Fairy Gifts is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Geskinken fan Ierdgeasten". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en spilet yn Butte, yn 'e Amerikaanske steat Montana, dêr't auteur Patricia Briggs opgroeide. Fairy Gifts hipt hinne en wer fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw nei de moderne tiid, en spilet yn 'e ynterne gronology fan 'e searje foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e roman Moon Called. It ferhaal fertelt de foarskiednis fan Thomas Hao, de fampier mei wa't Mercy Thompson yn 'e roman Frost Burned yn 'e kunde komt. Fairy Gifts waard foar it earst publisearre yn 2011, yn 'e blomlêzing Naked City: Tales of Urban Fantasy, ûnder redaksje fan Ellen Datlow, en makke ûnderdiel út fan 'e ferhalebondel Shifting Shadows, út 2014.

Fairy Gifts
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2011
bondel Naked City: Tales of
   Urban Fantasy

Shifting Shadows
rige
rige Mercy Thompson

Ynhâld bewurkje seksje

Thomas Hao is in opslûpen jonge út in Sineeske húshâlding, dy't berne is koart nei't syn âlden nei de Feriene Steaten emigrearre wiene. Dêr hawwe se harren fêstige yn Butte, yn dy tiid in regionaal sintrum fan 'e mynbou mei in oansjenlike befolking dy't foar it meastepart bestiet út Sineeske, Ierske, Kornyske, Welske, Finske, Italjaanske en Servyske ymmigranten, dy't allegear ôfkommen binne op it wurk yn 'e sulver- en koperminen.

Yn 1892 hat syn heit Hao Xun yn Butte oerdeis in waskerette, wylst er nachts in gelegenheid runt dêr't syn klanten opium keapje en brûke kinne. Op in nacht wurdt Hao Xun oerfallen troch mynwurkers dy't opium hawwe wolle, mar der net foar betelje wolle. Hy wurdt slim yninoar slein en jout se úteinlik wat se wolle. It wie dy nacht Thomas syn beurt om op wacht te stean, mar ear't dy him tsjin 'e mannen fersette koe, hiene se him al bewusteleas slein. Nettsjinsteande dat, of miskien wol krekt dêrom, jout syn heit him de skuld fan it hiele debakel. De oare deis nimt er Thomas mei nei in ûnbekend hûs, dêr't er him yn 'e kelder by in man bringt dy't in fampier blykt te wêzen. Dy makket tsjin betelling troch Thomas syn heit fan Thomas ek in fampier. Neitiid hoecht syn heit nea mear bang te wêzen om oerfallen te wurden, want mei de boppenatuerlike krêft fan in fampier kin gjin mynwurker Thomas mear oer.

Thomas hatet syn heit lykwols foar wat er him oandien hat. Want it is net inkeld dat er eltse kâns op in normaal libben kwytrekke is, mar ek dat er oant yn lingte fan dagen slaaf bliuwe sil fan 'e master dy't him ta fampier makke hat. Eltse wike bringt syn heit him wer nei dyselde kelder ta, dêr't Thomas drinkt fan it bloed fan syn master en syn master fan sines. Nachts bewekket er de opiumhoale fan syn heit, dy't no ûnder de grûn yn in ferlitten myngong fêstige is. Oerdeis, as syn heit gjin ferlet fan him hat, doarmet Thomas yn it tsjuster troch de myntunnels, wêrfan't ûnder Butte hûnderten milen útgroeven binne. Acht jier lang is dat syn hiele libben.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 1900 stjit er by syn omdoarmings yn 'e djipste gongen op in famke dat dêr mei keatlings fêstset is. Hja fertelt him dat hja Margaret Flanagan is, de dochter fan de Flanagan, de Draak ûnder de Heuvel. Thomas beseft dat se in ierdgeast is, dy't hjir foar 't neist troch oare ierdgeasten finzen set is. As it famke him freget om har te befrijen, freget Thomas, dy't yn dy lange jierren ferbittere rekke is, har wat se him dêrfoar yn ruil jaan sil. Dêrop freget se him wat er hawwe wol. Thomas wol frijheid hawwe fan syn master en hy wol by dei wer ûnder de sinne omrinne kinne. Mar om't er wit dat soks ûnmooglik is, seit er dat er honger hat en fan har bloed drinke wol. It famke nûget him dan út om dat te dwaan. Neitiid hâldt Thomas wurd en befrijt er har, wêrnei't er har wer by har heit bringt. It duorret in skoft ear't er beseft dat it famke syn tinzen lêzen hat, en him jûn hat wat er wier woe: Thomas is net langer bûn oan 'e wil fan syn master, en oars as by oare fampieren it gefal is, ferbrânt direkt sinneljocht him net mear. Sadree't er dat foar it ferstân kriget, deadet er syn master en ferlit er dêrnei daliks Butte om't er oars ek syn heit deadzje moatte soe.

Mear as hûndert jier letter keart Thomas Hao werom nei Butte, dêrta twongen troch in ûnbestimde oanstriid dy't er djip fan binnen fielt. Hy wurdt opwachte troch in kabouter dy't himsels Nick neamt en him meinimt nei in hûs dêr't fjouwer oare ierdgeasten wachtsje. It fiiftal fertelt him dat de boppenatuerlike ynwenners fan Butte oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûnder de wrede hearskippij fallen wiene fan in Finske ierdgeast, in hiisi. Gjin ierdgeast hie genôch macht om tsjin dat wêzen op te stean, oant de Flanagan him yn Butte fêstige. Dat wie in machtige Ierske ierdgeast mei in sterke bân mei de eleminten ierde en fjoer. Dêrnei ûntjoech der him in twastriid, dy't eskalearre doe't de hiisi de Iku-Tursas, in legindaryske draak út 'e Finske mytology, oprôp om tsjin de Flanagan te fjochtsjen. De striid fûn plak djip ûnder de grûn, en doe't der 1917 in grutte mynbrân útbriek, wisten de ierdgeasten dat de Flanagan wûn hie, ek al kaam er nea wer boppe de grûn.

De troch it oproppen fan 'e Iku-Tursas ferswakke hiisi waard neitiid deade troch alle oare ierdgeasten yn Butte mei-inoar, om't er him folslein ûnferantwurdlik toand hie: de Iku-Tursas hie de hiele wrâld wol ferneatigje kinnen. Mar de hiisi hie ûnderwilens op 'e nij Margaret, de dochter fan 'e Flanagan, ûntfiere en djip ûnder de grûn fêstsette litten, foar it gefal dat de Flanagan de striid mei de Iku-Tursas winne soe. Nimmen dy't har neitiid fine koe, oant se twa jier lyn yn 'e tinzen fan oare ierdgeasten begûn te sprekken. It fiiftal dat Thomas dit ferhaal fertelt, ornearret dat twa jier lyn de Flanagan einlings en te'n lêsten beswiek oan 'e ferwûnings dy't er yn 'e striid mei de Iku-Tursas oprûn hie, en dat er doe syn lêste krêften oan syn dochter skonk. Mar nettsjinsteande dat alles kinne de ierdgeasten Margaret noch altyd net fine. Dêrom hat Margaret Thomas Hao nei Butte ta roppen, dy't har ommers alris earder fûn hat. En boppedat is Thomas, as ûndeade, ymmún foar de kalman väki, in lykgeast dy't mei in oanrekking sykte en ferrotting bringt, want sa'nent hat de hiisi ynset om Margaret te bewekjen. No is dus oan Thomas de taak om Margaret te finen, de kalman väki te ûntrinnen en Margaret te befrijen troch har te deadzjen, want dat is wat se sels wol, nei krapoan hûndert jier ûndergrûnske finzenskip wêryn't se alhiel sljochtsinnich wurden is.

Thomas beseft dat Margaret de fiif ierdgeasten lang net alles ferteld hat, lykas de bân tusken harren beiden. De ierdgeasten lykje te tinken dat Margaret him op 'e iene of oare wize oan har wil bûn hat, mar de iennichste bân dy't tusken harren bestiet is dy fan bloed: har bloed dat hy dronken hat. Dat se de fiif ierdgeasten dat net ferteld hat, betsjut dat se harren net fertrout. En de kalman väki is gjin sipier, sa't de fiif ierdgeasten it foarstelle, want Thomas hie yn syn jonkheid Finske freonen dy't him de Finske myten en leginden ferteld hawwe. Sadwaande wit er dat in kalman väki in beskermer is, dy't dus stjoerd wêze moat troch Margaret har heit. Thomas beseft dat er hjir fan dwaan hat mei fiif ferrieders fan de Flanagan, dy't no him besykje te brûken om ôf te weven mei Margaret. Ear't se reägearje kinne, deadet er harren dêrom allegear. Neitiid siket er fjouwer dagen lang nei it plak yn 'e heal ynstoarte myngongen dêr't Margaret fêstsit. Dêr oankommen leit er de kalman väki kalm út dat er kommen is om Margaret te helpen, wêrnei't de lykgeast foar him oan 'e kant giet en hy Margaret jitris befrijt út har finzenskip. Margaret is slim ferswakke nei sa'n skoft ûnder de grûn sûnder iten of drinken, en al hoe machtich se ek is, it sil har in lange tiid kostje om dêr oerhinne te kommen. Mar Thomas en sy hawwe dêr alle tiid foar, ûnstjerlike wêzens dat se binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Fairy Gifts, yn: Datlow, Ellen, (red.), Naked City: Tales of Urban Fantasy, New York, 2011 (St. Martin's Griffin), ISBN 978-0 31 23 85 248.
  • Briggs, Patricia, Fairy Gifts, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows