Haadmenu iepenje

Wikipedy β

Kening Arthur en de Ridders fan de Rûne Tafel krije in fizioen fan 'e Hillige Graal.

De Rûne Tafel is de legindaryske tafel út 'e Arthurleginden, dêr't kening Arthur en syn ridders oan oansieten. Sa't de namme al oanjout, wie dat in rûne tafel, sûnder haad of foet, sadat alle Ridders fan 'e Rûne Tafel, sat se bekend kamen te stean, deselde rang hiene, en Arthur sels de earste ûnder syns gelikensen wie.

SkiednisBewurkje

De Rûne Tafel wie in elemint dat letter oan 'e ferhalen oer kening Arthur en syn hof tafoege waard en net foarkaam yn 'e oarspronklike leginde, sa't dy yn 1138 yn 'e Historia Regum Brittanniae fêstlein waard troch Geoffrey fan Monmouth. De earste kears dat de Rûne Tafel neamd waard, wie ynfsafier bekend yn 'e Roman de Brut, in literêr wurk yn it Normandysk, skreaun troch Wace yn 1155. Dyselde hold út dat er it idee fan 'e tafel oernommen hie út in earder (mooglik ferlern gien) Bretonsktalich wurk. Saakkundigen achtsje it lykwols mooglik dat Wace, nettsjinsteande syn eigen bewearings, it elemint fan 'e rûne tafel adaptearre hie út Midsiuwske biografyen fan Karel de Grutte (fral Einhard syn Vita Caroli en De Carolo Magno fan Notker de Stammerder), wêryn't ferteld waard dat de Frankyske keizer in rûne tafel hie dy't fersierd wie mei in plattegrûn fan Rome.

FerhalenBewurkje

Neffens Wace syn ferhaal briek der op in stuit deilisskip út ûnder de fazallen fan kening Arthur, mei't net ien fan harren leger oan 'e (langwerpige) tafel sitte woe as in oar. Dêrom soe Arthur in rûne tafel meitsje litten hawwe, sadat dat probleem net nochris de kop opstekke soe. Neffens in lettere, trettjinde-iuwske útwreiding troch Layamon, dy't Wace syn ferhaal yn it Midingelsk oersette, soe de rûzje mank Arthur syn ridders ûnder it krystmiel plakfûn hawwe en op slaanderij útrûn wêze. Neitiid makke in Kornyske timmerman in ûnbidich grutte rûne tafel, dy't lykwols maklik te ferfieren wie.

Yn 'e Arthurromans fan 'e lette tolfde en de trettjinde iuw nimt de Rûne Tafel in nije, kristlike symbolyk oan. Sa wurdt er yn Merlyn, skreaun troch Robert fan Boron yn 'e 1190-er jierren, makke troch de tsjoender Merlyn nei it foarbyld fan in tafel dy't troch Jezus Kristus en de tolve dissipels brûkt wêze soe foar it Lêste Jûnsmiel. Neffens dit ferhaal waard de Rûne Tafel makke foar Uther Pendragon, de heit fan Arthur, en wiene der mar trettjin sitplakken (foar Jezus en de tolve apostels), wêrfan't ien leech bliuwe moast om it ferrie fan Judas Iskariot te represintearjen. Pas as de Hillige Graal fûn wie, mei it trettjinde sitplak brûkt wurde, en sadwaande wie it úteinlik de ridder Parsifal, de finer fan 'e Graal, dy't dêr plaknimme mocht.

Yn 'e proazasykly fan 'e trettjinde iuw, de Lânselot-Graal-syklus en de Post-Fulgaat-syklus, wurde de ridderlike attributen fan 'e Rûne Tafel noch fierder útwurke. Hjir is de folsleine ridder en dejinge dy't de trettjinde sit brûke mei net Parsifal mar Galahad. De oankomst fan dy lêste markearret sawol it begjin fan 'e syktocht nei de Graal, as de ein fan it Arthuriaanske tiidrek. Yn dizze wurken ervet Leodegrance, de kening fan Cameliard, de Rûne Tafel nei de dea fan Uther Pendragon, en komt er pas yn it besit fan Arthur as dy mei Leodegrance syn dochter Guinevere trout. Oare ferzjes fan 'e Arthurleginden geane hjir oars mei om; sa wurdt yn Italjaanske ferhalen oer Arthur ûnderskie makke tusken in 'âlde tafel', út 'e tiid fan Uther Pendragon, en Arthur syn eigen 'nije tafel'.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.