James Patrick "Jim" Baen (Pennsylvania, 22 oktober 1943Raleigh (Noard-Karolina), 28 juny 2006) wie in súksesfol Amerikaansk útjouwer en redakteur fan science fiction- en fantasy-boeken.

Jim Baen
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Patrick Baen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 oktober 1943
berteplak ? (Pennsylvania)
stoarn 28 juny 2006
stjerplak Raleigh (Noard-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt útjouwer, redakteur
jierren aktyf 19722006
reden
  bekendheid
● syn útjouwersaktiviteiten
● oprjochting Baen Books
offisjele webside
www.baenbooks.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Baen (útspr. /beɪn/) waard 1943 berne yn 'e steat Pennsylvania en rûn op syn santjinde fuort fan syn styfheite hûs, wêrnei't er ferskate moannen op 'e strjitte libbe ear't er tsjinst naam yn it Amerikaanske leger. Nei syn tsjinsttiid, dy't er grutdiels trochbrocht yn Beieren, studearre er oan it City College yn New York en wie er manager fan in folksmuzykkofjehûs yn 'e Manhattanske buert Greenwich Village. Syn karriêre as útjouwer sette er mei útein op 'e klei-ôfdieling fan Ace Books. Yn 1972 waard er befoardere ta assistint-redakteur.[1]

Fan 1973 oant 1977 wie Baen haadredakteur fan de tydskriften Galaxy Science Fiction en If, dy't ûnder syn lieding gearfoege waarden ta Galaxy. Yn 1977 gie er werom nei Ace Books en waard dêr haad fan 'e science fiction-ôfdieling; teffens arbeide er dêrby op mei útjouwer Tom Doherty. Doe't dy 1980 Ace Books ferliet om syn eigen útjouwerij Tor Books op te setten, kaam Baen dêr ek te wurkjen.[2] Yn 1983 gie er by Tor Books wei om syn eigen útjouwerij op te rjochtsjen, Baen Books, dy't in grut súkses waard, benammen om't Baen in each hie foar goede boeken fan noch net útjûne skriuwers (bgl. Lois McMaster Bujold) en om't er sokken persoanlike begelieding joech by it útjaan. Ek soarge er dat Baen Books de boat net miste doe't it ynternet oan 'e ein fan jierren njoggentich wichtich waard foar de ferkeap fan boeken.

Priveelibben

bewurkje seksje

Jim Baen hie twa dochters: Jessica (1977) mei syn frou Madeline Gleich, mei wa't er sechstjin jier lang troud wie; en Katherine (1992) mei syn kollega-útjouwer en -redakteur by Baen Books Toni Weisskopf. Hy stoar op 28 juny 2006 te Raleigh, yn Noard-Karolina oan in oerhaal, sûnder dat er noch wer by bewustwêzen kaam.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.
  2. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.

Boarnen

  • Artikel oer Jim Baen yn: Clute, John en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction, Londen, 2011.