Pim van Lommel
Pim van Lommel (Laren, 15 maart 1943) is in Nederlânsk kardiolooch, ûndersiker en skriuwer, dy't bekend wurden is troch syn boek Eindeloos Bewustzijn (2007) oer benei dea-ûnderfinings.
Biografy
bewurkje seksjeLibbensrin
bewurkje seksjeVan Lommel folge gymnasium β yn Hilfertsom. Hy folge de stúdzje genêskunde oan de Universiteit Utert en spesjalisearre him yn kardiology. Hjir studearre hy yn 1971 ôf. Fan 1977 oant 2003 wurke hy as kardiolooch yn it Rijnstate Sikehûs yn Arnhim. Hy hat meardere wittenskiplike artikels skreaun op it kardiologysk mêd.
Yn 1986 lês Van Lommel Terugkeer uit de dood fan George Ritchie, wat him net loslitte koe, sadat hy starte mei ûndersiik nei benei-deaervaringen (BDE) by pasjinten fan him dy't in hertstilstân oerlibben. Dat ûndersiik publisearre hy yn 2001 yn it Britske medyske tydskrift The Lancet. Fierders skreau hy mear as tweintich oer, en dêrnjonken meardere haadstikken oer dat ûnderwerp. Yn 2007 brocht hy it boek Eindeloos Bewustzijn - Een wetenschappelijke visie op de bijna-doodervaring út. Dat boek is yn ferskillende talen oersetten, en der binne yntusken mear as hûnderttûzen eksimplaren fan ferkocht.[1][2] Hjirmei stiet it boek yn de top 5 fan de bêst ferkochte non-fiksje boeken yn Nederlân.
Tsjinwurdich is Van Lommel aktyf as ûndersiker en publisist en sprekker oer de relaasje tusken bewustwêzen en de harsens.
It ûndersiik
bewurkje seksjeFoar syn ûndersiik wie Van Lommel fan betinken, lykas de measte fan syn kollega's, dat it bewustwêzen allinnich troch de harsenaktiviteit dien wurde kin. Under it ûndersiik waard him dúdlik dat dat net foar alle aspekten, lykas benei-deaervaringen, jilde koe. By it ûndersiik stelde hy 344 fan syn pasjinten, dy't mei sukses reanimearre wienen, de fraach oft sy harren wat fan dizze perioade herinnere koenen. Fan dizze kloft minsken hienen der 62 in benei-deaervaring hân.
Einleas bewustwêzen
bewurkje seksjeVan Lommel konkludearret dat bewustwêzen ek bûten it lichem plak fine; hy stelt dat it bewustwêzen einleas is en dat it lichem it bewustwêzen beheind. Hy jout hjirby oan dat ús harsens faaks net de makkers binne fan it bewustwêzen, mar just de ûntfangers fan it einleaze bewustwêzen. Hy fergeliket dat mei in tillefyzje of radio, wêrby't nei in sinder harke wurde kin, mar dêr't de útstjoering ek gewoan trochgiet as der net harke wurdt. [3].
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Offisjele webstee, ek mei ynterviews (Trouw, NRC Handelsblad etc.), resinsjes, publikaasjes ensfh.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|