Rommert Tjeerdsma
Rommert Tjeerdsma (Hallum, 7 febrewaris 1943) is in Frysk skriuwer.
Biografy
bewurkje seksjeTjeerdsma wie postamtner, earst yn Ljouwert en letter yn Stiens. Al betiid hie er in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hie. It skriuwen is er ein jierren tachtich mei begûn. Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske Boekeklub KFFB. Yn 2003 skreau er in skoftke koarte ferhalen foar it Friesch Dagblad. Letter folge de fêste rubryk Kafee Rom Sicht yn Lyts Frisia. Fan 2005 ôf lei Tjeerdsma him hielendal ta op it skriuwen fan proaza. Syn debútroman Brekpunt ferskynde yn 2006 by de KFFB. It boek beskreaut in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Yn 2009 ferskynde it boek Frij as de wyn, dat oer de grutte tsjinstellings tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847 giet. It jier dêrop ferskynde syn tredde roman, Reboelje yn Kollumerlân. It boek, dat by de Friese Pers Boekerij ferskynde, spilet him ôf yn de Frânske tiid en giet oer it Kollumer Oproer yn 1797. Haadpersoanen binne Eabele Keuning en Jan Binnes, dy't as skoaljonges al in grut skeel hawwe en dy't elkoar letter by de Oproer wer tsjin komme. Tjeerdsma hat altyd in soad belangstelling foar skiednis hân en dat is yn syn romans dúdlik werom te finen.
Yn febrewaris 2013 ferskynde it nijste boek fan Tjeerdsma by de KFFB: Om Doutzen. It ferhaal spilet him ôf om 1935 hinne en giet oer de leafde tusken twa jonge minsken; mei op de eftergrûn de earmoede fan de tritiger jierren en de opkomst fan it nasjonaalsosjalisme.
Rommert Tjeerdsma is troud mei dichteresse Jelly Keekstra en wennet yn Marrum.
Bibliografy
bewurkje seksje- 2006: Brekpunt
- 2009: Frij as de wyn
- 2010: Reboelje yn Kollumerlân
- 2013: Om Doutzen
- 2014: Ferliezers
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Skriuwersynformaasje oer Rommert Tjeerdsma op de hiemside fan It Fryske Boek
- Weblog fan Rommert Tjeerdsma