Walla Walla (Washington)

Walla Walla is in stêd yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Washington, fuort benoarden de grins mei de buorsteat Oregon, op likernôch 4½ oere riden fanôf sawol Portland, yn Oregon, as Seattle, yn Washington. It is it haadplak en de grutste stêd fan it omlizzende Walla Walla County. Walla Walla wurdt trochkrúst troch ferskate beken, dy't 48 km bewesten it stedsje útmûnje yn 'e rivier de Kolumbia. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Walla Walla doe krapoan 32.000 ynwenners. As de beide 'foarstêden' fan Walla Walla, de town College Place en it doarp East Walla Walla, meiteld wurde, komt de befolking fan 'e 'stêdekloft' út op sa'n 45.000 minsken.

Walla Walla
Emblemen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Walla Walla County
Sifers
Ynwennertal 31.910 (2014)
Oerflak 33,3 km² (ynkl. wetter)
33,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 956,4 / km²
Stêdekloft 45.000 (2010)
Hichte 287 m
Oar
Stifting 1856
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 46°03′54″N 118°19′49″W
Offisjele webside
www.ci.walla-walla.wa.us
Kaart
De lizzing fan Walla Walla yn Walla Walla County en yn 'e steat Washington.

Namme bewurkje seksje

It ûnoffisjele biedwurd fan Walla Walla is the town so nice they named it twice ("it stedsje dat sa moai is dat se it twaris neamd hawwe"). Eins is 'Walla Walla' in toponym dat fan Yndiaansk komôf is, út it Nez Persé. It soe betsjutte: 'it plak dêr't in lytsere stream útmûnet yn it gruttere stream', al wurdt de betsjutting gauris jûn as 'it Plak fan Mannich Wetter', om't dat better klinkt.

 
De âlde misjepost.

Skiednis bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan 'e krite troch de blanken waard it gebiet dêr't Walla Walla no leit, bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Nez Persé, de Walla Walla en de Kajûs (Cayuse). De earste blanken setten har der nei wenjen doe't de Britske Noardwestlike Kompanjy der yn 1818 it Fort Nez Perce stifte. It fort, eins mear in hannelspost as in militêre fêsting, lei westlik fan 'e hjoeddeistige stêd. Letter waard de Noardwestlike Kompanjy, en dêrmei ek Fort Nez Perce, oernommen troch de bekendere Hudsonbaaikompanjy, en ûntjoech it him ta in wichtich mar tydlik sintrum foar de pelshannel yn it Oregon-territoarium (dêr't doedestiden ek Washington, Idaho en Britsk-Kolumbia ta hearden).

Op 1 septimber 1836 arrivearre de sindeling Marcus Whitman mei syn frou Narcissa Whitman yn 'e krite om der de Whitman-misjepost te fêstigjen, ek westlik fan 'e hjoeddeiske stêd. It krewearjen fan 'e Whitmans om 'e Walla Walla ta it kristendom te bekearen, wie lykwols om 'e nocht. Doe't der in epidemy fan 'e mûzels ûnder de Yndianen útbriek (in sykte dy't troch de blanken meinommen wie en dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene), waarden de Whitmans en harren assistinten ombrocht by in oanfal op 'e misjepost troch de Kajûs, dy't mienden dat de sindelingen de lânseigen befolking fergiftigen (wat yn sekere sin ek sa wie, mar net mei sin en net op 'e wize dy't de Yndianen fermoeden). It tsjintwurdige Whitman Kolleezje yn Walla Walla is nei it sindelingepear ferneamd.

Nei't it súdlike part fan it Oregon-territoarium yn 1846 by de Feriene Steaten kommen wie te hearren, waard op it plak fan 'e stêd Walla Walla it Amerikaanske Fort Walla Walla stifte. Dêromhinne groeide neitiid de delsetting dy't Walla Walla wurde soe. Yn 't earstoan hiet dy delsetting trouwens Steptoeville, en wie it ferneamd nei kolonel Edward Steptoe. Yn 1859 en 1860 waard troch it Amerikaanske Leger tusken Fort Walla Walla en Fort Benton, yn Montana, de saneamde Mullan Road oanlein, dy't it meast binnenlânske punt dat de skipfeart berikke koe op 'e rivier de Kolumbia ferbûn mei it fierste binnenlânske punt fan it rivieresysteem fan 'e Missoury-Mississippy. Sa waard der dus in ferbining makke tusken de Stille Oseaan en de Golf fan Meksiko.

 
It haadgebou fan it Whitman Kolleezje.

Walla Walla krige op 11 jannewaris 1862 stedsrjochten. As resultaat fan in goudkoarts yn in deunby lein diel fan Idaho groeide de stêd yn dat desennium út ta de grutste delsetting yn Washington, en in skoftke lang kaam Walla Walla yn oanmerking om 'e haadstêd fan it nije territoarium te wurden. Nei in snuorje fan flugge groei kaam lykwols stagnaasje, en ûntjoech de stêd him ta in sintrum fan 'e lânbou. Fan 1846 oant 1850 wie Walla Walla de sit fan in biskop fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, wêrnei't it opnommen waard yn it Bisdom Nesqually, mei de sit yn Vancouver (Washington). Yn 1971 waard it bisdom Walla Walla weroprjochte as in titulêr bisdom, dat dus inkeld op papier bestiet, om Fatikaanske burokraten dy't foar dy rang yn oanmerking komme fan in biskopstitel te foarsjen.

 
It Whitman Hotel yn it sintrum fan Walla Walla.

Walla Walla hjoed de dei bewurkje seksje

Tsjintwurdich is Walla Walla noch altyd benammen in agrarysk plak. It is it sintrum fan in lyts wyngebiet mei yn 2006 mear as hûndert wyngerds. Fierders wurde der ek in protte swiete sipels ferboud. Yn Walla Walla binne trije regionale sikehuzen fêstige; fierders is der in eigen fleanfjild, it Walla Walla Regional Airport, en de Washington State Penitentiary, de op twa nei grutste finzenis yn 'e steat Washington, nei it Coyote Ridge Corrections Center yn it deunby leine Connell en it Monroe Corrections Complex yn Monroe.

Demografy bewurkje seksje

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Walla Walla yn 2014 in befolking fan 31.910 minsken. De befolkingstichtens bedroech 956,4 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Walla Walla 14% âlder as 65 jier en 22% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 18,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 59,6% blanken; 22,0% Latino's; 2,7% swarten; 1,4% Aziaten; 1,3% Yndianen; 0,3% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 12,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
De âlde treinremize, no in restaurant.
 
It koepelpaviljoen fan it Walla Walla Community College.

Berne yn Walla Walla bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Walla Walla hat in steppeklimaat, mei hjitte, drûge simmers en koele, wiete(re) winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 3,8 °C. Walla Walla kriget jiers trochinoar 500 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 33,9 sm snie. De stêd hat jiers yn trochsneed rom 2.449 oeren sinneskynwaar.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.