Jan Eisenga
Jan Eisenga (Koartsweagen, 11 maart 1908 - Ljouwert, 5 maaie 1943) wie in Frysk ûnderwizer, skriuwer en dichter.
Eisenga skreau essays, resinsjes en kollumns yn de krante Woudklank. Teffens wie er bestjoerslid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, aktyf yn it Hielûnthâldersbûn en de pleatslike polityk. Hy hoold in oarlochsdeiboek [1] by dat nei syn dea troch syn frou Tsjitske Eisenga-de Groot († Boalsert, 1973) fuortset wurde soe.
Jan Eisenga wie ûnderwizer op de Legere Skoalle yn De Gordyk. Yn ferbân mei de april/maaiestaking fan 1943 rôp er de âlders op om harren bern thús te hâlden om sa stipe foar de staking sjen te litten. Hy besocht ek guon kollega's oer te heljen om mei te staken. Eisenga waard lykwols ferret en nei it SD-haadkertier yn Ljouwert brocht. Eisenga waard op 5 maaie 1943 by de âlde sjitbaan oan it Kalverdijkje yn Ljouwert fusillearre (tegearre mei Harm Bos). Syn lichem is nea weromfûn, mar moat mei in protte oaren begroeven wêze by de Appelbergen by Glimmen yn Drinte.
Neitins
bewurkje seksje- Op 13 july 1946 kaam der in koperen betinkplaat yn de skoalle dêr't Eisenga lesjûn hie. Yn 1978 krige de betinkplaat in plakje yn it Museum Opsterlân.
De tekst op de betinkplaat seit:
'TA IN OANTINKEN OAN
JAN EISENGA
MASTER OAN DIZZE SKOALLE
FALLEN YN 'E MAEIJEDAGEN
FAN 1943
IN SOAN FAN SYN FOLK
IN MASTER SA 'T HEART
IN STRIDER FOAR RJOCHT
EN FRIJDOM.'[2]
Wurk
bewurkje seksje- Samling proaza en poëzy, 1948; útjouwerij Laverman, Drachten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat
|