Chriet Titulaer (Hout-Blerick (Fenlo), 9 maaie 1943Driebergen-Rijsenburg, 23 april 2017 wie in Nederlâns stjerrekundige, telefyzjepresintator en populêr-wittenskiplik skriuwer.

Chriet Titulaer
Chriet Titulaer by in parsekonferinsje op Skiphol (27 novimber 1984)
Chriet Titulaer by in parsekonferinsje op Skiphol (27 novimber 1984)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 maaie 1943
berteplak Hout-Blerick
stoarn 23 april 2017
stjerplak Driebergen-Rijsenburg
wurkpaad
berop/amt Astronoom
aktyf as Telefyzjepresintator/produsint, publisist, wittenskipspromotor
reden
  bekendheid
Wondere Wereld by TROS

Biografy bewurkje seksje

Titulaer studiearre oan Universiteit Utert wiskunde en natuerkunde mei as haadfak stjerrekunde. Syn ôfstudearskripsje gie oer de Moanne. Tidens syn stúdze rjochte er, tegearre mei Ton Smit, op 18 april 1965 de ôfdieling Venlo fan de Nederlandse Vereniging voor Weer- en Sterrenkundeop (sûnt 1990 Weer- en Sterrenkundige Vereniging "Jean Delsing" neamd) en organisearre it jier dêrnei de eksposysje "Mens en het Heelal", destiids de grutste waar-, stjerre- en romtefeartkundige manifestaasje dy't ea yn Nederlân wie. Nei sa'n twa jier yn de Feriene Steaten en dêrnei twa jier yn Frankryk as astronoom arbeide te hawwen, waard er in bekende presintator fan telefyzje- en radioprogramma's oer wittenskip en technyk.

Persoanlik libben bewurkje seksje

Titulaer wie troud en hie twa dochters. Hy wenne mei sy gesin yn Houten, dêr't ek syn kantoar wie. Titulaer wie tsientallen jierren oanhelle mei sûkersykte. Yn de jierren 90 krige er mear as ien harsensynfarkten. Sûnt wie it rinnen dreech, koe er him min konsintrearje en ferskynde dêrom net mear yn it iepenbier. Titulaer wenne syn lêste jierren yn in fersoarchinghûs yn Driebergen.[1][2]

Wurkpaad bewurkje seksje

Tusken 1969 en 1990 wie Titulaer in protte op telefyzje. Titulaer syn populêrens begûn mei doe't er meipresintator (tegearre mei Henk Terlingen, "Apollo Henkie") wie fan it telefyzjeferslach fan de earste moannelâning yn 1969. Ek wie er kommentator by de live-útsjoering fan de lansearrin fan de Spaceshuttle Columbia yn 1981. Hy waard faak frege as kommintator at der nijs wie op it mêd fan wittenskip en technyk, fral by nijs oer romtefeart en astronomy. Titulaer wie yn 1969 bygelyks alle moandeijûnen by de EO te sjen op Nederlân 2 mei in rige oer technyk, "Hoe is het mogelijk".[3]

 
Chriet Titulaer yn 1984

Letter (1983) begûn Titulaer syn eigen mediaproduksjebedriuw Chriet Titulaer Producties BV en wurke er in protte foar Teleac en de TROS. Hy produsearre populêr-wittenskiplike programma's lykas TROS Wondere Wereld en telefyzjekursussen sa as Moderne Sterrenkunde en Nederland en het Weer. Yn de jierren 90 ferkocht er dit bedriuw om reden fan minder wurdende sûnens.

Hy wie ek mei-oprjochter fan de wilens net mear besteande projekten Hûs fan de Hûs fan de Takomst, Kantoar fan de Takomst en Sikehûs fan de Takomst. It projekt Hotel fan de Takomst yn Houten rûn op 'e non mei't it te djoer wie. Ek wie mei oaren inisjatyfnimmer fan it rekreätyf-edukatyf park foar stjerrekunde en romtefeart, it Cosmo Science Center yn Noard-Brabân, dat der oars nei kaam.

Yn 1986 organisearre er de romtefeartmanifestaasje Space '86 in de Jierbeurs te Utert. Ta promoasje dêrfan liet er in skildere Saturnus V-raket op wiere grutte tsjin de Uterske Domtoer oanbringe; raket en toer binne beide likernôch 110 meter heech. Titulaer skreau ferskate populêr-wittenskiplike boeken oer technyk, romtefeart, kompjûters, IT, waar- en stjerrekunde. By eveneminten en temadagen op skoallen op dat mêd, waard er faak frege as ynliedend sprekker. Dy publike optredens fan Titulaer, lykas earder ek foar radio en telefyzje, wie it mei dien doe't fanwegen syn minne sûnens kalm oan dwaan moast.[4]

Titulaer wie jierrenlang eigener fan in Apollokapsule dy't er foar $1 kocht hie fan de Amerikaanske fabrikant nei't de Apollomissys annulearre wiene. Dy kapsule stie yn syn tún oant in Japanner by him oanbelle en de kapsule opkocht foar 30.000 gûne.[5][6]

In planetoïde is nei him fernamd: 12133 Titulaer.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Operatie maan (ferslach fan de romtefeart en moannelâning) (1969)
  • Maanonderzoek (1969)
  • Elseviers atlas van de planeten (1971)
  • Apollo, dossier van het project (1973)
  • Ruimtevaart, moet dat nou? (1974)
  • Landing op Mars (1975)
  • Het grote planetenboek (1976)
  • Leven op andere planeten (1976)
  • De mens in het heelal (1977)
  • De mens en het weer (1979)
  • Van Spoetnik tot spaceshuttle (1979)
  • Televisiesatellieten (1980)
  • Toekomstbeeld (1980)
  • Fotografie bij de politie (1981)
  • De mens in de ruimte (1981)
  • Computers. Wat moet je ermee? (1982)
  • Een kwart eeuw ruimtevaart (kursusboek Teleac, 1982)
  • De mens en de computer (1983)
  • Bijblijven met de nieuwe media (1983)
  • Het grote hemelboek (1985)
  • De mens in de kosmos (1985)
  • Tros Wondere wereld woordenboek (1986)
  • Space 86 (1986)
  • Toekomst in telecommunicatie (1988)
  • De micro-elektronica revolutie (1988)
  • Van Edison tot CD-video (1988)
  • Huis van de toekomst (1989)
  • Welkom in de toekomst (1990)
  • Kantoor van de toekomst (1991)
  • Welkom in 2000 (1993)
  • Mijn biografie (1997)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sterrenkundige en tv-persoonlijkheid Chriet Titulaer overleden, De Limburger, 23 april 2017
  2. Sterrenkundige Chriet Titulaer (73) overleden, AD, 23 april 2017
  3. 'Hoe is het mogelijk' wordt elke maandag uitgezonden op Nederland 2 om 19.00 uur. trouw.nl
  4. Veel animo voor standbeeld Chriet Titulaer, Omrop Fenlo, 29 febrewaris 2016
  5. Interview met Chriet Titulaer, WAVE magazine, july 1996
  6. Image of the Apollo capsule at Space '86