Hielûnthâlding is it folslein ôfsjen fan it brûken fan alkohol. Hielûnthâlders kinne religieuze as sosjale motiven hawwe om gjin alkohol te brûken, of litte it om reden fan sûnens.

Betinkingspeinje fan it folksbûn tsjin drankmisbrûk (maaie 1910)
 
"De Hillige Kriich fan froulju", allegoaryske politike print (1874)

It begryp 'hielûnthâlding' en de organisaasje fan hielûnthâlders datearje út de twadde helte njoggentjinde iuw, doe't troch minne wen- en wurkomstannigheden it drankgebrûk fan arbeiders bot tanaam wie. Foar de Twadde Wrâldkriich wie de hielûthâldersbeweging – lykas de hiele mienskip – bot ferpyldere. Dat der wiene sosjalistyske, protestantsk-kristlike en roomsk-katolike en liberale hielûnthâldersferienings.

Ferienings en bûnen yn Nederlân

bewurkje seksje
  •  
    Spjelde fan de JVO, Jeugdbond voor Onthouding, ± 1935
    De sosjalistysk oriïntearre Algemene Nederlandse Geheel-Onthouders Bond (ANGOB) waard oprjochte yn 1897. De ANGOB befoardere de oprjochtin fan hielûnthâlders-kofjehuzen yn de grutte stêden. Har symboal wie in blauwe knoop. Yn guon sosjalistyske fermidden wir drankgebrûk. "Us Blau Hiem" yn Appelskea waard 1930 troch it sosjalistysk rjochte jongereinbûn foar ûnthâlding (JVO) kocht en yn it wurk holden as rekreaasjesintrum foar hielûnthâldersge.[1]
  • De Nationale Christen Geheelonthouders Vereniging (NCGOV) eksploitearre alkoholfrije hotel-restaurants mei de namme "Het Blauwe kruis". Har tydskrift hie deselde namme. Ein jierren tachtich (20e iuw) giene de NCGOV en de Gereformeerde Vereniging voor Drankbestrijding (GVD) meiïnoar fierder as de Christelijke Beweging voor Drankbestrijding (CBD). Yn 2003 waard de CBD opheft.[2][3][4]
  • De roomsk-katolike feriening, letter stichting, Sobriëtas eksploitearre ek alkoholfrije lokaliteiten.
  • De liberale Volksbond tegen Drankmisbruik sticht om 1900 hinne yn ferskate stêden kofjehuzen foar hielûnthâlders. It bûn waard 1875 oprjochte ûnder de namme Multapatiorsbond. Nei 1975 sette it bûn in tal nije projekten op, dy't útfierd waarden troch de nije stichting, Alcohol Consultancy Nederland (ALCON). De ALCON hat as taak it bedriuwslibben te stipelearjen omtinken te jaan oan it terugdringen en foarkommen fan alkohol op it wurk.[5]
  • Yn 1842 waard de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken oprjochte (yn 't koart 'de NV' of 'de blauwe NV' neamd). Yn it earstoan wie it in oerhearskjend kristlike organisaasje, dy't yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw in krisis trochmakke en dêrnei in mei de SDAP sympatisearjende feriening te wurden.[6] Dy feriening fusearre yn 1962 mei de Snelverkeers Onthouders Vereniging (SOV) en de Nederlânske -Lôzje fan de Ynternasjonale Oarder fan Goede Timpeliers (IOGT) ta de Algemene Nederlandse Drankbestrijdersbond (ANDO). It fan de ANDO útjûne blêd hjit 'Nuchter Bekeken'. Ien fan de ferneamdste sosjaaldemokratyske leden fan de NV wie premier Willem Drees.[7]

Hjoed-de-dei

bewurkje seksje

De ferslavingssoarch en selshelporganisaasjes lykas de Anonime Alkoholisten bestride de swierrichheden fan it alkoholmisbrûk. De drankbestrijding as polityk tema is wat op de eftergrûn rekke, mar de eksessen fan drankgebrûk ûnder de jongerein krije wol mear omtinken en hat ek de politike aginda berikt. Anno 2013 hat de oerheid de grins fan ferkeap fan alkoholyske dranken by 18 jier lein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webstee fan de ANGOB
  2. Archief Christelijke Beweging voor Drankbestrijding, Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis
  3. ‘Blauwe knoop’ ter ziele, Friesch Dagblad, 3 july 2003
  4. De verloren strijd tegen drank, Trouw, 1 augustus 2003
  5. Archief Volksbond tegen Drankmisbruik, Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis
  6. Ger Harmsen, Blauwe en Rode Jeugd s. 106, Assen, 1961. ISBN 9061685044 (Reprint)
  7. Parlement & Politiek: Dr. W. (Willem) Drees: "lid Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken, vanaf 1903"