Peter DePoe (Neah Bay (Washington), 1943) is in Amerikaansk muzikant fan mingd etnysk komôf. Hy hat bekendheid krigen as drummer fan 'e band Redbone.

Peter DePoe
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter DePoe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1943
berteplak Neah Bay (Washington)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Irokeesk
Noardlik Arapaho
Noardlik Sjajinsk
Odjibwe
Silets
Tûtûtny
wurkpaad
sjenre rock, pop
ynstrumint drumstel
jierren aktyf 1969 – no
offisjele webside
www.redbone.com

Berte en komôf

bewurkje seksje

DePoe waard yn 1943 berne yn Neah Bay, yn 'e Amerikaanske steat Washington, it haadplak fan it Makah Yndianereservaat. Hy is fan tige mingd etnysk komôf, mei Dútsk, Frânsk en Yndiaansk bloed. Syn Yndiaanske foarâlden hearden ta de Irokezen, Noardlike Arapaho, Noardlike Sjajinnen, Odjibwe, Silets en Tûtûtny.

Yn 1969 krige DePoe bekendheid doe't er de drummer waard fan 'e Yndiaanske band Redbone. Hy ûntwikkele de styl fan drummen dy't bekendstiet as 'King Kong'. Yn 1972, nei it ferstjerren fan syn heit, ferliet er de band. Hy waard ferfongen troch Arturo Perez en letter troch de Filipynske Meksikaan Butch Rillera. DePoe sette syn muzykkarriêre fuort by lytsere, minder bekende bands, en is oant hjoed de dei ta as drummer aktyf.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.