Lech Wałęsa (útspr.: [lɛx va'wɛ̃sa], likernôch "lech va-û-ênsa" (mei in nasale ê en in stomme n); yn Nederlânske media ornaris misstavere as Lech Walesa of Lech Walensa; Popowo, 29 septimber 1943) is in Poalsk âld-fakbûnslieder, minskerjochte-aktivist en politikus. As elektrisiên wied er yn 1980 ien fan 'e oprjochters fan Solidariteit, it earste ûnôfhinklike fakbûn yn 'e Eastbloklannen, dêr't er tsien jier lang foarsitter fan wie. Nettsjinsteande ferfolging troch de kommunistyske autoriteiten fan Poalen hold Wałęsa yn dy rol steech fol. Yn 1983 waard syn freedsum krewearjen foar minskerjochten beleanne mei de Nobelpriis foar de Frede. Doe't yn 1989 it Izerne Gerdyn foel, late Wałęsa de ûnderhannelings dy't útmûnen yn 'e earste semy-frije ferkiezings fan Poalen. Dêrnei tsjinne er fanôf 1990 fiif jier lang as presidint fan syn heitelân.

Lech Wałęsa
politikus
echte namme Lech Wałęsa
nasjonaliteit Poalsk
bertedatum 29 septimber 1943
berteplak Popowo (Poalen)
etnisiteit Poalsk
prizen Nobelpriis f.d. Frede 1983
Pres. Frijheidsmedalje 1989
presidint fan Poalen
amtsperioade 19901995
foargonger Wojciech Jaruzelski
opfolger Aleksander Kwaśniewski
foarsitter fan Solidariteit
amtsperioade 19801990
foargonger nimmen (nij oprjochte)
opfolger Marian Krzaklewski

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Wałęsa waard yn 1943, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, berne yn Popowo, yn sintraal Poalen, yn in famylje dy't neffens guon boarnen oarspronklik mooglik fan etnysk Skotsk komôf wie ('Wałęsa' soe yn dat ferbân in ferbastering wêze fan 'Wallace').[1][2] Oare boarnen ûntstride dit, en wize derop dat 'Wałęsa' in ferâldere Poalsk wurd is dat "swalker" of "liddichgonger" betsjut.[3] Yn elts gefal wie Wałęsa syn heit, Bolesław Wałęsa, in timmerman dy't in pear moanne foar de berte fan syn soan oppakt waard troch de Dútske besetters en twa jier trochbrocht yn it konsintraasjekamp te Młyniec. Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde er werom nei hûs, mar beswiek twa moannen letter yn 'e âlderdom fan 34 jier oan útputting en sykte. Wałęsa syn mem, Feliksa Kamienska, brocht har soan neitiid allinnich grut.

Wałęsa gie nei de legere skoalle yn Chalin en folge dêrnei in oplieding ta elektrisiên oan 'e ambachtsskoalle yn Lipno, dy't er yn 1961 mei goed gefolch ôfrûne. Neitiid wurke er fjouwer jier lang as in automonteur, wêrnei't er fan 1965 oant 1967 syn twajierrige tsjinstplicht ferfolle. Dêrby brocht er it ta de rang fan korporaal. Nei't er út tsjinst kommen wie, fûn er op 12 july 1967 wurk as elektrisiên op 'e Lenin Skipswerf yn 'e wichtige havenstêd Gdańsk (no de Gdańsk Skipswerf).

 
Wałęsa by in stakingsgear-komste yn 1980.

Ier aktivisme en beskuldigings fan kollaboraasje bewurkje seksje

Al fan begjin ôf oan wie Wałęsa tige ynteressearre yn minskerjochten. Sa moedige er yn 1968 syn kollega's oan om offisjele gearkomsten te boykotten dêr't de studintedemontraasjes fan dat jier feroardiele waarden. Yn 1970 wied er belutsen by de yllegale stakings op 'e skipswerf dêr't de arbeiders mei protestearren tsjin 'e stiging fan 'e prizen fan libbensmiddels. It mei geweld delslaan fan dy stakings troch de kommunistyske autoriteiten, mei mear as tritich deaden ûnder de arbeiders ta gefolch, sterke him nei eigen sizzen yn 'e miening dat Poalen fan it kommunistyske regear ôf moast.

Nei de fal fan it Izerne Gerdyn, yn 1989, waard Wałęsa der om 'e safolle tiid fan beskuldige dat er yn 1970 in ynformant foar de Poalske geheime plysje Służba Bezpieczeństwa (SB) west hie mei as koadenamme 'Bolek'. Yn 1987 joech er sels yn syn boek Droga Nadziei ("In Wei nei Hoop") ta dat er yn 'e neisleep fan it delslaan fan 'e stakings yn desimber 1970 net folslein skjin by de ûnderfregings troch de SB weikommen wie, mar hy ûntstried by heech en by leech dat er 'Bolek' west hie. Yn 2000 waard Wałęsa troch it Hof fan Berop yn Warsjau frijsprutsen fan kollaboraasje mei it kommunistyske rezjym. Yn 2008 presintearren de histoarisy Sławomir Cenckiewicz en Piotr Gontarczyk yn in kontroversjele útjefte lykwols nije bewizen foar de identifikaasje fan 'Bolek' mei Wałęsa, op grûn fan frijjûne dokuminten út 'e argiven fan 'e SB. Yn reäksje hjirop hawwe oare saakkundigen der lykwols op wiisd dat it by de SB in standertpraktyk wie (oantsjut as fałszywka) om eigen rapporten te falsifisearjen om politike tsjinstanners swart te meitsjen.

Yn 2010 tsjûge de eardere SB-agint Krzysztof Wyszkowski ûnder in yndirekt mei dizze kwestje ferbân hâldende rjochtsaak dat Wałęsa yn desimber 1970 nei in twa oeren duorjend ferhear troch twa oare SB-aginten dermei ynstimd hawwe soe om as ynformant foar de geheime plysje te wurkjen. Hjirby joech Wyszkowski wol oan dat hysels nea gjin kontakt mei Wałęsa hân hie, en dat syn tsjûgenis basearre wie op wat oare SB-aginten him ferteld hiene. Yn opdracht fan 'e SB soe Wałęsa neitiid de opstannige sfear op 'e Lenin Skipswerf delbêde hawwe. Hy soe geregeldwei moetings mei leden fan 'e SB hân hawwe oant er him nei fjouwer moannen begûn te ûntdwaan fan syn konneksjes mei de geheime plysje. Pas yn juny 1976 soed er lykwols útskreaun wêze as ynformant om't er alhiel net mear meiwurkje woe.

Fakbûnsaktivisme bewurkje seksje

Yn juny 1976 waard Wałęsa ûntslein by de Lenin Skipswerf fanwegen syn oanhâldende organisatoaryske rol op it mêd fan yllegale fakbûnen en stakings en syn kampanje om in betinking te hâlden foar de slachtoffers fan 'e protesten fan 1970. Neitiid wurke er as elektrisiên foar ferskate bedriuwen, mar ferlear almar wer syn baan fanwegen syn aktivisme, sadat er lange perioaden wurkleas thús siet. Hy en syn gesin stiene oanhâldend ûnder tafersjoch fan 'e geheime plysje, en syn hûs en wurkplakken waarden ôflústere. Syn aktivisme makke dat er yn 'e twadde helte fan 'e santiger jierren ferskate kearen foar koarte tiid efter de traaljes belâne.

 
It persoanlike wapen fan Lech Wałęsa.

Wałęsa wurke nau gear mei it Arbeidersferdigeningskomitee (KOR), in groepearring dy't oprjochte wie om arbeiders dy't by de stakings fan 1976 har baan ferlern hiene, en de gesinnen fan sokken, finansjeel te ûnderstypjen. Yn 1978 joech er him boppedat by it ûndergrûnske Frije Fakbûn fan de Kust (Wone Związki Zawodowe Wybrzeża). Doe't der mids augustus 1980, nei in nije stiging fan 'e prizen fan libbensmiddels, fannijs in grutte staking útbriek op 'e Lenin Skipswerf, klom Wałęsa oer it stek om him oan it haad fan 'e stakers te stellen. Al rillegau brieken ek by oare bedriuwen yn Gdańsk stakings út, en doe yn oare plakken yn Poalen. Wałęsa joech doe lieding oan in algemien stakingskomitee, dêr't mear as tweintich fabriken yn 'e regio Gdańsk by oansletten wiene. Op 31 augustus tekene it kommunistysk regear fan Poalen, fertsjintwurdige troch Mieczysław Jagielski, de Oerienkomst fan Gdańsk mei Wałęsa syn stakingskomitee. Dêryn waard fêstlein dat de arbeiders fan 'e Lenin Skipswerf it rjocht hiene om te staken, en dat de Poalske arbeiders it rjocht krigen om in selsstannich fakbûn op te rjochtsjen. As útfloeisel fan dat akkoart koe it komitee Wałęsa himsels legalisearje ta it fakbûn Solidariteit (Solidarność), it earste frij fakbûn yn it hiele Eastblok.

De oanhing fan Solidariteit woeks fluch oan, en groeide úteinlik ta 10 miljoen leden – mear 25% fan 'e hiele Poalske befolking. Wałęsa krige mei syn rol yn 'e ûnderhannelings mei it regear en syn lieding fan it nije fakbûn ynternasjonale bekendheid. Krapoan oardel jier letter, op 13 desimber 1981, rôp de Poalske lieder, generaal Wojciech Jaruzelski, de needtastân út. Wałęsa waard mei de oare foaroanmannen fan it fakbûn en in grut tal oare aktivisten oppakt. Hy brocht dêrnei alve moannen yn finzenskip troch yn 'e eastlike stêden Chylice, Otwock en Arłamów, deunby de grins mei de Sovjet-Uny, oant syn frijlitting op 14 novimber 1982. Underwilens wie op 8 oktober 1982 Solidariteit ferbean. Yn 1983 waard Wałęsa de Nobelpriis foar de Frede takend, mar hy doarst net sels nei Noarwegen te reizgjen om dy yn ûntfangst te nimmen, mei't er bang wie dat er dan net wer yn Poalen talitten wurde soe. Sadwaande stjoerde er syn frou Danuta foar him yn 't plak.

Mids jierren tachtich wie Wałęsa oanhâldend belutsen by ûndergrûnsk fakbûnsaktivisme. Nei't der yn 1986 in algemiene amnesty ôfkundige wie foar Solidariteitsleden, ferfette er iepentlik syn wurk foar it (doe noch altyd ferbeane) fakbûn. Fan 1987 oant 1990 joech er lieding oan it semy-yllegale Provysjoneel Utfierend Komitee fan Solidariteit, en yn 'e simmer fan 1988 organisearre er op 'e nij stakings op 'e Lenin Skipswerf.

Polityk aktivisme bewurkje seksje

Nei moannen fan oanhâldende stakings besleat de Feriene Poalske Arbeiderspartij (PZPR), sa't de offisjele namme fan 'e Poalske kommunistyske partij wie, om rûne-tafelûnderhannelings mei de opposysje oan te gean. Dy duorren fan febrewaris oant april 1989. Wałęsa fungearre dêrby as de offisjeuze lieder fan 'e opposysje, en reizge tusken de petearen troch hiele Poalen troch om taspraken te jaan en it folk waarm te meitsjen foar feroaring. Uteinlik stimde de PZPR yn mei de weroprjochting fan Solidariteit en it hâlden fan 'semy-frije' ferkiezings. (Dat woe sizze dat foar 65% fan 'e sitten yn it Poalske parlemint inkeld leden fan 'e PZPR en dêrmei ferbûne partijen yn oanmerking kamen.)

 
Wałęsa (l.) mei syn opfolger Aleksander Kwaśniewski.

Sadwaande wie Wałęsa by de ferkiezings, dy't yn juny 1989 holden waarden, ien fan 'e lieders fan it Boargerkomitee fan Solidariteit, dat er sels yn desimber 1988 mei-oprjochte hie. Hoewol't dat offisjeel inkeld in advysrie wie, hold en droech it him yn 'e praktyk as in politike partij, en wûn it alle frije sitten yn it Poalske Legerhûs en op ien nei alle frije sitten yn 'e Poalske Senaat. Hoewol't Wałęsa as boechbyld en lieder fan dizze organisaasje tsjinne en aktyf kampanje fierde, stelde er himsels net ferkiesber foar in parlemintssit. Likegoed wist er nei de ferkiezings fan bûtenôf de regearingsformaasje sa te beynfloedzjen, dat guon lieders fan partijen dy't ferbûn wiene mei de PZPR oerhelle waarden en smyt de lapen gear mei Solidariteit. Dêrtroch koe yn augustus 1989 it earste net-kommunistyske regear fan Poalen yn mear as fjirtich jier gearstald wurde, mei as premier Tadeusz Mazowiecki.

Presidintskip bewurkje seksje

Wałęsa wie lykwols teloarsteld oer de feroarings dy't it nije regear trochfierde. Guon fan syn meistanners lieken der tefreden mei te wêzen en regear yn 'e mande mei de kommunisten (en net yn pleats fan de kommunisten, sa't Wałęsa woe). Dêrom besleat er úteinlik in goai te dwaan nei it weroprjochte amt fan presidint, ûnder de slogan "Ik wol net, mar ik moat wol" (Nie chcem, ale muszem). Op 9 desimber 1990 wûn er de presidintsferkiezings, wêrby't er premier Mazowiecki en ferskate oare kandidaten it neisjen joech. Yn 1993 rjochte er syn eigen politike partij op, it Unpartijige Blok foar Stipe oan Herfoarmings (BBWR), wêrfan't it akronym dat fan it Unpartijige Blok foar Gearwurking mei it Regear (1928-1935) fan diktator Józef Piłsudski wjergalme.

Under syn presidintskip fierde Wałęsa yn Poalen de frije-merkekonomy yn, liet er yn 1991 de earste echt frije parlemintsferkiezings hâlde, en joech er in nije ynfolling oan 'e bûtenlânske relaasjes fan Poalen. Op dat lêste mêd ûnderhannele er mei súkses mei de Sovjet-Uny oer de weromlûking fan alle Sovjet-troepen út Poalen, en krige er it foarinoar dat de bûtenlânske skuldeaskers in substansjeel diel fan 'e nasjonale skuld fan it lân kwytskelden. Fierders sette Wałęsa Poalen op koerts nei it lidmaatskip fan sawol de NATO as de Jeropeeske Uny, hoewol't dy doelen pas nei ôfrin fan syn presidintskip, yn 1999, resp. 2004 reälisearre wurde soene.

Op it mêd fan binnenlânske saken is Wałęsa lykwols bekritisearre foar syn konfrontasjonele styl fan regearjen en foar it oan 'e gong bringen en oanfiterjen fan in 'oarloch oan 'e top', wêrby't eardere bûnsgenoaten út 'e Solidariteitstiid deilis mei-inoar rekken en der sadwaande op jierlikse basis feroarings en ferskowings yn it kabinet oanbrocht wurde moasten. Dat late ek ta in oanboazjend polityk isolemint fan Wałęsa sels. Wylst er almar mear eardere bûnsgenoaten kwytrekke of tsjin him yn it harnas jage, waarden dy ferfongen troch lju dy't troch de Poalske befolking as ynkompetint sjoen waarden of om oare redens op in minne namme leine. Ek moddergoaien ûnder ferkiezingskampanjes kaam Wałęsa syn reputaasje net te'n goede.

 
Wałęsa jout in taspraak yn 2011, nei't er de Ronald Reagan Freedom Award yn ûntfangst nommen hat.

Sadwaande die Wałęsa syn BBWR it min by de parlemintsferkiezings fan 1993, en yn 1995 ferlear er sels mei in lytse marzje de presidintsferkiezings foar in twadde termyn. Yn 'e twadde omgong helle er 48,7% fan 'e stimmen, tsjin 51,3% foar Aleksander Kwaśniewski, de kandidaat fan 'e Demokratysk Lofts Alliânsje (SLD), dy't fuortkaam út 'e âlde kommunistyske partij. Dêrby besegele Wałęsa syn eigen lot mei syn minne optredens yn 'e media: yn 'e tillefyzjedebatten kaam er oer as ynkoherint en misledigjend, en oan 'e ein fan it earste fan 'e beide debatten, doe't Kwaśniewski him in hân jaan woe, biet Wałęsa him ta dat er om him syn foet skodzje koe. Nei syn nederlaach gie Wałęsa nei eigen sizzen "polityk mei pinsjoen" en waard syn rol yn 'e Poalske polityk marzjinaal.

Lettere jierren bewurkje seksje

Sûnt 1995 hat Wałęsa benammen aktyf west mei it jaan fan taspraken en lêzings by ferskate universiteiten en oare organisaasjes yn binnen- en bûtenlân. Yn 1996 rjochte er it Lech Wałęsa Ynstitút op, in tinktank dy't de demokrasy yn Poalen en de rest fan 'e wrâld ûnderstypje moast. Yn 1997 holp er by de oprjochting fan in nije politike partij, Kristen-Demokrasy fan de 3e Poalske Republyk. By de Poalske presidintsferkiezings fan 2000 stelde Wałęsa him op 'e nij ferkiesber, mar helle er mar in pynlike 1% fan 'e stimmen. Dy flater makke er yn 2005 net nochris; doe rôp er syn oanhingers op om te stimmen op Donald Tusk.

Yn 2006 sei Wałęsa syn lidmaatskip fan Solidariteit op, om't er him net fine koe yn 'e stipe dy't it liederskip fan it fakbûn jûn hie oan 'e rjochtse Wet en Rjocht-partij en de opkomst fan 'e twillingbruorren Lech en Jarosław Kaczyński. Wałęsa liket teloarsteld te wêzen yn it kapitalisme, mei't er yn 2011 syn stipe foar de Occupy Wall Street-beweging útspriek, en teffens in artikel skreau wêryn't er oppenearre dat it kommunisme de iennichste libbensfetbere, sij it tydlike, oplossing is foar earme Afrikaanske lannen yn 'e ienentweintichste iuw.

Priveelibben bewurkje seksje

Wałęsa is in from roomsk-katolyk, en in fûleindich tsjinstanner fan abortus, reägearbuisbefruchting en it homohoulik. Hy troude op 8 novimber 1969 mei Danuta Gołoś. Hja krigen acht bern: Bogdan, Sławomir, Przemysław, Jarosław (dy't ek de polityk yn gie), Magdalena, Anna, Maria-Wiktoria en Brygida. Behalven de Nobelpriis foar de Frede, dy't him yn 1983 takend waard, hat Wałęsa noch ferskate oare ynternasjonale prizen wûn, wêrûnder yn 1989 de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste Amerikaanske boargerûnderskieding. Op 27 febrewaris 2008 ûndergie er yn Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, in hertoperaasje, wêrby't in pacemaker by him ynbrocht waard.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 1987 – Droga Nadziei ("De Wei nei Hoop")
  • 1991 – Droga do Wolności ("De Wei nei Frijheid")
  • 1995 – Wszystko, Co Robię dla Polski ("Alles Dat Ik Doch, Doch Ik foar Poalen")

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. MapaScotland.org, Did You Know?
  2. Kay, Billy, The Scottish World: A Journey Into the Scottish Diaspora, 2008 (Mainstream Publishing), ISBN 1 84 59 63 172.
  3. Lech Wałęsa - potomkiem szkockiego bohatera narodowego Williama Wallace'a?

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.