Kening Arthur

(Trochferwiisd fan Arthur)

Kening Arthur, of eins Arthur Pendragon, byneamd the Once and Future King ("de Eardere en Takomstige Kening") is in legindaryske held út 'e Midsiuwske skiednis fan Grut-Brittanje. Hy is it sintrale personaazje yn 'e mânske syklus fan Arthurleginden, dy't ek wol The Matter of Britain ("De Britske Fertelstof") neamd wurdt. Der waard al oer him skreaun yn 'e âldste Welske teksten, en yn 'e Lette Midsiuwen wiene kening Arthur, syn frou Guinevere, syn hoftsjoender Merlyn, syn freon en rivaal Lânselot en de oare ridders fan de Rûne Tafel in favoryt ûnderwerp yn 'e hoaske literatuer fan û.m. Ingelân, Frankryk, Dútslân en de Nederlannen. Krekt as út oare ridderromans komt út ferhalen oer Arthur en syn ridders fan de Rûne Tafel faak it Midsiuwske ideaal fan 'e hoaske leafde nei foarren. Dat kening Arthur duorjend ta de ferbylding sprekt, docht bliken út 'e produksjes dy't de filmyndustry fan Hollywood allegeduerigen oan him wijd, lykas King Arthur (2004) en Tristan en Isolde (2006).

Arthur Pendragon
Kening Arthur yn wapenris.
Kening Arthur yn wapenris.
persoanlike bysûnderheden
bynamme the Once and Future King
("de Eardere en Takomstige Kening")
sekse manlik
soarte personaazje legindarysk persoan
nasjonaliteit Welsk
berop/amt kening
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Guinevere, Lânselot, Merlyn,
Gawain, Parsifal, Mordred,
Uther Pendragon, ensfh.
attributen swurd Excalibur
dagge Carnwennen
ûntstean Iere Midsiuwen

Eftergrûn en historisiteit

bewurkje seksje

Neffens kroniken sawol as romans late Arthur it Keltyske ferset yn it hjoeddeistige Ingelân tsjin 'e ynfaazje troch de Angelen en Saksen oan 'e ein fan 'e fyfde en it begjin fan 'e sechsde iuw. De details fan dat barren binne lykwols fierhinne gearstald út 'e folkloare fan iuwen letter, oanfolle mei poere fantasij. It is dêrom mar tige de fraach oft Arthur wol wier bestien hat, in striidkwestje dy't yn fermiddens fan histoarisy noch altyd tige aktueel is. Oanhingers fan 'e teory dat er àl bestien hat, of alteast dat er basearre is op in histoaryske persoan, binne gauris fan betinken dat de fyfde-iuwske Romeinske legeroerste Ambrosius Aurelianus (Welsk: Emrys Wledig) dêr de bêste kandidaat foar is, al wurdt Lusius Artorius Kastus (út 'e twadde iuw) ek wol neamd.

 
Kening Arthur op in wandtapyt út omtrint 1385.

Gearfetsjend kin sein wurde dat às Arthur wier bestien hat, hy nei alle gedachten alhiel net like hat op it personaazje út 'e lettere leginden. In krappe histoaryske eftergrûn fan 'e wiere persoan kin byinoar fandele wurde út ferskate boarnen, wêrûnder de Annales Cambriae, de Historia Brittonum en de skriuwerij fan Gildas. Arthur syn namme wurdt ek neamd yn iere poëtyske boarnen, lykas it Welske Y Gododdin.

Op it mêd fan 'e Midsiuwske literatuer spilet kening Arthur de sintrale rol yn 'e mânske syklus fan Arthurleginden, dy't ek wol The Matter of Britain ("De Britske Fertelstof") neamd wurdt. Dit legindaryske literêre personaazje ûntjoech him (yn tsjinstelling ta de histoaryske Arthur) yn 'e tolfde iuw troch de populariteit fan it fantastyske en ferbyldingsrike Historia Regum Brittanniae ("Skiednis fan 'e Keningen fan Brittanje") fan Geoffrey fan Monmouth ta in figuer dêr't ynternasjonale belangstelling foar ûntstie. Yn guon Welsk- en Bretonsktalige ferhalen en gedichten dy't datearje fan foàr dit wurk, wurdt Arthur beskreaun as in grut kriger dy't syn lân tsjin minsklike en boppenatuerlike fijannen ferdigenet, of as in magysk figuer út 'e folkloare, dy't soms assosjearre wurdt mei de Welske oare wrâld, Annwn. Hoefolle fan syn ferhaal, dat yn 1138 reekaam, oft Geoffrey fan Monmouth oernaam of adaptearre út sokke eardere boarnen is ûnbekend. Yn 'e trettjinde iuw rekke de persoan fan Arthur sels yn 'e almar úttynjende Arthurleginden marzjinalisearre troch de opheaping fan bykommende ferhalen oer syn Ridders fan de Rûne Tafel.

Hoewol't de motiven, foarfallen en personaazjes fan 'e lettere Arthurleginden fan tekst ta tekst wiid útinoar rûnen en der net ien inkele 'kanonike' ferzje bestiet, tsjinne Geoffrey fan Monmouth syn ferzje foar lettere ferhalen faak as in begjinpunt. Yn grutte halen is syn ferhaal sa: Uther Pendragon, de kening fan Brittanje, rekket fereale op 'e tsjeppe Igraine. Hja is lykwols troud mei syn fijân, de ealman Gorlois. Uther freget dêrom de tsjoender Merlyn om help, en dy brûkt magy om te meitsjen dat Uther it uterlik fan Gorlois oannimme kin. Dat stelt de kening by steat en sliep mei Igraine, dy't swier rekket en yn Tintagel in soan te wrâld bringt dy't Arthur komt te hjitten. Merlyn bringt de jonge ûnder by hear Ector en de syn soan Kay.

 
It stânbyld fan Arthur yn Innsbruck, nei in ûntwerp fan Albrecht Dürer.

Nei't Uther op it slachfjild sneuvelet, folget Arthur him mei fyftjin jier op as kening fan Brittanje, wêrby't er syn rjocht op 'e troan bewiist troch in swurd út in stien te lûken dat inkeld de wiere troanopfolger loskrije kin. Hy fiert syn folk oan yn in rige fjildslaggen tsjin 'e Angelen en de Saksen, dy't har hichtepunt berikke yn 'e Slach by Bath. Neitiid ferslacht er de Pikten en de Skotten, foeget Skotlân by syn ryk en giet dan fierder mei de ferovering fan Ierlân, de Orkney-eilannen en Iislân.

Nei in tolvejierrige frede wreidet er syn ryk fierder út mei Noarwegen, Denemark en Galje. Galje is noch altyd yn besit fan it Romeinske Ryk, wat ta in konfrontaasje mei Rome liedt. Arthur ferslacht dêrop de Romeinske keizer Lusius Tibearius yn Galje en stiet op it punt om Rome sels te bemasterjen as him it nijs berikt dat thús yn Brittanje syn omkesizzer Mordred de troan grypt hat en syn keninginne Guinevere ta frou nommen hat. Arthur keart dêrom werom nei hûs, dêr't er Mordred ferslacht en deadet yn 'e Slach by Camlann, yn Cornwall. Dêrby rekket er sels lykwols ek deadlike ferwûne. Hy draacht it bestjoer oer syn ryk oer oan syn famyljelid Konstantyn III en lit him nei it magyske eilân Avalon bringe om fan syn wûnen te genêzen, mar komt nea wer werom.

 
De dea fan kening Arthur.

Hoefolle fan dit ferhaal oft Geoffrey fan Monmouth sels út 'e tomme sûgd hat, is in iepen fraach. Alle oare, faak tige bekende ferhaaleleminten fan 'e Arthurleginden binne optocht troch lettere skriuwers of basearre op ûnbelangrike details yn Geoffrey syn ferhaal. Sa komt de ridder Lânselot, de boezemfreon fan Arthur dy't it oanleit mei de kening syn oarehelte Guinevere, yn it orizjinele ferhaal net foar; hy wie in skepping fan 'e Frânske skriuwer Chrétien de Troyes, dy't ek de Hillige Graal oan it ferhaal tafoege. Pas yn lettere ferhalen ûntstiet it bekende byld fan Arthur dy't as de earste ûnder syn gelikensen yn it kastiel Camelot oansit oan 'e ferneamde Rûne Tafel, mei ridders as Lânselot, Gawain, Tristan, Parsifal, Galahad, Goreu en oaren. Ek de leginde dy't fertelt oer it swurd Excalibur (dat trouwens meastal net itselde swurd is as it Swurd yn de Stien) is fan letter datum; Arthur soe dit wapen ûntfongen hawwe fan 'e Frouwe fan de Mar, dy't him dermei bejeftige nei't er syn eigen swurd brutsen hie yn 'e striid mei kening Pellinore.

De ein fan Arthur syn bewâld wurdt yn 'e measte ferhalen ynlet troch de dieden fan syn boasaardige healsuster Morgan le Fay, dy't him op alderhanne wize skea besiket ta te bringen. Mei in oare healsuster fan sines, Morgause, dielt Arthur it bêd ear't er fan harren famyljebân weet hat, en út dy ynsestueuze relaasje wurdt Mordred berne, dy't dus sawol Arthur syn soan as syn omkesizzer is. Yn moderne ferzjes fan 'e Arthurleginde wurde Morgan le Fay en Morgause faak gearfoege ta ien personaazje, mar yn 'e Midsiuwske literatuer binne hja dúdlik ûnderskaat, hoewol't it allebeide dochters fan Gorlois en Igraine binne. It dûnkere figuer Mordred wurdt de grutte ferrieder fan syn heit, wat de Midsiuwske oertsjûging dat út ynsest inkeld kwea fuortkomme kin, krêft byset. Fan dat punt ôf folgje lettere ferzjes yn 'e regel deun de ferhaalline fan Geoffrey fan Monmouth. De leginde einiget mei it ûnthjit dat Arthur yn 'e takomst weromkeare sil. Op syn grêf soe stean: Hic iacet Arthurus, Rex quondam, rexque futurus ('Hjir leit Arthur, de Eardere en Takomstige Kening').

 
Merlyns Grot, Tintagel, dêr't Arthur neffens de leginde troch Merlyn út 'e see skuord waard.

Iere boarnen

bewurkje seksje

De namme fan Arthur wurdt foar it earst neamd yn in Welske gedicht Y Gododdin, út 594. De dichter Aneirin535-600) skriuwt dêryn oer ien fan 'e personaazjes: "Hy joech swarte ravens te iten op 'e bolwurken, hoewol't er gjin Arthur wie". Arthur syn namme komt ek foar yn oare iere Welske literatuer, bygelyks yn 'e gedichten fan 'e bard Taliesin (534-599). Letter dûkt Arthur op 'e nij op yn 'e Historia Britonum ("Skiednis fan de Brittanniërs"), fan 'e mûnts Nennius, út likernôch 830. Dat is in kompilaasje fan 'e iere skiednis en leginden fan Wales, wêryn't Arthur dux bellorum ("legeroanfierder") neamd wurdt ynstee fan rex ("kening"). Nennius beskriuwt tolve fjildslaggen dêr't Arthur oan dielnaam, mei as hichtepunt de Slach by Mons Badonicus, wêryn't Arthur persoanlik 960 fijannen deade hawwe soe.

Yn 'e Annales Cambriae ("De Annalen fan Wales") in kronyk út 'e tsiende iuw, wurde wichtige foarfallen beskreaun dy't tusken 447 en 954 plakfûn hawwe yn Wales, Ierlân, Ingelân en Cornwall. Der steane twa passaazjes yn oer kening Arthur, ien oer Mordred en ien oer Merlyn. Alle oare minsken dy't yn 'e kronyk neamd wurde, hawwe echt bestien. Dêrfandinne dat dit as in bewiis oanfierd wurdt dat Arthur, Mordred en Merlyn ek echt libbe hawwe. Neffens de Annales Cambriae stoaren Arthur en Mordred yn 'e Slach by Camlann, yn it jier 537. Oer Merlyn wurdt sein dat er yn 573 sljochtsinnich waard.

 
Culhwch arrivearret oan it hof fan kening Arthur in it Welske ferhaal Culhwch en Olwen.

It Welske ferhaal Culhwch en Olwen stammet nei alle gedachten út 'e alfde iuw. Hjiryn wurdt fertelt hoe't Culhwch oan it hof fan kening Arthur komt om dy syn help te freegjen, om't er mei Olwen, de dochter fan in reus, trouwe wol. Arthur, dy't famylje fan Culhwch is, stjoert seis fan syn bêste ridders mei om Culhwch te helpen. Dêrûnder binne Kay (yn it Welsk Cai neamd), Bedivere (Bedwyr) en Gawain (Gwachmei).

Yn 'e tolfde iuw waard in stikmannich hilligelibbens fan Welske hilligen út 'e sechsde iuw troch Welske mûntsen op papier setten. Ek dêryn wurdt Arthur ferskate kearen neamd. As fertsjintwurdiger fan it âlde Keltyske heidendom wurdt er yn 'e hilligelibbens lykwols ôfskildere as in barbaarsk kriger ynstee fan 'e nommele hearsker út 'e wrâldske romans út dyselde tiid. Fierders steane der in protte ferwizings nei kening Arthur yn 'e saneamde Welske Triaden (eins Trioedd Ynys Prydein, "Triaden fan it Eilân Brittanje"). Dat binne teksten mei fragminten út 'e Welske folkloare, mytology en skiednis, dy't sammele binne yn groepkes fan trije. De âldste kolleksje fan triaden stiet yn in manuskript dat datearret út 'e trettjinde iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further reading, op dizze side.