Gray (koart ferhaal)

Gray is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Griis". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en begûn oarspronklik as in opdracht fan 'e skriuwersgroep dêr't Briggs foarhinne by oansletten wie: nim in stêd en in kleur en meitsje dêr in ferhaal fan. Briggs keas Chicago, dêr't se yn it ferline in skoft wenne hie, en de kleur griis. Gray giet oer de froulike fampier Elyne Gray, dy't nei tachtich jier weromkeart nei it appartemint yn Chicago dêr't se mei har man Jack wenne doe't se noch in minske wie. It ferhaal spilet foàr de foarfallen yn 'e roman Moon Called. Gray waard foar it earst publisearre yn 2011, yn 'e blomlêzing Home Improvement: Undead Edition, en makke ek ûnderdiel út fan 'e ferhalebondel Shifting Shadows, út 2014.

Gray
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2011
bondel Home Improvement: Undead
   Edition

Shifting Shadows
rige
rige Mercy Thompson

Op in grize, swierberûne dei yn Chicago moetet in jong útsjende froulike fampier dy't no de namme Elyna Gray brûkt, in makelder om in appartemint te besjen. It is itselde appartemint dêr't se goed tachtich jier lyn mei har man Jack wenne hat. Dat wie de lokkichste tiid fan har libben, oant se it slachtoffer waard fan Corona, in froulike fampier dy't oan it haad stie fan in hiele troep fan fampieren. Ornaris geane der wiken oerhinne om fan in minske in fampier te meitsjen, en doe't ien fan Corona har ûnderhearrigen in flater begie en Elyna leechdronk sadat se stoar oan bloedferlies, wie de ferwachting dan ek dat se dea bliuwe soe. Mar Elyna waard as fampier wekker en om't der nimmen wie dy't har yn 'e rekken hold, koe se simpelwei fuortgean en nei hûs weromkeare, dêr't se Jack fermoarde troch him leech te drinken sûnder dat se besefte wat se die.

Neitiid woe se sels inkeld noch mar dea, mar dat stie har masteresse, Corona, dy't har ûnderwilens opspoard hie, har net ta. Elyna learde har koes te hâlden yn 'e fampieretroep. Tachtich jier lang wachte se har kâns ôf, en sadree't har mystike bân fan slavernij oan har masteresse einige, wat betsjutte dat se 'folwoeksen' wurden wie as fampier, wie it earste dat se die Corona in houten steak troch it hert stjitte. Dêrnei kearde se út Madison werom nei Chicago, dêr't Corona en har troep tritich jier lyn wei ferdreaun wiene troch Pierre Colbert, in sterkere fampier. No keapet se it appartemint dêr't se foarhinne wenne hat foar in sêft pryske, want men seit dat it dêr spûket, en de ferbouwing is mar heal ôf om't wurklju der net mear doare te kommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Elyna komt fia-fia yn 'e kunde mei in Peter VanderStaat, in plysjeman dy't yn syn frije tiid byfertsjinnet troch mei in groep kollega's âlde huzen te keapjen, op te knappen en dan foar in hegere priis troch te ferkeapjen. Mei't de mannen op 't heden tusken twa projekten yn sitte, wolle se foar har de ferbouwing fan it appartemint wol dwaan. Mar om't se der inkeld op wurkdagen tusken seis en tsien oan wurkje, einet dat net bot. Elyna is lykwols ûnstjerlik, dat se hat de tiid wol (al fertelt se dat fansels net oan Peter-en-dy). Har iennichste wiere soarch is om ûnder de radar te bliuwen fan 'e tige territoriale Pierre Colbert, de master fan Chicago, dy't har perfoarst deadzje soe as er wist dat se hjir wie.

Yn it winterskoft pakt Elyna jûns ek ta mei de ferbouwing, en sa rekket se befreone mei Peter en syn maten. Wat mear't se lykwols yn it appartemint ferbliuwt, wat dúdliker oft se de oanwêzigens fan 'e geast fan Jack fielt. As de sliepkeamer klear is, lûkt se dêryn en begjint se nachts lûdop boeken oan him foar te lêzen. Op in jûn, as Elyna in man yn in bar moetet en him nei bûten lokket om fan syn bloed te drinken, wurdt se op in hier nei trappearre troch in pear fampieren út 'e troep fan Colbert. Ek al kin se ûntkomme, se wit dat no't Colbert him fan har oanwêzigens yn syn territoarium bewust is, hy net rêste sil ear't er har fûn en deade hat. Har oplossing is selsmoard, en dêrta docht se dy moarns by sinne-opgong de swiere gerdinen fan har sliepkeamer net ticht. Krekt foar't it direkte sinneljocht har yn 'e brân fleane litte sil, falle de gerdinen lykwols ynienen út harsels ticht. Neitiid manifestearret de geast fan Jack him hieltyd dúdliker. Sa kiest er sels it folgjende boek út dat se foarlêze moat, troch dat út 'e boekekast falle te litten. Ek bemuoit er him mei de ynrjochting fan it appartemint.

As op in dei Peter ferdwynt, wit Elyna lykwols dat Colbert har fûn hat. Se regelet in moeting yn in ferlitten horekasaak dy't ferboud wurdt, en giet dêr allinnich hinne. Colbert komt lykwols opdaagjen mei syn hiele troep. Hy mient dat er neat fan har te freezjen hat, mar it docht bliken dat Jack har folge is, en as der in gefjocht útbrekt, raamt de geast fan efteren in houtene balke troch Colbert syn hert. De lieding oer de fampieretroep wurdt dêrop daliks oernommen troch de op ien nei sterkste fampier, in swarte man dy't Steven Harper hjit. Mei him praat Elyna ôf dat se yn syn territoarium wenje en jeie mei, en dat se inoar fierders gewurde litte sille. Se keart mei it lichem fan 'e bewusteleaze Peter werom nei har appartemint. Dêr ûntdekt se dat Peter him inkeld bewusteleas hold. Hy wit no dat sy in fampier is, mar dat is foar him minder wichtich as it feit dat sy him rêden hat. Doe't er plysje waard, sa fertelt er har, seach er de dingen yn swart en wyt, mar syn jierren fan ûnderfining yn it fak hawwe him leard om om te gean mei nuânses fan griis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Gray, yn: Harris, Charlaine, en Kelner, Toni L.P., (red.), Home Improvement: Undead Edition, New York, 2011 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 20 355.
  • Briggs, Patricia, Gray, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows