Benei-dea-ûnderfining

(Trochferwiisd fan Benei dea-ûnderfining)

In benei-dea-ûnderfining, ôfkoarten ta BDU (Ingelsk: near-death experience), is in ûnderfining hawwe fan in situaasje dy't tige ticht by de dea komt, dat yn gefal fan in libbensbedrige situaasje. By dy ûnderfining makket it bewustwêzen in feroaring troch.

Underfinings en beskriuwings

bewurkje seksje
 
Ljocht oan de ein fan de tunnel

Minsken dy't in BDU meimeitsje, meitsje meastentiids itselde troch al kinne de details ferskille, sa binne der bygelyks guons dy't wat prachtichs meimeitsje, mar likegoed binne der guons dy't in negative ûnderfining hawwe.

Eleminten fan in benei dea-ûnderfining kinne ûnder mear wêze:

  • it gefoel ha dea te wêzen
  • in gefoel ha fan frede en sûnder pine
  • it gefoel bûten it lichem te wêzen (úttreding)
  • troch in donkere romte - tunnel - gean
  • oanlutsen te wurden troch in helder ljocht op de ein fan de tunnel
  • in gefoel ûnderfine yn it ljocht fan leafde, fertrouwen, kennis, wiisheid en/of de oanwêzigens fan God
  • bûten de tunnel in prachtich lânskip sjen (ek kleuren en/of muzyk)
  • jin eigen libben sjen as in film, -panorama en dêr sels in oardiel fan jouwe, meastentiids op in ôfhâldende wize
  • foarútsjen op it libben dat noch barre moat
  • ferstoarne(n) tsjinkomme
  • it besef ha in swette oer te gean - meastentiids by in meidieling fan in ferstoarn famyljelid of bekende - dêr't gjin weromkomme by mooglik is
  • weromkomme yn it, faak pynlike, lichem
  • de ûnderfining fan it belibbene net yn eigen wurde kinne omskriuwe
  • de himmel/it paradys

Benei dea-ûnderfinings wurde soms melden nei in ûngemak, reanimaasje nei in hertstilstân of fan in oare libbensbedrige situaasje. Benei dea-ûnderfings kamen yn 'e kunde troch it wurk fan Raymond Moody, dy't yn de jierren sechtich ûnder in kolleezje fan George Ritchie oer syn BDU hearde en it ferskynsel bestudearre. Yn 1975 kaam syn boek "Life after life" út oer dit ûnderwerp. Sûnt "Life after life" is der in grut ferskaat fan artikels en boeken publisearre oer BDU en dy't in goed byld jouwe fan it ferskynsel al rinne de mieningen oer de oarsaak en betsjutting útien.

  • Raymond A. Moody, Life after Life: The Investigation of a Phenomenon - Survival of Bodily Death, Bantam, New York, 1975. Nederlandse vertaling: Leven na dit leven, Strengholt, Naarden, 1986.
  • Elisabeth Kübler-Ross, Over de dood en het leven daarna, Ambo/Anthos, Amsterdam, 1985.
  • Anja Opdebeeck, Bijna dood. Leven met bijna-doodervaringen, Lannoo, Tielt, 2001.
  • Jim van der Heijden, Onvergankelijk!, De bijna-doodervaring, venster op het licht van non-lokaal bewustzijn, Elmar, Rijswijk, 2008.
  • Pim van Lommel, Eindeloos Bewustzijn, Ten Have, Utrecht, 2008.

Keppeling om utens

bewurkje seksje