Baen Books
Baen Books is in Amerikaanske útjouwerij dy't him spesjalisearre hat yn 'e publikaasje fan romans, novellen en bondels koarte ferhalen yn 'e sjenres science fiction en fantasy. De útjouwerij, dy't fêstige is yn Riverdale, in rike buert yn it uterste noarden fan 'e Newyorkske wyk de Bronx, waard yn 1983 oprjochte troch útjouwer en redakteur James Patrick "Jim" Baen (1943-2006).
Baen Books | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1983 | |
oprjochter | Jim Baen | |
eigner | Toni Weisskopf | |
offisjele webside | ||
www.baen.com |
Baen Books ûntjoech him al rillegau ta in wichtige spiler op syn terrein trochdat it Jim Baen wol lei om pearels tusken de kiezelstientsjes wei te sykjen, lykas yn it gefal fan 'e skriuwster Lois McMaster Bujold. Letter wie Baen Books der op 'e tiid by doe't de boekeferkeap fia ynternet wichtich waard (earst mei ynternetpromoasje fan útkommende titels, dêrnei benammentlik mei de útjefte fan e-boeken. Boppedat hie de webside fan Baen Books al ier in chatfoarum (Baen's Bar), dêr't fans gauris streekrjocht mei de skriuwers yn diskusje gean kinne.
Under de auteurs dy't troch Baen Books útjûn binne, befine har grutte nammen yn 'e science fiction- en fantasy-sjenres, lykas Robert A. Heinlein, de al neamde Lois McMaster Bujold, C.J. Cherryh, Mercedes Lackey, George R.R. Martin, Elizabeth Moon, Andre Norton en Timothy Zahn.
Nei't Jim Baen yn 2006 kommen wie te ferstjerren, is de lieding fan 'e útjouwerij oernommen troch Toni Weisskopf, dy't al withoelang de útfierend útjouwer by Baen Books wie (en teffens Jim Baen syn libbenspartner).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |