Haadmenu iepenje

Cry Wolf (roman fan Patricia Briggs)

Cry Wolf (letterlik: "wolf roppe", mar mei de betsjutting "loas alaarm slaan" – hjir dûbelsinnich bedoeld) is it twadde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Cry Wolf waard foar it earst publisearre yn 2008, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.

Cry Wolf
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige Alpha and Omega
● foarich diel Alpha and Omega
● folgjend diel Hunting Ground
ISBN 978-0 44 10 16 150

YnhâldBewurkje

Anna Latham is in jonge frou út Chicago, dy't in omega is, ien fan 'e meast seldsume soarten wearwolven; hja is dominant noch ûnderdienich, mar stiet bûten de rangoarder fan 'e wearwolvetroep. Yn Alpha and Omega, it foargeande diel út 'e searje, waard Anna út in sitewaasje fan mishanneling en misbrûk rêden troch Charles Cornick, de heal-Yndiaanske soan fan 'e marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Yn Cry Wolf nimt Charles har mei nei syn wenplak Aspen Creek, yn it berchlân fan Montana. Wylst Anna dêr went oan har nije om-en-by en har begjinnende relaasje mei Charles ôftaast, hat Charles syn eigen swierrichheden by it opbetterjen fan 'e trije kear dat er by syn aventoer yn Chicago mei sulverne kûgels rekke is (sjoch: Alpha and Omega).

Yn Aspen Creek komt Anna yn 'e kunde mei Charles syn heit, de marrok Bran Cornick, en de oare leden fan 'e pleatslike wearwolvetroep, wêrûnder Bran syn ûnsympatike frou Leah en Charles syn âldere healbroer Samuel. Ta de troep fan 'e marrok hearre fierders ferskate âlde wearwolven dy't mentaal ynstabyl rekke binne en harren wolf noch mar kwealk behearskje kinne; om't Bran de meast dominante wearwolf fan Noard-Amearika is, kin hy harren dêrby helpe. Ien fan dy âlde wolven is Asil Moreno, ûnder wearwolven oer de hiele wrâld better bekend as 'de Moar'. Asil is ekstreem âld, sels foar in wearwolf (hy datearret fan foar de Arabyske nederlaach tsjin 'e Franken ûnder Karel Martel yn 'e Slach by Poitiers, yn 733), al is Bran sels noch âlder. Ien fan 'e dingen dêr't Asil it meast troch pleage wurdt, is de oantins oan frou en partner Sarai, dat ek in omega wie, en dy't oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw fongen en deamartele waard troch in swarte heks.

As der yn 'e wyldernis fan it Cabinet-berchtme fan Montana ferskate kuierders en jagers ferskuord wurde troch in wyld bist, fermoedet Bran dat it om in wearwolf giet dy't de behearsking oer syn wolf kwytrekke is, of mooglik om in gearspanning fan syn tsjinstanners om him yn 'e swierrichheden te bringen troch de oandacht fan 'e autoriteiten op it gebiet om Aspen Creek hinne te fêstigjen. Normaal soed er Charles derop útstjoere, dy't foar him as syn sterke earm en probleme-oplosser fungearret, mar om't Charles noch altyd oan it opbetterjen is, beslút er in wike ôf te wachtsjen. It wurdt lykwols dúdlik dat er dêr de tiid net ta hat as der in jachtopsjenner oanfallen wurdt dy't de oanfal oerlibbet. Dêrop tsjocht Charles, ferwûne of net, de wyldernis yn, en Anna giet mei him.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e rûge wyldernis fan it Cabinet-berchtme rinne Charles en Anna de Fjetnam-feteraan Walter Rice tsjin it liif, dy't him dêr fanwegen syn gewelddiedige post-traumatysk stress-syndroom jierren lyn al weromlutsen hat. Hy is koarte tiid foar harren moeting ta wearwolf wurden, nei't er slim ferwûne rekke wie by de oanfal fan deselde wearwolf dy't Charles en Anna sykje. Dy beiden miene earst de Rice de wearwolf is dy't efter de moarden sit, en tsjin 'e tiid dat dat misferstân opklearre is, is hast te let. Se witte mar nauwerneed te ûntkommen oan in frou dy't harsels Mary Alvarado neamt, mar dy't deselde swarte heks is dy't Asil syn frou deadien hat. De wearwolf dy't Charles en Anna sykje, bliket it spûk fan Asil syn frou te wêzen, dy't de heks oan harsels bûn hat en dy't troch har tsjoenderij in fêste foarm oannimme kin.

Underwilens begjint thús yn Aspen Creek Asil te fermoedzjen dat der wat net yn 'e heak is, as er it synjalemint fan 'e wearwolf heart dy't de jachtopsjenner oanfallen hat; it bist hie likernôch de tekening fan in Dútske hardershûn, wat útsûnderlike seldsum is foar wearwolven. Feitliks hat Asil weet fan mar ien sa'nent, en dat wie syn frou Sarai. Sadwaande set er efter Charles en Anna oan, wêrby't Bran him op 'e hakken sit. By de konfrontaasje mei de heks docht lykwols bliken dat Asil noch Bran ferwar tsjin har tsjoenderij hat, wylst Charles mar kwealk beskerme wurdt troch de magy dy't er fan syn Yndiaanske pake, dat in medisynman wie, urven hat. Walter Rice sneuvelet wylst er Anna beskermet, en úteinlik is sy it dy't de heks deadet, eat dêr't se de kâns ta kriget trochdat de tsjoenster har folslein ûnderskat.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

de Mercy Thompson-searje
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen
de Alpha and Omega-searje
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows