Parkearterrein
In parkearterrein, yn it deistich spraakgebrûk gauris in parkearplak neamd, is in iepen romte binnen de beboude kom fan in stêd of in grutter doarp, dy't bedoeld is om auto's op te parkearjen. Meastal giet it dêrby om in plein(tsje) dat spesjaal foar dat doel oanlein is en befluorre is mei, yn 'e regel klinkerts of asfalt. Soms sjocht men ek noch wolris parkearterreinen mei in semy-ferhurde oerflak fan grint of skelpen. Mei de term 'parkearterrein' wurdt ornaris ferwiisd nei in romte mei genôch parkearfakken om der ferskate rigen auto's te parkearjen; foar lytsere romten dy't bedoeld binne om 'e auto te stâljen, lykas in rige parkearfakken oan 'e ein fan in strjitte, wurdt hast altyd de oantsjutting 'it parkearplak' of sokssawat brûkt.
Yn 'e measte lannen dêr't de persoane-auto it dominant ferfiermiddel is, binne parkearterreinen in tige rûnom foarkommend ferskynsel. Men sjocht se op plakken dêr't in protte besikers ferwachte wurde, lykas by supermerken, winkelsintra, boumerken, teäters, tsjerken, fuotbalstadions, treinstasjons, carpoolplakken, ensfh. It komt gauris foar dat by popkonserten en oare eveneminten (as dy bûten de beboude kom plakfine) in ad hoc-parkearterrein ynrjochte wurdt yn in greide. Faak wurde parkearterreinen oanlein mei skeanparkearfakken, wêrby't auto's skean delset wurde. Dat makket it foar de automobilisten makliker om yn- en út te parkearjen, mar smyt wol in protte romte wei.
Foarhinne koe men op 'e measte plakken fergees de auto kwyt, om't dat goed foar de ekonomy wie (de winkels woene ommers safolle mooglik klanten hawwe). Sûnt de 1980-er jierren is men lykwols begûn om it gebrûk fan auto's yn 'e binnenstêd safolle mooglik te ûntmoedigjen, en dêrom moat men tsjintwurdich frijwol oeral foar parkearjen betelje, útsein op priveeparkearterreinen dy't eigendom fan grutte winkels of ynstellings binne. De measte parkearterreinen hawwe in stikmannich hendikepteparkearplakken, dy't meastal sa deun mooglik by it plak binne dêr't men ornearret dat de measte brûkers fan it terrein hinne moatte, sadat lju dy't min rinne kinne net grutte ôfstannen hoege ôf te lizzen. Hendikepteparkearplakken binne wer te kennen oan in blau warskôgingsboerd mei yn it wyt in piktogram derop fan in mantsje yn in rolstoel. De measte iepenbiere parkearterreinen hawwe tsjintwurdich ek ien of mear oplaadstasjons foar elektryske of hybride auto's.
Parkearterreinen binne faak boarnen fan wetteroerlêst, fanwegen it grutte oerflak oan ûntrochlittich weidek. De measte terreinen hawwe gjin of frijwol gjin behearske fuortlieding fan reinwetter, mei as gefolch dat by stjalprein it rioel yn 'e neite fan in grut parkearterrein al rillegau net mear al it wetter oankin. In soad moderne parkearterreinen hawwe dêrom grienstreken tusken de rigen parkearfakken yn, dy't faak oanplante binne mei hagen en/of lytse beamkes. Sokke ûnderbrekkings fan it tichte weidek losse in grut part fan it wetterôffierprobleem op. Yn 'e binnenstêden, dêr't de grûnprizen oer it algemien heech binne, foarmje parkearterreinen yn 'e eagen fan projektûntwikkelders in djoere fergrieming fan bougrûn. Dêrom wurde dêr tsjintwurdich almar mear parkeargaraazjes boud, dy't ûnder de grûn ûnder oare gebouwen oanlein wurde kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|