Frank Fools Crow (Porcupine (Súd-Dakota), 24 of 27 juny wierskynlik 1890Kyle (Súd-Dakota), 27 novimber 1989) wie in Amerikaansk aktivist en in foaroansteand maatskiplik en religieus lieder fan 'e Oglala-Lakota. Hy sette him oanhâldend yn foar it behâld fan 'e tradysjes fan syn folk, lykas de sinnedûns- en yuwipi-seremoanjes. Teffens stipe Fools Crow soevereiniteit foar de Lakota en de rjochten fan syn folk sa't dy yn 'e ferdraggen mei de Feriene Steaten fêstlein wiene. Yn it ferlingde dêrfan ivere er ek foar de weromjefte fan 'e Black Hills. Under de Besetting fan Wounded Knee, yn 1973, wie Fools Crow ien fan 'e lieders fan 'e tradisjonalisten. Teffens publisearre er twa boeken.

Frank Fools Crow
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frank Fools Crow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 of 27 juny wierskynlik 1890
berteplak Porcupine (Súd-Dakota)
stoarn 27 novimber 1989
stjerplak Kyle (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad en medisynman
   fan 'e Oglala-Lakota
aktyf as aktivist
jierren aktyf ±19301989
bekendste
  wurk(en)
Fools Crow
Fools Crow: Wisdom and Power

Frank Fools Crow waard wierskynlik yn 1890 berne by Porcupine, yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Syn heit wie Bedraacht-Krie (Fools Crow), in foaroanman fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-, en syn mem wie Leppeljagerinne (Spoon Hunter), dy't kaam te ferstjerren doe't se fjouwer dagen âldkreams fan him wie. Syn pake oan memmekant wie Oerzonsturt (Porcupine Tail), nei wa't it plak Porcupine ferneamd wie, en syn pake oan heitekant wie Messehaadman (Knife Chief), dy't dielnaam oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, yn 1876 it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Fools Crow syn oerpake oan heitekant, de heit fan Messehaadman, wie de medisynman Hâldt-de-Earn (Holds-the-Eagle), en Fools Crow wie fierders in omkesizzer fan 'e foaroansteande Lakota-medisynman en -lieder Swarte Wapity (Black Elk).

Jonge jierren

bewurkje seksje

Troch syn heit en syn styfmem Emily Big Road waard Fools Crow grutbrocht op 'e tradisjonele wize fan folk. Hy waard nea nei ien fan 'e kostskoallen foar Yndiaanske bern ta stjoerd dy't de Amerikanen doedestiden stiften om 'e folgjende generaasje fan 'e Yndianen los te weakjen fan harren eigen kultuer, mei't syn heit dy ûntwikkeling ôfkarde. Fan gefolgen learde Fools Crow nea floeiend Ingelsk te sprekken, en hoewol't er de taal wol ferstie, spriek er yn it iepenbier altyd Lakota. As jongeman joech er him by de wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill, wêrmei't er troch de hiele Feriene Steaten reizge.

Letter ûntjoech Fools Crow him ûnder tafersjoch fan syn omke Swarte Wapity ta in foaroansteand medisynman, en wied er belutsen by it krewearjen foar it behâld fan in grut tal Lakota-tradysjes, lykas de sinnedûns- en de yuwipi-seremoanjes. De sinnedûns wie fan 1884 oant 1934 troch de Amerikaanske oerheid ferbean, mar libbe dêrnei, û.m. troch it wurk fan Swarte Wapity en Fools Crow, mank de Lakota wer op. Nei it ferstjerren fan Swarte Wapity yn 1950 sette Fools Crow it wurk fan syn omke fuort. Neigeraden dat er âlder waard, kaam er ûnder syn folk bekend te stean as Grandfather ("Pake") of Grandpa Frank ("Pake Frank").

Polityk aktivisme

bewurkje seksje

Behalven op religieus mêd wie Fools Crow ek op polityk terrein aktyf. Sa sette er him oanhâldend yn foar de weromjefte fan 'e Black Hills, in gebiet dat hillich is foar de Lakota, mar dat harren yn 1877 troch de Amerikaanske oerheid sûnder oerlis of kompinsaasje ûntnadere wie. Yn 1974 begûn dêr in rjochtsaak oer, dy't yn 1980 resultearre yn in fûnis fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wêrby't oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen tawiisd waard: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols wegere en erken harren rjochten op it lân sels, stegeren de Lakota de skikking ôf. Hoewol't guon fan harren nei ferrin fan tiid troch it grutte bedrach yn ferlieding brocht waarden, holden tradisjonalisten lykas Fools Crow steech fêst oan 'e stelling dat se gjin jild hawwe woene, mar de Black Hills sels. Yn 1976 hold Fools Crow oer dat ûnderwerp in lange taspraak (yn it Lakota) foar de Amerikaanske Senaat.

Fierders kaam Fools Crow yn botsing mei Dick Wilson, dy't yn 1972 stampresidint wurden wie fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota. Dat wie in alkoholistyske dranksmokkelder, dy't as setbaas fan it federale regear yn Washington, D.C. funksjonearre, en mei syn autoritêre manear fan dwaan grutte opskuor yn it reservaat feroarsake. Hy waard troch de Oglala Civil Rights Organization (OSCRO) beskuldige fan machtsmisbrûk, korrupsje en fysike mishanneling fan syn politike tsjinstanners. Yn 1972 besocht de OSCRO Wilson út syn funksje ûntheft te krijen fia in formele ôfsettingsproseduere, mar dat besykjen mislearre troch minne tarieding en om't de Amerikaanske oerheid, yn 'e foarm fan it ynfloedrike Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), fjouwerkant efter Wilson stean bleau.

Yn 1973 naam Fools Crow yn 'e âlderdom fan 83 jier diel oan 'e Besetting fan Wounded Knee, wêrby't sa'n twahûndert Oglala-Lakota en leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging fan 27 febrewaris ôf it plakje Wounded Knee (Súd-Dakota) besetten, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. By dizze besetting trochstiene de wapene aktivisten 71 dagen it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Fools Crow wie dêrby ien fan 'e foarnaamste lieders fan 'e tradisjonalistyske faksje mank de aktivisten. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden (in Sjeroky út Noard-Karolina en in Oglala út it Pine Ridge Yndianereservaat) en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne waarden (wêrfan't ien, in FBI-agint, bliuwend ferlamme rekke). It wie Fools Crow dy't nei dat bloedferjitten besleat dat alles berikt wie dat der mei de aksje berikt wurde koe, en dat it tiid wie om 'e besetting te beëinigjen. Mei de Yndiaanske midsman Hank Adams en Leonard Garment, de persoanlike gesant fan presidint Richard Nixon, beävensearre Fools Crow doe de freedsume oerjefte fan 'e aktivisten, dy't op 8 maaie plakfûn.

Priveelibben en ferstjerren

bewurkje seksje

Fools Crow troude twaris. Syn earste frou, Fannie Afraid of Hawk, stoar yn 1954, en syn twadde frou Kate Fools Crow ûntfoel him yn oktober 1988. Sels kaam Frank Fools Crow op 27 novimber 1989 yn 'e hege âlderdom fan 99 jier te ferstjerren yn Kyle, yn Súd-Dakota. Mei ghostwriter Thomas E. Mails skreau er twa autobiografyske boeken oer syn libben en wurk, Fools Crow, dat yn 1979 útkaam, en Fools Crow: Wisdom and Power, dat yn 1990 postúm publisearre waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.