Bird Steele fan Cecilia Fire Thunder, de earste frou dy't ea ta dat amt keazen waard. Yn 2008 besocht er it op 'e nij, mar ferlear wer.
Letter aktivisme
bewurkje seksjeYn 2007 waard Means mei tachtich oare demonstranten oppakt yn Denver, doe't se in optocht besochten te fersteuren ta gelegenheid fan Columbus Day (wêrby't de "ûntdekking" fan Amearika troch Kristoffel Kolumbus yn 1492 fierd wurdt). Means-en-dy kwalifisearren Columbus Day as "it fieren fan genoside".
Datselde jiers rjochte Means mei oare Yndiaanske boargerrjochte-aktivisten de saneamde Lakota Frijheidsdelegaasje (Lakota Freedom Delegation, LFD) op, in omstriden groepearring, dy't op 19 desimber 2007 ferklearre dat de Lakota harren út alle ferdraggen mei de Feriene Steaten weromloeken en de ûnôfhinklike Republyk Lakota útrôpen. It doel fan dy die wie om 'e soevereiniteit oer harren lân werom te winnen. Dat lân definiëarren Means-en-dy trouwens as alle gebiet dat ûnder it earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, oan 'e Lakota tawiisd wie, wat likernôch de helte fan Súd-Dakota, trijefearn fan Nebraska, in fearn fan Wyoming en grutte hoeken fan Noard-Dakota en Montana omfetsje soe. De grutste stêd yn dat gebiet is Omaha, yn Nebraska, mei in befolking fan goed 420.000 minsken. Means helle natuerrjocht, ynternasjonaal rjocht en Amerikaansk rjocht oan om 'e ûnôfhinklikheidsferklearring te ûnderstypjen. Yn it koart kamen de stânpunten fan 'e LFD hjirop del: de Feriene Steaten hawwe har oan net ien fan 'e nei 1851 sletten 33 ûnderskate ferdraggen wat gelegen lizze litten en se allegear brutsen; dat makket dy ferdraggen ûnjildich, sadat de oare partij, de Lakota, him der ek net mear oan hoecht te hâlden. As dy ferdraggen net mear jildich binne, wurdt dêrmei alles logyskerwize en neffens it rjocht werombrocht ta de status quo ante (de sitewaasje sa't dy foartiid wie) ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie.
De Republyk Lakota is oant op hjoed de dei noch troch gjin inkeld lân op 'e wrâld erkend, al hat dat net lein oan 'e ynset fan Means en oaren om sa'n erkenning te bewurkmasterjen. Guon lieders fan 'e offisjeel erkende Lakota-stammen, yn it bysûnder Rodney M. Bordeaux, de presidint fan 'e Rosebud Sû Stamme, en Joseph Brings Plenty, de presidint fan 'e Cheyenne River Sû Stamme, lieten yn jannewaris 2008 witte dat Means en de LFD net foar harren sprieken, noch foar lykfol hokker oar demokratysk keazen Lakota-regear. Hoewol't se tajoegen dat Means de skiednis fan ferrie en brutsen ferdraggen akkuraat sketst hie, stelden se dat it gjin foech joech om 'e ferdraggen iensidich op te sizzen, mar krektoarsom, om jin yn te setten foar it ôftwingen fan it krekte neilibjen fan 'e ferdraggen. Yn in reäksje sei Means dat de beide mannen gelyk hiene dat syn organisaasje gjin "kollaborateurs fertsjintwurdiget, de Vichy-Yndianen en al dy stammeregearrings dy't stifte binne troch de Feriene Steaten."
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeBehalven mei syn aktivisme makke Russell Means ek namme troch as akteur oan in ferskaat oan Hollywood-produksjes mei te wurkjen. De rol dêr't er bûten de Feriene Steaten it bekendst mei waard, wie dy fan it Mohikaanske opperhaad Chingachgook yn The Last of the Mohicans, in ferfilming troch regisseur Michael Mann fan it boek mei deselde namme fan James Fenimore Cooper. Dêryn spile Means mei topakteurs as Daniel Day-Lewis en Madeleine Stowe. Ek hie Means in rol yn 'e tillefyzjefilm The Pathfinder (1996), dy't krektlyk op in boek fan Cooper basearre wie. Hy spile fierders mei yn 'e bioskoopfilm Pathfinder, út 2007, dy't giet oer Yndianen dy't it yn 'e Midsiuwen opnimme tsjin Wytsingen, en dy't nettsjinsteande de oerienkomst fan namme neat mei de eardere tillefyzjefilm út te stean hat.
Lytsere rollen hie Means yn û.m. de misdiefilm Natural Born Killers (1994), mei Woody Harrelson, en de westernkomeedzje Wagons East (1994), mei John Candy. Yn 'e minysearje Buffalo Girls (1995), spile er it opperhaad Sittende Bolle. Ek hied er in cameo yn 'e minysearje Into the West (2005), oer de kolonisaasje fan it Wylde Westen. Op 'e tillefyzje wie Means fierders ek te sjen yn gastrollen yn plysjesearjes as Walker, Texas Ranger, The Profiler en Nash Bridges. Yn syn lêste jierren spile er noch yn 'e films Rez Bomb (2008), dy't yn it Pine Ridge Reservaat opnommen waard, en Tiger Eyes, en de postúm yn 2013 útkommen film Days and Nights.
Means wurke ek wol as stimakteur, en ferfolle yn 1995 datoangeande in wichtige rol as it opperhaad Powhatan, de heit fan Pocahontas, yn 'e tekenfilm Pocahontas, doedestiden de op twa nei bêstferkeapjende film dy't ea troch de Disney-studio's makke wie. Doe't der yn 1998 in ferfolch makke waard, Pocahontas II: Journey to a New World, wie Means op 'e nij fan 'e partij. Ek foar koartere animaasjefilms liende er syn stim wol; sa wurke er yn 1997 bgl. mei oan in ôflevering út 'e Disney-rige Duckman, wêryn't Duckman syn gesin meinimt op in edukatyf útstapke nei in "ûnferfalske Yndianereservaat", dat in ordinêr kasino blykt te wêzen. Oan fideospultsjes wurke Means ek mei as stimakteur, lykas oan Under a Killing Moon, út 1994.
Autobiografy
bewurkje seksjeYn 1995 publisearre Means syn autobiografy, titele Where White Men Fear to Tread ("Dêr't Blanken Har Net Weagje"), by it skriuwen wêrfan't er holpen waard troch ghostwriter Marvin J. Wolf. Yn it boek spriek Means frijút oer syn alkoholistyske heit en syn eigen iere swierrichheden. Fierders beljochte er syn karriêre yn 'e AIM en dêrbûten, wêrby't er syn miening oer lju fan alderhanne slach net ûnder stuollen of banken stiek. Resinsinten hiene krityk op it boek, mar oer it algemien akseptearren se it tagelyk as it persoanlike ferslach fan in libben, skreaun út 'e persoan sels wei.
Patricia Holt, literatuerkritika foar de krante de San Francisco Chronicle, skreau: "It is Amerikaanske skiednis – mei wratten en wûnen en al." Auteur Mari Wadsworth skreau yn it tydskrift de Tucson Weekly: "Krityske lêzers kinne mar better skeptysk bliuwe oer lykfol hokker persoan, hoe garismatysk oft er ek wêze mei, dy't úthâldt dat er de stim fan it gesach en de autentisiteit is foar hokker befolkingsgroep ek, lit stean ien dy't sa ferskaat is as de lânseigen stammen fan 'e Amearika's. Mar hokfoar konklúzjes oft men ek lûke mei oer Means syn dieden en bedoelings, syn net-ôflittende oanwêzichheid en syn ûnferfearde iepenhertichheid hawwe in dialooch iepene dy't de rin fan 'e Amerikaanske skiednis feroare hat."
Oar wurk
bewurkje seksjeRussell Means wie ek muzikaal oanlein en naam yn 1993 in eigen cd op mei as titel Electric Warrior, dy't er útbrocht by it ûnôfhinklike label Sound of America Records (SOAR). Dêrnjonken wied er in fûleindich keunstskilder, dy't syn wurk yn in ferskaat oan galeryen ferspraat oer de hiele Feriene Steaten en ek dêrbûten eksposearre. Sels wied er it ûnderwerp fan in rige fan achttjin ôfsûnderlike portretten dy't de Amerikaanske keunstner Andy Warhol yn 1976 makke.
Priveelibben
bewurkje seksjeMeans troude fiif kear en skiede fjouwer kear. Hy hie tsien bern. Syn lêste frou Pearl Means en hy bleaune byinoar oant syn dea. Op 29 desimber 1997 kaam Means yn it nijs, doe't er oppakt waard foar mishanneling fan syn doetiidske skoanheit, de 56-jierrige Leon Grant, in lid fan 'e Navaho Naasje.
Lêste Jierren en dea
bewurkje seksjeYn augustus 2011 waard by Means sloktermkanker fêststeld. Doe't syn dokters him fertelden dat se neat mear foar him dwaan koene, seid er tsjin it parseburo Associated Press dat er Westerske medyske praktiken fersmiet om him ynstee op tradisjonele Yndiaanske genêswizen ta te lizzen. Yn septimber seid er dat de tumor al in stik lytser wurden wie, en yn desimber woed er hawwe dat er foar 95% genêzen wie, en dat er "de deastraf oerwûn" hie. Yn 2012 rekke er lykwols slim yn 'e minnichte, en op 22 oktober fan dat jier, minder as in moanne foar syn 73ste jierdei, kaam er te ferstjerren.
Nei syn dea waard Means, dy't foar in grut part fan 'e Feriene Steaten it gesicht fan 'e Yndiaanske beweging wurden wie, ferlike mei njoggentjinde-iuwske grutheden as Sittende Bolle en Mâl Hynder. Men sei dat Means syn gesicht yn Mount Rushmore úthoud wurden moatten hie ynstee fan dy fan fjouwer blanke presidinten. Neffens ABC News hie Means syn libben trochbrocht as in moderne Yndiaanske kriger.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1992 | The Last of the Mohicans | Chingachgook | |
1994 | Windrunner | Wa Tho Huck / Jim Thorpe / Country Ghost | |
1994 | Wagons East | opperhaad | |
1994 | Natural Born Killers | âlde Yndiaan | |
1994 | PahaSapa... The Struggle for the Black Hills | himsels | dokumintêre |
1995 | Pocahontas | opperhaad Powhatan | as stimakteur |
1997 | Song of Hiawatha | Mudjekeewis | |
1998 | Pocahontas II: Journey to a New World | opperhaad Powhatan | as stimakteur |
1998 | A League of Old Men | Imber | |
2000 | Wind River | opperhaad Washakie | |
2000 | Thomas and the Magic Railroad | Billy Twofeathers | |
2001 | Cowboy Up | Joe | |
2002 | 29 Palms | opperhaad | |
2003 | Images of Indians: How Hollywood Stereotyped the Native American | himsels | dokumintêre |
2004 | Black Cloud | Bud | |
2004 | The Last Shot | himsels | |
2005 | Looks Twice | Joaquin | koarte film |
2006 | Wounded Heart: Pine Ridge and the Sioux | himsels | ek voice-over; dokumintêre |
2007 | Pathfinder | Pathfinder | |
2007 | Unearthed | pake | |
2007 | Intervention | ? | |
2008 | Rez Bomb | Dodds | |
2008 | Turok - Son of Stone | sjamaan | as stimakteur |
2009 | Reel Injun | himsels | dokumintêre |
2010 | Questions for Crazy Horse | himsels | dokumintêre |
2010 | The Sasquatch and The Girl | ferteller | koarte film |
2012 | Tiger Eyes | Willie Ortiz | |
2013 | Days and Nights | Big Jim | postúm útkommen |
tillefyzje | |||
1995 | Buffalo Girls | Sittende Bolle | minysearje |
1995 | The Making of "Pocahontas": A Legend Comes to Life | himsels | tillefyzjedokumintêre |
1996 | Walker, Texas Ranger | Luther Iron Shirt | gastrol; ôfl. Plague |
1996 | The West | ? | as stimakteur; dokumintêresearje; ôfl. The People en Fight No More Forever |
1996 | The Pathfinder | Arrowhead | tillefyzjefilm |
1996 | Touched by an Angel | Edison | gastrol; ôfl. Written in Dust |
1997 | Remember WENN | Joseph Greyhawk | gastrol; ôfl. And How! |
1997 | Duckman | ? | as stimakteur; gastrol; ôfl. Role with It |
1997 | The Profiler | omke Joe | gastrol; the Sorcerer's Apprentice |
1998 | Nash Bridges | Dexter Birdsong | weromkearende rol; ôfl. Downtime en Lady Killer |
1998 | Black Cat Run | Ten Reed | tillefyzjefilm |
2001 | Family Law | James Saginaw | gastrol; ôfl. Americans |
2002 | Liberty's Kids | ? | gastrol; ôfl. The New Frontier en Bostonians |
2004 | Curb Your Enthusiasm | Wandering Bear | gastrol; ôfl. #4.8 |
2005 | Into the West | de âldere Running Fox | minysearje; 3 ôfl. |
2009 | American Experience | himsels | dokumintêresearje; ôfl. We Shall Remain: Part V – Wounded Knee |
2013 | Banshee | Benjamin Longshadow | weromkearende rol; 4 ôfl. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Russell Means
- (in) Folsleine filmografy fan Russell Means yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |