Nemain of Neman (modern Iersk: Neamhain of Neamhan; anglisearre ta Nemane) is yn 'e Ierske mytology in froulike natoergeast of goadinne dy't de oarlochsgaos op it slachfjild personifiëarret. As sadanich is hja ien fan in trijetal fan sokke goadinnen dy't mei-inoar de Morrígan foarmje, wêrby't de oare beide as har susters omskreaun wurde.

Nemain
(Neamhain)
persoanlike bysûnderheden
religy Iersk heidendom
domein oarlochsgaos op it slachfjild
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Neit
heit Elcmar
suster Babd, Macha
ekwifalint Walkueren
attributen
bist krie

Der besteane ferskate teoryen oangeande it komôf fan 'e namme 'Nemain', mar it wierskynlikst is dat dy weromgiet op 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *nem-, dat "gripe" of "tabringe" betsjut. Dêr komme ek it Fryske 'nimme' en besibbe wurden (Nederlânsk nemen, Dútsk nehmen, ensfh.) út fuort, krektlyk as it Aldgrykske némesis ("grime"), de goadenamme Nemesis (de personifikaasje fan 'e ferjilding yn 'e Grykske mytology), it Albaneeske name ("flok") en it Welske, Kornyske en Bretonske nam ("skuld"). Neffens dizze teory soe de namme 'Nemain' safolle betsjutte kinne as 'Grutte Nimmer' of 'Grutte Tabringer' of mooglik 'Grutte Ferbûger'.

Myten oer Nemain

bewurkje seksje

Yn âldere myten ferskynt Nemain as ien fan trije goadinnen of froulike geasten dy't it striidgewoel fan fjidslaggen belichemje, yn 'e mande mei Babd en Macha. Hja wurde yn 'e regel foarsteld as susters en foarmje trijeresom de Morrígan, de spûkekeninginne, dy't yn 'e foarm fan in krie boppe it slachfjild fljocht en bejeftige is mei it foarsizzen fan jins lot yn 'e striid. Guon boarnen neame Nemain de frou fan Neit, de Ierske oarlochsgod, en yn in gedicht yn it Boek fan Leinster wurde Nemain en Babd keppele as froulju fan Neit. Oare boarnen neame Fea as de oare frou fan Neit, en yn in geneälogyske tekst wurdt beweard dat sawol Nemain as Fea dochters wiene fan Elcmar fan de Brugh (Newgrange oan 'e Boyne), de soan fan Delbaeth, de soan fan Ogma, de foarfjochter fan kening Nuada fan 'e Tuatha Dé Danann.

Yn it grutte Iersktalige epos Táin Bó Cuailnge ("De Kowestellerij fan Cooley") is it Nemain dy't de legers sa yn betizing bringt dat alliëarde troepen inoar ôfslachtsje. As it leger fan keninginne Medb ûnderweis nei Cuailnge te Magh-Tregham arrivearret, yn it hjoeddeistige greefskip Longford, ferskynt Nemain mank de krigers en falt harren oan, wêrby't se sa'n gaos feroarsaket dat dy pas delbêde wurde kin as Medb sels fanwegen komt. Yn in oare passaazje fan deselde tekst wurdt ferteld dat Nemain in tige machtige Ierske oarlochsgoadinne is, dy't hûndert man deadzje kin mei ien inkele striidgjalp. Yn guon ferhalen ferskynt Nemain fierders as in bean nighe, de skriemende waskfrou by de rivier, dy't de klean of it yngewant fan in ta sneuveljen doemde kriger wasket.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.