Fire Touched (letterlik: "Troch Fjoer Oanrekke") is it njoggende diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Fire Touched waard foar it earst publisearre yn 2016, troch de Newyorkske útjouwerij Ace Books, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje.

Fire Touched
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2016, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel Night Broken
● folgjend diel Silence Fallen
kodearring
ISBN 978-0 42 52 56 763

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven is.

Fire Touched iepenet as de plysje fan Kennewick de wearwolvetroep fan Adam en Mercy te help ropt om't him op in brêge oer de rivier de Kolumbia, dy't Kennewick mei Pasco ferbynt, in meunster ferskânze hat dat it ferkear oanfallen hat. Mercy, Adam en twa oare wearwolven, Darryl Zao en Zack Drummond, geane derop ôf, en ek Joel Arocha komt mei. Joel is gjin wearwolf, mar in tibicena, in soarte fan demoanyske lavahûn, dy't Mercy koarte tiid earder op eigen manneboet lid makke hat fan 'e wearwolvetroep om syn libben te rêden (sjoch: Night Broken). By de brêge oankommen blykt it om in trol te gean, dy't minsken oanfalt, auto's ferrinnewearret en ferskate plysjelju opfretten hat. Adam-en-dy geane de striid mei it domme wêzen oan, mar it ding is frijwol net tsjin te kearen, oant Mercy har freon Tad, in metaalbewurkjende ierdgeast, him yn 'e striid mingt. Mei syn help wit Darryl de trol sa slim te ferwûnjen dat Joel it ding ôfmeitsje kin.

Tsjin dy tiid is Joel lykwols de behearsking oer de tibicena ferlern, mar in lyts readhierrich jonkje dat mei Tad kommen is, rint op it fjurrige meunster dat er wurden is ta, en leit him in hân op, wêrmei't er it fjoer yn Joel delbêdet en dêrmei de demon ek. It jonkje blykt Aiden te hjitten en is folle âlder as dat er liket. Hy is ien fan 'e bern dy't lang lyn troch de ierdgeasten ûntfierd waarden, en dy't neitiid fêst kamen te sitten yn 'e parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, dy't it Underheuvelse neamd wurdt, doe't dat troch de komst fan it kristendom en kâld izer foar de ierdgeasten ôfsletten rekke. Sûnt de ierdgeasten in pear desennia lyn har bestean oan 'e wrâld iepenbiere hawwe, binne der yn 'e Feriene Steaten reservaten foar harren stifte, krekt sa't dat earder dien is foar de Yndianen. Trochdat yn dy reservaten safolle ierdgeasten mei harren magy op in klútsje wenje, binne dêr nije poarten nei it Underheuvelse ûntstien, dêr't de ierdgeasten Aiden oantroffen. Yn 'e iuwen dat er yn it Underheuvelse finzen siet, is Aiden bejeftige rekke mei in magyske macht oer it elemint fjoer. De ierdgeasten begripe net hoe't dat kin, om't gewoane minsken gjin magy behearskje hearre te kinnen, en wolle eksperiminten op him útfiere om te ûntdekken hoe't it krekt sit.

Ear't dat barre koe, is Aiden útnaaid, yn 'e mande mei Tad en syn heit Siebold "Zee" Adelbertsmiter, dat Mercy har âlde baas en goede freon is, mar ek de Dûnkere Smid fan Drontheim. Zee wie it net iens mei it belied fan 'e Grize Hearen, de hearskers fan 'e ierdgeasten, dy't de reservaten ûnôfhinklik ferklearre hawwe fan 'e Feriene Steaten en oan lykje te stjoeren op in oarloch mei de minskheid. Tad, in healbloed-ierdgeast dy't dêrom earder altyd oer de holle sjoen waard troch de Grize Hearen, hat koartby om Mercy te rêden blyk jaan moatten dat er krekt as syn heit oer grutte krêften beskikt (sjoch: Night Broken), en is dêrom ûntbean nei it ierdgeastereservaat by Walla Walla. Dêr besocht ien faksje mank de Grize Hearen him safier te krijen dat er sjen litte soe wat er koe, mar syn heit hie harren derfan oertsjûge dat Tad, dy't ommers heal minske wie, te kwetsber wie om hurdhannich oan te pakken. Harren oplossing wie om ynstee Zee foar de eagen fan syn soan te marteljen, om dy sa oan te setten ta iepenheid fan saken. Zee en Tad hawwe witten te ûntkommen troch de ûnwierskynlike help fan ien fan 'e Grize Hearen, Alistair Beauclaire, oftewol Gwyn ap Lugh, waans heit Lugh yn in fier ferline troch Zee deadien is.

Aiden freget de wearwolvetroep fan 'e Tri-Cities om 24 oeren beskerming tsjin syn fijannen, en Mercy stiet him dat ta as tank foar syn help mei Joel, op betingst dat Aiden neat yn it neidiel fan 'e wearwolven dwaan sil. As de erchtinkende Aiden twifel útsprekt oft Mercy har diel fan 'e ôfspraak wol ferfolje kinne sil, swart se it wylst se har gongelstôk yn 'e hân hat, deselde magyske gongelstôk, dy't makke is troch Lugh en dy't har al efterfolget sûnt har earste aventoer mei de ierdgeasten (sjoch: Iron Kissed). Dêr foeget se ympulsyf, of mooglik ûnder ynfloed fan 'e gongelstôk, in proklamaasje oan ta dat de Tri-Cities it domein fan 'e pleatslike wearwolvetroep binne, dy't asyl biede oan wa't se mar wolle. Dy útspraak, in regelrjochte útdaging oan it adres fan 'e Grize Hearen, wurdt filme troch in kameraploech en letter útstjoerd op alle grutte nijsstjoerders.

Fan gefolgen is Mercy har pleechheit Bran Cornick, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket en al moannenlang krewearret om 'e frede tusken de wearwolven en de ierdgeasten te behâlden, twongen om syn bannen mei de Kolumbia-wearwolvetroep te ferbrekken. Fierders is der neitiid ek frijwat yntern trelit yn 'e troep, om't in diel fan 'e wearwolven it net iens binne mei wat Mercy dien hat. Boppedat wie de troep dochs al ferdield yn in pro- en in anty-Mercy-kamp. Diskear leit Adam, as de alfa, lykwols foargoed it near om alle ôfwikende mienings, om't er wit dat de troep der no allinnich foarstiet en gjin ûnderlinge rebûlje brûke kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Koarte tiid letter ûntfange Mercy en Adam in boadskip fan in groep ierdgeasten dy't Aiden koste wat kost weromhawwe wolle. Dy groep stiet ûnder lieding fan 'e Widdo-Keninginne, ien fan 'e Grize Hearen dêr't it personaazje fan 'e boaze styfmem yn mearkes as Sniewytsje en Jiskepûster op basearre is. It boadskip berikt harren fia Adam syn minsklike eks-frou Christy, by wa't it besoarge wie, wat in net sa subtyl drigemint ynhâldt, nammentlik dat Adam nea àl syn famyljeleden en freonen beskermje kin. Soks wriuwt Adam lykwols alhiel tsjin it hier yn, en sadwaande biedt er Aiden foar ûnbeskate tiid beskerming oan.

Om dyselde tiid hinne arrivearret de fampier Thomas Hao yn 'e Tri-Cities, mei wa't Mercy earder gearwurke hat (sjoch: Frost Burned). Hy hat in machtige mar ferswakke froulike ierdgeast by him, Margaret Flanagan, de dochter fan 'e Draak ûnder de Heuvel (in titel, gjin echte draak), dy't er earder út in fyftichjierrige finzenskip rêden hat. It is foar Mercy dúdlik dat Thomas smoar op it frommeske is. Margaret is troch de Grize Hearen ûntbean om har by harren yn 'e reservaten te jaan, mar der is gjin hier op har holle dy't dêroer tinkt, en se is machtigernôch dat se har net ûnder harren bewâld hoecht del te jaan. As Mercy en Adam hearre dat Thomas mei Margaret ûnderweis is nei in moeting te Walla Walla, yn 'e neite fan it pleatslike ierdgeastereservaat, dêr't Margaret fan doel is om fan har hert gjin moardkûle te meitsjen en de Grize Hearen ris flink it mannewaar op te sizzen, freegje se har oft se ek mei kinne, om't sysels ek it ien en oar hawwe dat se oan 'e Grize Hearen dúdlik meitsje wolle.

By de gearkomste yn in hotel yn Walla Walla binne in stikmannich Grize Hearen oanwêzich, wêrûnder Beauclaire, de Widdo-Keninginne, Nemain, mei wa't Mercy ek alris earder gedoente hân hat (sjoch: Iron Kissed) en Goreu fab Custennin, in ierdgeast dy't him yn in fier ferline noch foardien hat as ien 'e Ridders fan de Rûne Tafel fan kening Arthur. De moeting rint út op in krêftmjitting tusken Goreu, dy't neat ridderliks hat, en Margaret, en wurdt wûn troch dy lêste. Ek Mercy en Adam krije de kâns om har sechje te dwaan. Neitiid wurde se op it parkearplak fan it hotel oansprutsen troch Baba Jaga (de heks út 'e Slavyske folkloare dy't hjir foarsteld wurdt as gjin wiere heks mar in machtige ierdgeast dy't har foardocht as in heks). Baba Jaga heart ta in faksje fan 'e ierdgeasten dy't rjocht foaroer dy fan 'e Widdo-Keninginne stiet, en biedt Adam en Mercy har help oan.

It docht al rillegau bliken dat de warskôging oan 'e Grize Hearen oan dôvemansearen rjochte west hat, as in pear dagen letter it hûs fan Mercy en Adam, dêr't Aiden ferbliuwt, oanfallen wurdt. De wearwolven, de tibicena, Zee, Tad en Aiden meitsje lykwols koarte metten mei de oanfallers, dat oanhingers fan 'e Widdo-Keninginne blike te wêzen. Nei ôfrin fan it gefjocht sette Zee en Tad ôf, en koarte tiid letter ferdwine ferskate ierdgeasten spoarleas, wêrûnder teminsten ien fan 'e Grize Hearen dy't by de marteling fan Zee belutsen wiene. In pear dagen letter wurde Mercy en Adam útnûge foar in gearkomste mei de Grize Hearen, dy't plakfine sil yn 'e âlde bar fan Omke Mike, yn Pasco, dat foar de weromlûking fan 'e ierdgeasten nei de reservaten in stamkroech fan 'e pleatslike ierdgeasten wie. De Grize Hearen dy't dêr oanwêzich binne, blike Beauclaire en Goreu te wêzen, dy't útlizze dat sy keazen binne om 'e fredespartij (Beauclaire) en de oarlochspartij (Goreu) te fertsjintwurdigjen. Allinnich, Goreu blykt ek foar frede mei de minsken te wêzen en him inkeld by de oarlochspartij jûn te hawwen om dy harren plannen oan syn wiere bûnsgenoaten trochbryfkje te kinnen. De wiere Goreu, dy't him no oppenearret, hat ek mear wei fan in Ridder fan 'e Rûne Tafel.

Beauclaire en Goreu wolle bewurkmasterje dat de ierdgeasten de Tri-Cities as in neutraal gebiet erkenne, dat ûnder beskerming fan 'e wearwolven stiet. Se beseffe nammentlik dat in fierdere eskalaasje fan har sitewaasje inkeld foarkomd wurde kin troch ûnderhannelings mei de minsklike autoriteiten, mar by dyselden sit de skrik der no sà yn, dat ûnderhannelings neat wurde kinne of it moat wêze dat se op neutraal gebiet fierd wurde kinne. It probleem is lykwols dat de Grize Hearen net út in posysje fan swakte ûnderhannelje wolle, en dat soe wol sa wêze as se de Tri-Cities sûnder slach of stjit as it territoarium fan 'e wearwolven erkenden. Dêrom hawwe se in lytse demonstraasje organisearre, wêrby't Beauclaire persoanlik ien fan 'e trije brêgen oer de Kolumbia yn in letterlik boaiemleaze put ferdwine lit. Dat is net tafallich deselde brêge dy't de trol earder heal ferrinnewearre hie, en dy't sadwaande ôfsletten is foar ferkear salang't de reparaasjes net foltôge binne.

It ferdwine litten fan 'e brêge wie om 'e minsklike autoriteiten even ûnder de noas te wriuwen hoe't de machtsferhâldings lizze, mar de Grize Hearen moatte ek noch wat hawwe om 'e publike opiny ûnder harren eigen efterban tefreden te stellen. Beauclaire stelt foar dat Aiden oan harren weromjûn wurde sil, en biedt oan om syn wurd te jaan dat er alles dwaan sil om 'e jonge te beskermjen. Mar Aiden is panysk by it idee dat er werom moat nei de ierdgeasten, dat soks is ûnakseptabel foar Mercy en Adam. Uteinlik komt Aiden sels mei in oplossing: út syn tiid yn it Underheuvelse wit hy wêr't beskate skatten fan 'e ierdgeasten har befine dy't lang ferlern waand binne. Hy biedt oan om ien fan dy skatten op te heljen. Beauclaire fynt dat in akseptabele oplossing.

Sadwaande bejouwe Mercy, Adam en Aiden har yn it Underheuvelse, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, dêr't magy foar master opslacht en neat is wat it liket. It opheljen fan 'e skat, dat in kaai blykt te wêzen dy't op lykfol hokker lokaasje yn 'e wiere wrâld in poarte nei it Underheuvelse meitsje kin, ferrint sûnder swierrichheden. Mar op 'e weromweis wurde se oanfallen troch de Widdo-Keninginne en trije fan har trewanten. Aiden ferbrânt ien fan harren en Mercy stekt in oaren dea mei de magyske gongelstôk, dêr't ynienen wer in spearpunt oan groeid, krekt sa't earder alris bard is (sjoch: River Marked). Wylst se mei de trêde ierdgeast fjochtet, nimt Adam it yn syn wolvefoarm op tsjin 'e Widdo-Keninginne, mar dy is him oermânsk, en brûkt in betsjoening om mei Adam ôf te weven. Dêrnei smyt se achteleas in betsjoening Mercy har kant út, mar Mercy fielt hoe't de gongelstôk, dy't frije wil leard hat yn 'e tiid dy't er mei Mercy har heit Coyote trochbrocht hat (sjoch: Night Broken), beslút om himsels foar har op te offerjen. As in soarte fan wjerljochtgelieder lûkt de stôk de betsjoening nei himsels ta en spat yn tûzen stikken útinoar, wêrnei't Mercy de Widdo-Keninginne, dy't har de rêch al tadraaid hat, mei in hege skop de nekke brekt.

Nei ôfrîn fan it gefjocht leit Adam op stjerren, mar Baba Jaga ferskynt en wit him fan 'e flok fan 'e Widdo-Keninginne ôf te helpen. Letter docht bliken dat Baba Jaga troch Mercy har pleechheit Bran Cornick frege wie om in eachje yn it seil te hâlden oangeande Mercy en Adam. Beauclaire en Goreu akseptearje de kaai en de Grize Hearen erkenne de Tri-Cities formeel as in neutraal gebiet. Mercy en Adam begrave de byinoarfandele restanten fan 'e gongelstôk yn harren tún, ûnder in lavindelplant.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows