Museum Opsterlân
Museum Opsterlân is sûnt 1955 in streekmuseum oer de gemeente Opsterlân oan de Haadstrjitte fan De Gordyk.
Tema's binne:
- It ûntstean fan de gemeente.
- Turfwinning en feanterij: it graven fan kanalen, de rol fan de Kompanjons, earmoede, de ferskillen tusken earm en ryk en de ynfloed op it lânskip. Fêste kolleksjes binne dy oer Domela Nieuwenhuis, Peter Wilhelm Janssen en Pieter Jelles Troelstra en der is in sosjalistyske bibleteek.
- Sulverkolleksje en sulverwurkplak
- Archeologyske fynsten
- De Joadske histoarje yn De Gordyk
Fierders binne der út en troch tentoanstellings oer de Opsterlânske skiednis en fan keunstners dy't dêr in bining mei hawwe.