Frouwe fan de Mar
De Frouwe fan de Mar (Ingelsk: Lady of the Lake) is de gebrûklike titulêre oantsjutting foar in personaazje út 'e Keltyske mytology fan 'e Britske Eilannen dat benammen bekend is út 'e Arthurleginden. Yn dat ramt spilet hja in krúsjale rol yn in grut tal ferhalen. It bekendst is se út it ferhaal wêryn't se kening Arthur bejeftiget mei it magyske swurd Excalibur. De Frouwe fan 'e Mar wurdt wol beskreaun as in minsklike frou, in fee of in goadinne. Ferskillende skriuwers en kopiïsten hawwe har ûnderskate nammen tatocht, wêrûnder Nimue, Viviane, Vivien, Elaine, Ninianne, Nivian, Nyneve en Evienne.
de Frouwe fan de Mar (the Lady of the Lake) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Keltysk heidendom | |
domein | mar, swurd | |
wente | Avalon | |
attributen | ||
foarwerp | Excalibur |
Eigenskippen
bewurkje seksjeIt personaazje en de eftergrûn fan 'e Frouwe fan de Mar stamje nei alle gedachten út it pre-kristlike tiidrek. De beskriuwings fan har as in minsklike frou dy't tsjoenderij leard hat, lykje dan ek net mear as lettere, kristlike rasjonalisaasjes te wêzen. Yn ierdere ferhalen wurdt hja nammentlik ornaris beskreaun as in boppenatuerlik wêzen, itsij in fee, itsij in goadinne.
Ferhalen
bewurkje seksjeDe Lânselot-Graal-syklus wol hawwe dat de Frouwe fan de Mar, dy't dêr Viviane neamd wurdt, in frou is en in learlinge fan kening Arthur syn hoftsjoender Merlyn, dy't fereale op har rekket. Hja wegeret lykwols geslachtsferkear mei him te hawwen oant er har alles leard hat wat er wit. As er dêroan foldien hat, ferriedt se him en set se him finzen òf yn in beamstamme, òf ûnder in stien, ôfhinklik fan it ferhaal en de skriuwer. Hoewol't Merlyn troch syn jefte fan foarsizzing wit wat der barre sil, is er net by steat om der wat oan te feroarjen. Dit ferhaal stiet yn 'e tekst foàr it eigentlik Lânselot-ferhaal, mar is folle letter skreaun en dêrom fan twifelige wearde.
Neffens in oar ferhaal soe de Frouwe fan de Mar de lettere ridder Lânselot grutbrocht hawwe nei de dea fan dy syn heit, Ban. Yn 'e Post-Fulgaat-syklus komt in Frouwe fan de Mar foar dy't Ninianne hjit, en wa har ferhaal oft frijwol identyk is oan dat fan Viviane yn 'e Lânselot-Graal-syklus. Hjir wurdt lykwols de bejeftiging fan Arthur mei it magyske swurd Excalibur tafoege.
Yn Le Morte d'Arthur, fan sir Thomas Malory, komme twa personaazjes njonkeninoar foar as de Frouwe fan de Mar. Hy jout de earste gjin namme en neamt de twadde Nimue. Malory syn earste Frouwe fan de Mar is dejinge dy't kening Arthur it swurd Excalibur jout as syn oarspronklike swurd skansearre rekket. Hja wurdt letter lykwols ûnthalze troch de ridder Balin as ûnderdiel fan in persoanlik skeel tusken him en har (sy hâldt him ferantwurdlik foar de dea fan har broer en hy hâldt har ferantwurdlik foar de dea fan syn mem).
Malory makket Nimue los fan syn earste Frouwe fan de Mar, sadat itselde personaazje nei de wraak fan Balin dochs noch in fierdere rol yn syn ferhaal spylje kin. Dit is wierskynlik neat oars as in trúkje fan 'e skriuwer, mei't der yn âldere ferhalen altyd mar ien Frouwe fan de Mar foarkomt. Krektlyk yntrodusearret Malory noch in trêde personaazje, Nyneve, dat ek basearre is op de Frouwe fan de Mar. Nyneve ferskynt ûnder in slach oan Arthur en jout him, krekt as de Frouwe fan de Mar, in swurd. It is lykwols Nimue dy't neitiid Merlyn betsjoent, en him ferfangt as Arthur syn meast foaroansteande riejouwer. Nei de Slach by Camlann, wêryn't Arthur deadlik ferwûne rekket, nimt se boppedat Excalibur werom as dat op Arthur syn befel yn har mar smiten wurdt. Nimue is ek ien fan 'e fjouwer magyske keninginnen dy't de ferwûne Arthur oan 'e ein fan it ferhaal fuortdrage nei it mytyske eilân Avalon.
Lettere adaptaasjes
bewurkje seksjeDe Frouwe fan de Mar is ek bekend fan it gedicht The Lady of the Lake, dat de Skotske auteur Walter Scott yn 1810 publisearre. Dêrby liet er him ynspirearje troch de Arthurleginden, mar betocht er in hiel nij ferhaal dat er plakfine liet yn 'e omkriten fan Loch Katrine, yn 'e Skotske Heechlannen. Oare moderne ferbyldings fan 'e Frouwe fan 'e Mar komme û.m. foar yn 'e roman The Once and Future King, fan T.H. White, út 1958; yn 'e roman The Last Enchantment, fan Mary Stewart, út 1979; en yn 'e roman The Mists of Avalon, fan Marion Zimmer Bradley, út 1983.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|