Goreu fab Custennin

Goreu fab Custennin (ek wol stavere as Gorau) is in held út 'e Welske folkloare en de iere Arthurleginden. Hy wie de soan fan 'e skiephoeder Custennin en in neef fan Arthur, Culhwch en Illtud fia harren pake Amlawdd Wledig. Goreu is in wichtich personaazje yn 'e Midwelske Arthurleginde Culhwch en Olwen, en makket teffens syn opwachting yn ferskate oare Midsiuwske teksten. Syn namme soe ôflaat wêze kinne fan Gorneu, dat "út Cornwall" betsjut.

Goreu fab Custennin
persoanlike bysûnderheden
sekse man
soarte personaazje legindarysk persoan
nasjonaliteit Welsk
berop/amt ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
kening Arthur, Cai,
Ysbaddaden Bencawr
ûntstean Iere Midsiuwen

Leginden bewurkje seksje

Wylst se op in kweeste binne om it kastiel te finen fan 'e reus Ysbaddaden Bencawr, komme Culhwch ap Cilydd en seis oare ridders fan 'e Rûne Tafel in ienfâldige skiephoeder tsjin dy't fan Custennin hjit. Dy fertelt harren dat Ysbaddaden syn broer is, en dat de reus trijeëntweintich fan syn fjouwerentweintich bern fermoarde hat. Custennin en de frou hâlde harren lêste bern, in nammeleaze jonge, skruten ferburgen yn in kiste, om him fan datselde lot te rêden.

Cai, ien fan 'e meast foaroansteande ridders fan kening Arthur, biedt de âldelju oan om 'e jonge mei te nimmen as skyldfeint, sadat Ysbaddaden him net mear berikke kin. Hy swart Custennin dat de jonge neat oerkomme sil salang't hysels libbet. De wanhopige âlden stimme dêrmei yn, en Cai nimt de jonge mei op syn kweeste nei Olwen. Neitiid helpt de jonge Cai by it ferslaan en deadzjen fan Wrnach de Reus, wêrby't se har twaresom troch trije foarhôven fan it bolwurk fan 'e reus hinne fjochtsje moatte. By dat aventoer wint de jonge syn namme: 'Goreu', dat neffens dat ferhaal "de Bêste" betsjutte soe.

Letter is it Goreu dy't de reus Ysbaddaden deadet en him oan syn hier nei in heuvel ta sleept om him te ûnthalzjen. Dêrnei set er syn holle op in staak op 'e muorren fan 'e reus syn sitadel en nimt it kastiel en it byhearrende grûngebiet foar himsels yn besit, by wize fan wearjild foar de moard op syn trijeëntweintich bruorren.

Neitiid dûkt Goreu op yn 'e Arthurleginde Geraint fab Erbin, wêryn't er ien fan 'e fjouwer skyldfeinten fan it hof fan kening Arthur is, en de held Geraint beselskippet op dy syn reis nei Cornwall. Yn Breuddwyd Rhonabwy wurdt er neamd as ien fan Arthur syn fjouwerentweintich meast foaroansteande riedslju. En yn 'e Welske Triaden wurdt ferwiisd nei in tradysje wêryn't Goreu kening Arthur rêdt út trije betsjoende tichthuzen yn 'e oare wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.