Alpha and Omega (novelle)

Alpha and Omega (letterlik: "Alfa en Omega") is it earste diel fan 'e lyknammige Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasynovelle fan it subsjenre fan 'e urban fantasy dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Alpha and Omega waard foar it earst publisearre yn 2007 troch de New Yorkske útjouwerij Berkley Books, as ûnderdiel fan 'e blomlêzing On the Prowl (yn 'e mande mei it wurk fan ferskate oare skriuwsters). Yn 2014 makke it ek diel út fan 'e bondel Shifting Shadows (útbrocht by Ace Books), dêr't Briggs fierders har koarte ferhalen yn sammele.

Alpha and Omega
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. Berkley Books
bondel On the Prowl
Shifting Shadows
rige
rige Alpha and Omega
● foarich diel (is 1e diel)
● folgjend diel Cry Wolf

Ynhâld bewurkje seksje

Anna Latham is in jonge frou út Chicago. Trije jier lyn is hja op brute wize oanfallen troch de mâle wearwolf Justin, mei as gefolch dat hja sels ek yn in wearwolf feroare is. Yn 'e troep dy't oanfierd wurdt troch alfa Leo James wurdt Anna mishannele en misbrûkt en is se de leechste yn rangoarder fan alle wolven. Mar nettsjinsteande dat hawwe se har noch net lytsman krigen. Hja hat it tillefoannûmer fan 'e marrok Bran Cornick taspile krigen, dy't hearsket oer alle wearwolven yn Noard-Amearika, mar wifelet om dat te brûken. It triuwke dat se nedich is, kriget Anna as se op in dei de foto fan 'e fermiste Alan Mackenzie Frazier yn 'e krante stean sjocht, in jongeman fan wa't se wit dat Justin him ta wearwolf makke hat en dat Leo him dêrnei oan in laboratoarium ferkocht hat.

As se de marrok te praat kriget, fertelt dy har dat Alan dea is, en dat er dêrtroch koartby opmerksum makke is op swierrichheden mank de wearwolven fan Chicago. Hy hat al in ûndersiker dy kant útstjoerd, en hy wol graach dat Anna dy ôfhellet op 'e lofthaven O'Hare. Sa komt Anna yn 'e kunde mei Charles Cornick, de heal-Yndiaanske soan fan 'e marrok, dy't ien fan 'e meast dominante wearwolven fan Noard-Amearika is, en dy't as sterke earm en probleme-oplosser foar syn heit fungearret. Charles is skokt as er ûntdekt hoe't Anna ta wearwolf makke en behannele is. Hy fertelt har dat se net ûnderdienich is, sa't se altyd tocht hat, mar in omega-wolf, ien fan 'e meast seldsume soarten wearwolven, dy't dominant noch ûnderdienich is, mar bûten de rangoarder fan 'e wearwolvetroep stiet. Dêrby is se bejeftige mei it fermogen om dominante wearwolven te kalmearjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei help fan Anna besiket Charles de mysterieuze gong fan saken mank de wearwolven fan Chicago te ûntraffeljen. It docht bliken dat yn 'e troep fan Leo James ferskate dominante manlike wolven en alle froulike wolven op Leo syn partner Isabelle nei ferdwûn en wierskynlik deamakke binne. Wylst er him yn dizze saak ferdjippet, is Charles ferheard om te merken dat syn wolf Anna as partner útkiest. Hoewol't se inoar noch mar in pear dagen kenne, bestiet der in bân fan fertrouwen tusken harren, dy't al hiel fluch útgroeid ta mear as dat. As Charles op 'e strjitte yn Chicago út in ridende auto wei besketten wurdt, komt Charles derefter dat de swierrichheden yn Leo syn troep noch grutter binne as dat er tocht hie. Want hoewol't er der mei in skampskot ôfkomt, wurdt der in sulverne kûgel brûkt, en sulver is in stof dêr't wearwolven kwetsber foar binne. Oars hie de wûne binnen in pear oeren genêzen west, mar trochdat der in sulveren kûgel brûkt is, genêst it like stadich as by gewoane minsken. Nettsjinsteande syn ferwûnings is Charles wisberet om Leo oan te pakken. Hy siket him dy jûns op yn syn hûs, en om't Anna wegeret him yn syn ferwûne steat allinnich gean te litten, komt sy mei.

By de konfrontaasje mei Leo komt einlings en te'n lêsten de aap út 'e mouwe: as wearwolven hiel âld wurde, reitsje se faak geastlik wat ynstabyl, wêrby't se harren wolf noch mar amperoan de baas kinne. As soks bard, is it regel om sa'n wearwolf te deadzjen, om't it oars útrinne kin op in bloedbad. It docht bliken dat dat sa is mei Isabelle, dy't de froulike wearwolven út 'e troep út jaloerskens fermoarde hat. Om't er alles dwaan woe om syn partner te behâlden, moast Leo de dominante manlike wolven út syn troep, dy't dêr net yn meigean woene, út 'e wei romje. Letter stjoerde er Justin derop út om in omega-wearwolf te meitsjen, en troch Anna har kalmearjende ynfloed koe Isabelle krekt de behearsking oer har wolf hâlde.

As Charles ienris beseft wat der oan 'e hân is, binne de deafûnisen fan Isabelle en Leo tekene; Isabelle om't se de behearsking oer har wolf ferlern is, en Leo fanwegen alle moarden dêr't er skuldich en mandélich oan is om Isabelle har tastân geheim te hâlden. Yn it gefjocht dat dan folget, makke Charles koarte metten mei Leo, mar Isabelle hellet in pistoal foar 't ljocht en sjit him mei sulveren kûgels yn 'e ribben en de ûnderskonk foar't Anna, dy't yn har wolvefoarm is, har yn 'e earm byt en de nekke brekt. As Justin dêrnei de ferwûne Charles oanfalt, sjit Boyd, ien fan 'e oare wolven fan 'e Chicago-troep, him dea mei Isabelle har pistoal. It ferhaal einiget as de marrok yn Chicago oankomt om rjochtdei te hâlden oer de hiele wolvetroep dêre, en dêrnei syn ferwûne soan en Anna mei werom nimt nei syn wenplak yn Montana.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows