Peter B. van Houten

Peter B. van Houten (Amsterdam, 20 maaie 1943) is in byldzjend keunstner út Foudgum. Syn oplieding krige er tusken 1961-1966 oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy jout ek skilderlessen en workshops en gastkolleezjes oan de keninklike Akademy yn De Haach. Fierders skriuwt Van houten gedichten en spilet yn in ensemble.

Lânskip

Yn Frankryk en Itaalje wurket is syn styl noch figuratyf, yn akwarel en pastel. Yn 1981 ferfart er nei Hantum en docht in soad bûtenstúdzjes. Nei 1988 brûkt er ek spegels om ûnderbrutsen linen te meitsjen. Wurken dy't er nei 1990 yn it eardere tsjerkje fan Raard makke binne letter oankocht troch de provinsje Fryslân. Yn 200 lûkt er yn syn nije atelier yn Foudgum. Hy wurdt in bekend portrettist en lânskipsskilder. Benammen lânskippen sjoen út de auto of trein wei ha syn ynteresse. Yn 2008 skildert Van Houten in searje ‘Nacht’skilderijen. (sjoch ek ofbylden ûnderoan en webstek PvH)

Neaken

As techniken brûkt Peter akwarel, akryl en oaljeferve. Underwerpen binne lânskippen, neakens en portretten.

Eksposysjes sûnt 1993 wienen yn Dútslân, Itaalje, in reizgjende tentoanstelling yn Amearika, yn it Admiraliteitshûs fan Dokkum, de keunstrûte fan It Amelân, galery Van der Berg yn Ljouwert en yn it hûs fan Ed Nijpels. Yn 2009 eksposearret er yn galery Lauswolt yn Olterterp.

Wurken fan him binne yn besit fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum op It Hearrenfean, gemeente Dongeradiel en de Achmeagroep en meardere partikuliere samlers. Listemakker Piet Goris út Gytsjerk, betocht geregeldwei oplossingen foar ferskate eksperiminten mei listen.

Ut de searje Nacht:

Publikaasjes

bewurkje seksje

Oer him ferskynde yn 2007 it boek PORTRET VAN HOUTEN.
Yn it simmernûmer 2009 ferskynden wurken fan Van Houten yn it blêd Kunst en Wetenschap dêr't er earder ek al folle langer foar skriuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: